Libbenselikser
Jitske Kingma
Fange
‘Hjiryn?’
Annette seach sunich nei it gefal dat noch it meast op in útholle beamstam like. Wy soene der tegearre in pear dagen op út, hie ik as aventoerlike ferrassing foar har betocht.
‘Sterker noch, it is in beamstam’, sei ik, ‘en feilich as dyn eigen bêd.’
Wat knoffelich stapte se yn. It wetter flutste oer de râne en doe't se sitten gong hie se fuort in wiete kont.
‘Lekker,’ knikte ik en makke noch wat mear wetter doe't ik efter har sitten gong.
‘Wat is dat in aparte keardel,’ sei Annette en wiisde op ús roeier.
‘Begjin no net fuort te fobieën, wy sille tegearre wat beleve en silst bliid wêze datst dyn groep in pear dagen byebye tute hast.’
Annette lei har der sa't like by del en gong tsjin my oan sitten. Wat in frommis. Dat ik dy samar út 'e klauwen fan de fan dei ta dei organisearre groepsûntdekkingsreizgers rêden hie. Wat in ynjouwing, dat lette pilske.
‘Sjoch, dy beamstam. Krekt it patroan fan in roppich krokodiltsje,’ pleage ik om har gjalpe te litten.
‘Sssssssh,’ sei ús roeier en mei beweegde it patroan. It bist ferdwûn yn in sydwetterke.
‘Wêrom pakt er ús net,’ frege ik sabeare moedich.
‘Jim stjonke,’ sei de man.
Ik rûkte oan Annette har wylde-sjampo-flecht, har dwylmeitsjende parfum en hâlde it op har faktor 45. Dat stie it fierste fan de natoer ôf.
Op in lyts eilantsje mei oaljefantedrollen bakte de roeier in linich fongen fiskje, ûnder ús healwize kreten: ‘Ooo, wat is er sterk, och wat is er handich, in èchte man kin der wat fan.’
‘Ite,’ sei de man en it foel my ynienen op dat er sa skeel seach.
Annette waard sa dryst dat se it fiskje opiet, mar my griisde it swarte pantsje oan.
De man roeide de hiele middei troch. Hy begûn der by te sjongen, stadich en melodieus. Annette rekke fuort ûnder de tsjoen fan dat lûd en foel tsjin my oan yn 'e sliep. Mar ik waard der ûnrêstich fan, der siet in frjemde klank yn, dy't my benearre. Der kaam gjin ein oan 'e tocht. Pas doe't it begûn te skimerjen, lei er einlings oan. Ik makke Annette mei in soad muoite wekker en doe't se har eagen iepen die, wie it tropyske tsjuster al fallen.
Hy begûn wer te sjongen, sêft, mankelyk en klapte no en dan yn 'e hannen.
‘Ik haw sokke nuvere dreamen hân, der siet wat yn dy fisk,’ sei Annette.
De roeier gjalpte even en lake dan, lûd. Mei treau er de boat in ein fan it eilân wei. ‘Net mear nedich,’ rôp er.
‘It kloppet!’ raasde Annette, ‘dat dreamde ik ek! En mei it mes fiket er dy de fingers ôf, krekt as de finnen fan de fisk. Hy drinkt bloed as molke en skuort dy it fleis fan de bonken.’ Ynienen hearde ik frjemde lûden, sjongende stimmen. It klonk as de melody fan de roeier. It like as kamen se tichterby. Annette gjalpte: ‘Se binne mei in hiele protte!’
Ik pakte myn mes en stuts it nei foaren. De roeier pakte it ôf en skattere it út. Mei ljochte der in kampfjoer op. En om 'e flikkerjende flammen dûnsen de minsken fan Annette har groep. It wie dei fyftjin. Programmapunt: Oernachtsje mei in ynboarling. Se hiene krekt in liet leard.