mor en saaklike, krekte arguminten fierd waarden.
It wie ek yn dyn tiid dat hy syn earste gedichten makke, foar my wûnders fan poëzy. Letter sei er: ‘Och, it wie mar in besykjen.’
Nei de oarloch - Freark kaam skeind út it konsintraasjekamp werom - ha wy inoar wat út it each ferlern. Hy learde troch as dichter en taalkundige en waard in master yn dy beide taaldissiplines. Dat koene benammen de lêzers fan de Drachtster Krante witte, dy't dêr each en ear foar hienen, doe't hy dêr haadredakteur fan wie.
Syn grutte tiid kaam, doe't hy konservator/direkteur fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaesjesintrum waard. Dat wie it wetter dat er oer alle boegen en mei alle winen besile koe en ek woe.
Freark is al sechtjin jier by it flmd wei, mar der is fertriet by meiwurkers en âld-meiwurkers, bestjoersleden en âld-bestjoersleden. En ik bin frege om jimme dat fertriet oer te bringen mei't hy noch altyd as ien fan harren beskôge wurdt. Altyd ree in frage te beäntwurdzjen, in tekst te lêzen en kommentaar te jaan. Dat gie dan altyd earst mei kompliminten en dêrnei mei suggestjes.
De lêste kontakten dy't Freark en ik hiene, gyngen - hoe koe it sa treffe - oer Ychten en Eastersee. Ik hie wat oer dy streek skreaun en woe graach dat it wat sprekke soe ta minsken dêr dy't it lêze soene. Ik frege him it mei dy eagen te besjen. Dat hat er dien op 'e manier sa't hy en wy dat wend wiene.
Pytsje, bern, oantroude bern, pakesizzers, jim kinne rekkenje op it meilibjen fan in soad freonen en kunde fan Freark yn jimme fertriet.
Ik woe ta beslút it twadde part fan it gedicht ‘Tsjûkemar’ foarlêze:
Gjin grutter tsjoen kin 'k my betinke
as wat him by 't lemieren op in stille maitydsmoarn
soms iepenbiere. Dyn mânske wettermacht wie nachts
ta rêst komd oant de fierste iggen ta.
Ien pearelmoeren spegel wie it dan,
dêr't har de jonge sinne yn baaide.
En dêr't ik, bern eins noch, fan wist
dat der foar 't minsklik moed gjin better byld
te finen wêze soe fan wat ús geast en stof
yn sillich bûn oan treast en ta ferhef
te bieden ha. Sa blak, sa rom, sa klear
en bûnt en transparant en tagelyk
sa alderleaflikst en sa ûntrochgrûnber
ast dêr dan leiste en ús de himel wiisdest
en hoe't de wrâld dêrûnder tilde,
Tekst fan de betinkingstaspraak, holden by de begraffenis op tiisdei 9 july.
Mei de tiid ferskynt yn ús rige oeuvre-artikels in skôging oer Freark Dam syn dichtwurk. - Red.