moatte jo yllegaal besette. Nei in lytse omskarreling hat Bouke syn plakje dochs rillegau fûn. Hy slút him oan by de yllegale jeneverstokers en skarrelet in moai wyfke op dat wol ‘fan dattum’ mei Bouke dwaan wol. Dit ferhaal ûntspoart kwa opbou hielendal. It petear mei God, dy't Bouke yn 'e himel moetet, stiet yn gjin ferhâlding mei de rest fan it ferhaal, en ek de psychologyske ûntjouwing dy't Bouke trochmakket kin net oannimlik makke wurde.
Itselde jildt foar it ferhaal ‘Loslitte’ wêryn't in frou it libben net mear oppakke kin nei't har man in auto-ûngemak hân hat en weirekke is. At se op in dei de geast fan har man moetet, sjocht se dalik yn dat it oars moat en kin se it libben wer oppakke. In soartgelikense antyklimaks fine wy yn ‘De duvel te glêd ôf’. De ‘tûke’ fûnst fan de boer, dat er mei de duvel meigiet nei de hel at er earst syn nije skuon oanlûke mei (hy hat nammentlik gjin nije skuon), docht tige forsearre oan.
Hat de skriuwer it himsels net oan tiid dien om ditsoarte ferhalen út te wurkjen? Of moatte wy se sjen as datjinge dat Van der Kooi nei oanlieding fan âlde folksferhalen yn in nij jaske ‘in ferskowing fan it earnstige nei it humoristyske’ neamt? Yn dat gefal soe it Riemersma te dwaan west hawwe om de satire op (de moraal fan) it folksferhaal, sadat psychology en ferhaalstruktuer op it twadde plak komme. Dit soe ek de platte erotyk, dy't sa no en dan suver wat pornografysks krijt, ferklearje.
Waard in tsiental jierren lyn noch hiel hoeden omgien mei de seksuele ferwizingen dy't yn folksferhalen in soad foarkomme, yn Salang't de beam bloeit frije de persoanen, sa't wy dat wol fan earder wurk fan Riemersma wend binne, omraak op inoar om. Ferbjusterjend is hoefolle synonimen at Riemersma wol net wit foar de seksuele died: ‘hynderje’, ‘de bûkeman yn it prûmke skowe’, ‘jûtse’, ensafuorthinne. It ferhaal sels wurdt net altyd sterker fan dizze op himsels aardige fynsten.
Stadichoan krije jo by lêzing fan de ferhalen yn Salang't de beam bloeit it idee dat it hjir wol om in eigen ynterpretaasje fan it folksferhaal gean moat, dêr't de parody in wichtige rol yn spilet. Hoe moatte oars de bytiden pynlike klisjees opfette wurde, bygelyks yn ‘De beurs dy't net leech rekke’: ‘Miskien gyng it ek net om God of duvel, mar lei it oan de minske sels wat er der fan makke. In minske waard in kâns bean en hy koe dy oangripe of fergrieme. By einsluten wie net God of de duvel, mar de minske sels ferantwurdlik foar syn dwaan en litten.’ (s.163)
Jurjen van der Kooi fernuvere him der yn it Frysk Deiblêd oer dat júst Riemersma no in bondel mei folksferhalen skreaun hat. It hie yndie frjemd west at Riemersma it folksferhaal net op in eigen manier bewurke hie. Yn Salang't de beam bloeit hat er syn eigen fersje fan it folksferhaal skreaun. Dat er oer it einresultaat hjir en dêr net wat kritysker west hat, is spitich. Want dat er in moai ferhaal skriuwe kin, wisten wy al.