Moed en bedroch
De paradoks fan it hurdfytsen is dat eale heldemoed lykop rint mei lytsheid en nearzichheid. Salang't it hurdfytsen bestiet wurde fenomenale atletyske prestaasjes, ûnfoarstelber lijen, linich fermongen mei list, leagen en bedroch. Sa seach de earste winner fan de Tour de France, Maurice Garin, der neat ferkeards yn om de dreechste einen mei de trein ôf te lizzen en yn 1999 hearde ik yn in brt-reportaazje dat santich persint fan de Belgyske amateurkoersen ferkocht wiene.
Michel Pollentiers, in hiel grut koereur, levere de urine fan syn skoansuster yn en waard út reden fan swangerskip diskwalifisearre. De legindaryske Wim van Est hat yn de neidagen fan syn prachtige karriêre in ûnnoazele nijkommer noch ris goed mei de fytspompe neisjoen: de sûch woe him de oerwinning net om 'e nocht kado jaan. As earbetoan foar dit suver hâlden fan de hurdfytssport is Wim van Est leanne mei in stânbyld, in strjitnamme en ferheffing yn de adelstân.
Nearne binne ferhâldings feodaler as hjir: al desennia regeare like izeren as ûntrochsichtige wetten it peloton. Wa't him der net oan hâldt, tekent syn sportive deafonnis lykas de earme, jonge en talintearre Benonie Beheyt ûnderfûn, doe't er him yn de finale fan it wrâldkampioenskip net ynhâlde koe en samar syn ‘patron’ Rik van Looy foarby ried. Ferspijd en útkotst, noait wer in wedstriid riden.
List en bedroch, trochstutsen kaart, doping - en dochs rûkt it swit nearne earliker as yn de ‘wielersport’. Dat komt troch de gigantyske ynspannings dy't dermei anneks binne, de ûnminslike swierte fan de parkoersen, de lingte fan de etappes, de steile Alpen en Pyreneeën, de hel fan de wrede en sjippeglêde kasseien.