En noch lang gjin ein
Johan van der Zee
Jan Pieter Janzen, En gjin ein. Stikken en stikjes 1972-2000. Omslach en binnenwurk BW H ontwerpers (Douwe Huitema). Koperative Utjowerij, Boalsert 2001. 216 siden. € 14,50.
‘It moat in sjoernalistyk ferhaal wurde.’ - Dat is de opdracht. In sjoernalistyk ferhaal oer En gjin ein fan Jan Pieter Janzen.
Wat is dat, in sjoernalistyk boekbesprek? Ik wit it net krekt. Alle boekbesprekkers besykje in lêsber stik te skriuwen, mar komme yn de measte gefallen wol op har eigen literêre spesjaliteit út. Sy ha al sa'n soad boeken lêzen en witte wêr't se nei sjen moatte. Ek in foarm fan sjoernalistyk tink ik, mar wol spesjalistysk. Ik bin gjin boekbesprekker, wol in soarte fan sjoernalist, mar dan mear in waarnimmer, omdat ik tillevyzjeprogramma's makke.
Ik bin mar begûn mei it boek te lêzen sa't in soad lêzers, dy't it fierder ek drok ha, dat dogge: op bêd, foar it sliepen. Elke kear in pear stikjes. Yn fjouwer wike wie it boek út. En dan, dan moast der wat oer opskriuwe. Sjoernalistyk. Dus earst mar even: wat foar boek?
En gjin ein, stikken en stikjes, optekene tusken 1972 en 2000 troch Jan Pieter Janzen. It bin hast allegear artikels dy't Janzen yn De Strikel dêr't er redakteur fan wie en letter yn Trotwaer dêr't er no einredakteur fan is, publisearre hat. Biten en brokken fan de fisy fan in man dy't al tritich jier belutsen is by wat ik foar it gemak mar even de ‘Fryske Kultuer’ neam en dêr graach oer skriuwt. Tagelyk wit ik dat ik him dêrmei tekoart doch, want hy skriuwt ek oer persoanlike dingen, oer de oarloch en de jeugd-fan-hjoed-de-dei.
It is kreas opdield: alve haadstikken. It giet oer kultureel ferskaat, oer de Fryske skriuwerij, oer de regionale omrop, de oarloch en de jeugd en oer noch folle mear, mar ik wol it hjir net allegearre opneame. Dat is ek sjoernalistyk: in kar dwaan.
Ik wol yn dit stikje in pear biten yn it boek sette, dêr myn kommentaar op jaan om dêrnei sizze te kinnen wat ik fan it hele boek fyn.