Dwersreed
Doeke Sijens
It Frysk in yllúzje Wa't yn Itaalje yn 'e omkriten fan Aosta komt, fynt dêr allegear plakken mei Frânsktalige nammen. It is in oantinken út de tiid dat de minsken dêr noch Frânsk praten. Mooglik dat âlderen yn doarpkes yn 'e bergen noch wol in Frânske tongfal ha, fierders slacht tsjintwurdich it Italiaansk foar master op.
Stel, de oerheid lûkt de hannen fan it Frysk ôf. Gjin subsydzje mear foar allegear inisjativen en ynstânsjes om it brûken fan it Frysk te stimulearjen. Hoe lang soe it duorje ear't yn Fryslân dan allinnich noch in plaknamme as Hurdegaryp nei in Frysktalich ferline ferwiist? Ien generaasje? Twa? Want dat it Frysk spontaanwei bestean bliuwe sil, dat is fansels in yllúzje. Fryslân is wat de taal oanbelanget in reservaat. Lykas de skries kin de taal net oerlibje sûnder beskerming. Wie dy stipe der net, dan soe der fan it Frysk mar in bytsje oerbliuwe.
Hoe slim is dat, it ferdwinen fan it Frysk? Soenen der wier in soad minsken om treure as yn 2040 allinnich noch wat âlderen Frysk praten en as fierders elkenien it Hollânsk brûkte?
Yn elk gefal soe it opjaan fan de striid om it Frysk te behâlden in soad foardielen ha:
• | Net ien hat mear argewaasje fan it Frysk dat op Omrop Fryslân brûkt wurdt. |
• | De twataligens hoecht skoallen, bedriuwen of gemeenten net mear troch de strôte treaun te wurden. |
• | Men kin sûnder gewissebeswieren allinnich mar Hollânske boeken lêze. |
• | Skriuwers hoege net mear by elke rigel it wurdboek der by te pakken om te sjen oft it wol geef Frysk is. |
• | Nije ynwenners hoege net mear twongen te wurden it Frysk te learen. |
• | Amtners hoege har net mear te ferbrekken en wurde in stik freonliker |
Wat langer as men der oer neitinkt, namste oantrekliker wurdt it idee. Want, lit ús earlik wêze, soe it op it wurk, by de famylje fan de oare kant, by de dokter of de buorlju net folle nofliker wurde as wy allinnich it Hollânsk brûkten?
Fansels, it is spitich foar de minsken fan It Fryske Boek, de Afûk of it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (mar dat giet dochs al ferlern). Foar de Fryske Akademy bliuwt alles gelyk: dy bestudearret altyd al histoaryske ûnderwerpen as de tiidwurden dy't Gysbert-om brûkte.
Soe de ‘gewoane’ Fries it slim fine? Wel nee! Dy fynt skûtsjesilen, aaisykjen, keatsen of fierljeppen folle Frysker as de eigen taal. Oars wie der dochs wol mear entûsjasme foar it behâld fan it Frysk? En dy sporten kinne de kommende ieuwen gewoan mei dy moaie âlde Fryske wurden oantsjut wurde. Bliuwt der dochs noch wat fan it Frysk oer.