Greet Andringa (1971) is arts by de ferslavingssoarch yn Ljouwert en studearret humanistyk yn Utert. Publisearre yn 1992 it Hollânsktalige ferhalebondeltsje De kristallen stad, mar skriuwt en publisearret sûnt in jiermannich leaver yn it Frysk. Is redakteur fan Hjir. |
Joop Boomsma (1945), learaar Nederlânsk oan in fierste grutte skoallemienskip yn Ljouwert.
Publisearret yn 't Frysk (yn alle mooglike rubriken) sûnt 1968, mar it ourûne desennium benammen as misdiedauteur. Wennet yn Menaam. http://members1.chello.nl/~j.boomsmao2/ |
Sjoerd Bottema (1948), learaar Nederlânsk en Frysk yn Ljouwert en redakteur fan Trotwaer. Yn 2001 ferskynde syn trêde boek, It aai fan Siderius, in ynspekteur Hofstra mystearje. |
André Bralts (1945), net praktisearjend doktorandus Frysk. Ald-redakteur fan De Strikel. Wurket mei syn maat Joop Douwma oan in cd-syklus fan Grinslanner libbenslieten: Woarom nait 1 t/m 10. |
Joke Corporaal (1979) studearret Nederlânsk yn Grins en hopet fan 't jier ôf te studearjen op de literêre kritiken fan Anne Wadman. |
Babs Gezelle Meerburg (1964) wurket by de Fryske Akademy te Ljouwert oan in biografy oer Anne Wadman. Se is as dosint Letterkunde en Taalbehearsking ferbûn oan de stúdzje Frysk oan de Universiteit van Amsterdam. Foar de Ljouwerter Krante skriuwt se poëzykritiken. |
Jan Pieter Janzen (1945) is learaar skiednis en ckv1 en (ein)redakteur fan Trotwaer. Skriuwt oer skiednis, kultuer, polityk en media. Yn 2001 ferskynde En gjin ein. Stikken en stikjes 1972-2000. |
Steven de Jong (1935) wie dosint Nederlânsk en redakteur fan quatrebras en Trotwaer; skriuwer fan fersen, kritiken, essays, ferhalen en de (autobiogafyske) roman De Wuttelhaven del (Gysbert Japicxpriis 1992). Syn nijste boek is Swarte egen, in ferhaal út Earnewâld om 1730 hinne (2001). |
Jitske Kingma (1959) debutearre yn 1989 mei it reisferhaal In dûk yn 'e Ganges, yn 1999 oanfolle mei In twadde libben. Wurket by de ynternet-útjouwerij Gopher Publishers yn Grins en is redakteur fan Trotwaer. |
Huub Mous (1947), keunsthistoarikus, is as konsulint foar byldzjende keunst ferbûn oan Keunstwurk en direkteur fan it Frysk Festival. |
Jantsje Oost (1943) wie learkrêft yn it basisûnderwiis, publisearre yn Hjir en wûn yn 1998 in Rely Jorritsmapriis mei in gedicht. Is redaksjelid fan it Frysk Skriuwerskalinderboek. |
Syta Palma (1936) studearre Frânsk yn Utert en Frysk yn Grins, wie learares Frânsk yn Grins. Resinsearre Frânske literatuer yn it Nederlands Dagblad. Jout taalûnderwiis en pastorale soarch oan Frânsktalige asylsikers. |
Coen Peppelenbos (1964) is docent aan de Noordelijke Hogeschool, recensent bij de lc, schrijver van diverse schoolboeken en hoofdredacteur van Tzum. Is bezig met een roman en een dichtbundel. |
Mette Meinou Piebenga (1944) hat in heale baan yn it basisûnderwiis en fersoarget kursussen foar de afûk. Skriuwde koarte ferhalen yn ûnderskate sammelbondels en krige twa kear de Rely Jorritsmapriis (1990 en 1993). |
Durk van der Ploeg (1930). Wennet te Feanwâlden. Wurket as skriuwer. Lêste publikaasjes: ‘Fedde Schurer: dichter en dieder’ (essay) yn de bondel Ik bin jim sjonger, It wurk fan 'e duvel (roman) en Under de seespegel (ferhalen). |
Jan de Vries (1939) wie sjoernalist, foarljochter, feefoer- en suveldirekteur. Hâldt him no dwaande mei in stikmannich kommissariaten en bestjoersbaantsjes yn 't Fryske Kulturele fermidden. Skreau toanielstikken, bondels mei koarte ferhalen en wûn twa kear in Rely Jorritsmapriis mei in gedicht. |
Atze van Wieren (1943) woont in Buitenpost en is als loopbaanadviseur verbonden aan de rug. Hij schrijft korte verhalen en gedichten. Publiceerde in diverse literaire bladen. Won verschillende prijzen, waaronder de sns-Literatuurprijs 2002. |
Gerrit de Wilde (1941) beeldend kunstenaar te Makkum. Woont in Fryslân sinds 1967. |
Johan van der Zee (1942) wurke as redakteur by de Fryske Utstjoering fan de Regionale Omroep Noord en Oost, wie dêrnei (oant maart 2002) redakteurferslachjouwer yn Fryslân by it tv-programma Van Gewest tot Gewest. Skreau yn Frysk en Frij oer media. |