Lege pleatsen
Dy pleatsen op it plattelân wurde in probleem. No al sjogge jo âlde auto's, âld izer, karavans en boaten op plakken dêr't oars de rûchskerne stie. Ofwiksele troch kreaze wenbuorkerijen. Dy passe yn wêzen noch it bêst yn it Fryske lânskip. Dêrom binne de gemeenten dy't pleitsje foar lytse ambachtlike of technyske bedriuwen yn de pleatsen, net goed dwaande. Bedriuwen op 'e romte jouwe faak rommel. Technysk heechsteande bedriuwen sille har net sa maklik yn in pleats ûntjaan. En as se groeie moatte se ek wer útwreidzje. Dan fersteure se wer it lânskip.
Boppedat, bedriuwen passe by de besteande bebouwing. As jo in bytsje fan Fryslân hâlde soargje jo derfoar dat bedriuwichheid by stêden en doarpen komt.
Dêrom pleitsje ik foar in ferbod op it opsetten fan bedriuwen yn lege pleatsen. It levert net folle wurkplakken op en it stiet raar yn it lânskip. De iennichste bestimming soe bewenning wêze moatte. Dat past ek hielendal yn dizze tiid. Sjoch wat minsken foar in hoeke frije grûn oerhawwe. Der wurdt troch de Provinsje romte jûn foar it stiftsjen fan in ‘landgoed’ oftewol in bûtenpleats. Dêr hoecht lykwols gjin nije romte foar reservearre te wurden. Elke pleats is yn feite in bûtenpleats of in State. Lit lju mei sinten dêr har jild ynsette. Fansels moatte der dan stringe easken steld wurde oan de ferbou en de beplanting der omhinne. It byld fan Fryslân moat der better fan wurde. Dêr hawwe wy allegearre wat oan. Wa't dan op in State wenje wol, moat der mar fiks foar betelje.
It is saak dit net op syn beloop te litten, mar der provinsjaal stjoer oan te jaan. Oars bliuwt it in hap-snap belied mei op 't lêst in fertutearze Fryslân.