Wittenskiplike bibleteek
De earste doelstelling fan de Ferring Stiftung is it libben op it Noardfryske Waad te ûndersykjen, de tradisjonele kultuer te bewarjen en de libbensomstannichheden te ferbetterjen. It twadde doel is it befoarderjen fan de Fryske taal en kultuer, ek fan oare lytse talen. As lêste stimulearret de Ferring Stiftung medyske projekten. Fierder wurde sympoasia en lêzingen organisearre, ûndersyksopdrachten en beurzen ferliend en wurdt in priis útrikt. De Stiftung jout ek boeken út, lykas berneboeken yn it Ferring en kertiersteaten. Wurke wurdt oan in kapteinsregister fan Fearer seelju. It neamen wurdich is it byldargyf mei foto's fan skippen en persoanen.
In wittenskiplike ynstelling kin fansels neat begjinne sûnder in bibleteek. It giet hjir om in Wissenschaftliche Spezialbibliothek mei tige spesjalisearre ynformaasje en eksklusyf materiaal op it mêd fan taalwittenskip, skiednis, geografy, minderheden, lokale argeology en seefeartskiednis. De boarnen binne Frysk, Deensk en Dútsk. Der binne kontakten mei tal fan oare ynstellings, ferienings en útjouwerijen.
Sûnt 1988 besiket de Ferring Stiftung om ‘aalern, frinjer, spriik an taarep’ (âlden, freonen, sprake en doarp) foar it neiteam te bewarjen. Dat in lyts, regionaal ynstitút soms ûnmisber is by it tastânkommen fan nijsgjirrige plannen, bewiist de publikaasje fan it krekt ferskynde Handbuch des Friesischen.
(Mei tank oan Uta Seidemann, Alkersum)