En Bruinsma is der yndied yn slagge en foldoch oan dizze swiere easken. De neifolgjende strofe yllustrearret syn fakkundige oanpak:
Dus es minnen werc boven al ghedreghen
Ende al met haren stercken beleghen
Hare waghe hevet alle waghen verweghen
Hare en es gheen vlien, men ga hare jeghen.
Bopp' eltse driging stiet Minne skâns.
Hja is mei har sterkte elk leger oermânsk.
Har lêst waacht it swierste yn eltse balâns.
Gean moedich har tsjin, want op flecht is gjin kâns.
It âlde Hadewych hânskrift libbet wer as in hert.
De Arthurroman Hear Gawain en de Griene Ridder, troch Klaas Bruinsma lyksa yn it Frysk oerset, is om 1400 hinne makke. De anonime auteur moat wol in geniaal man west ha, dy't net allinne op 'e hichte wie mei de klassike literatuer, mar ek mei it hoflibben. Hear Gawain is it boeiend relaas fan in ridder dy't him yn mannich noedlik aventoer stoart. It ferhaal bestiet út fjouwer sangen. Yn 'e earste sang fernimt men fuortendaliks de ynfloed dy't de Klassike Aldheid sûnt de tolfde ieu op de Ingelske literatuer hie: ‘en fier oer de Frânske see lei Brutus / op gâns grutte heuvels de grûnslach fan Brittanje.’
Dat de mytyske ferhalen dy't de Britten (Kelten) inoar ieuwenlang fertelden likemin fergetten wienen, docht wol bliken út de reaksje fan ‘de Grutte Griene’ doe't Gawain him de holle fan de romp ôfsloech: ‘Lykwols wankle of wifke de wisse alhiel net / mar stoer stoep er fuort op syn sterke skonken. / En rimpen roetst' er troch de rigen fan de ridders, / fette syn fraaie holle en fuort tild' er him op.’
De Griene Ridder hie Gawain útdage op betingst dat dy oer in jier en in dei letter by him komme soe om in klap werom te krijen. Sûnder mis koe er dat kritike momint gjin dei fan him ôfsette. De dichter hat syn situaasje beskreaun lykas dat yn de âlde Keltyske ferhalen barde. De natuer spilet dêr in wichtige en tagelyks symboalyske rol yn. It ferrin fan Gawains aventoeren wurdt oanjûn mei de gong fan de fjouwer seizoenen.
Fierders fynt men ek noch kristlike ynfloeden werom. Sa toartelen Gawain en de kreaze gastfrou algeduerich ominoar hinne, by ôfwêzigens fan de gasthear, mar foar't se har deljoegen, ‘doe betrouden hja betamsum elkoar ta yn Kristus’.
Hear Gawain en de Griene Ridder is in bysûndere oanwinst foar Fryske lêzers, tinkt my. It boek nimt jin mei yn in spannende draaf en it sit fol humor. De alliterearjende rigels binne in geniet foar de earen as men de fersen lûdop lêst. Men bliuwt nearne stykjen, want Bruinsma fynt altyd in útwyk. Of hy stâlet wurden om, of hy lient guonts út in oare taal, it Frânsk bygelyks: ‘en brille en blonk as de blanke sinne’. Foar elkenien dy't Frysk lêze kin, is dit prachtige ridderferhaal tagonklik. De ynlieding en de noaten hawwe ek noch de lêste hulten sljochte.
Gedichten oersette falt net ta, soks komt hiel wat oan te pas, lit stean fan immen dy't sa ferneamd is lykas Vergilius. Dochs hat Klaas Bruinsma al foar de twadde kear sa'n dreech kerwei útfierd, earst Bûtalika en dêrnei Geórgika, beide fan Vergilius. De dichter libbe yn 'e tiid fan keizer Augustus. Doe't Mecenas, de neiste meiwurker fan de keizer yn 'e gaten kriich, mei Vergilius is eare te beheljen, wie er ûnder de pannen.
Yn in tiid dat lân en boerestân swier te lijen hân hienen fan oarloggen, beseften Augustus