twiljocht op 'e seedyk
swarte wolken (wite krunen)
driuwe djipper it gea oer
wa't gersket, wurdt griis
fermoedens, ferwachtings,
slaan op it lamjen gjin acht
wurde opnaam troch de wolken
traapje de lucht yn ûnmacht
Koart foar syn ferstjerren op 29 juny 2002 hat Sikke Doele dizze twa fersen útsocht foar publikaasje yn Trotwaer. Se komme út de bondel Longereilân, dy't fan 't hjerst by de Friese Pers Boekerij ferskynt. - Red.