| |
| |
| |
It lêste ynterview
Jelle Kaspersma: It ûnferstân is oan 'e macht
Henk van der Veer
Wat it Frysk oanbelanget skriuw ik deiboeken en sa no en dan ris in gedicht. Wurk oersette yn it Frysk doch ik net mear. Der sit tefolle enerzjy yn en it smyt neat op. Faaks dat der ea noch ris in bondeltsje mei fersen yn it Frysk ferskine sil, mar publisearjen yn tydskriften doch ik net mear, likegoed dat dit myn lêste ynterview is. Fersen en ferhalen sille tenei yn it Hollâns ferskine. Ik ha in útjouwer yn Haarlim en de besprekkers dy binne earlik en op nivo. Boppedat is in optreden yn it Westen altyd in feest. In skriuwer wurdt dêr altyd goed en korrekt behannele. Der is altyd plak om te sliepen, it drinken is ûnbeperkt en it jild wurdt nea oer seurd. Dêr is gjin ferskil yn behanneling tusken Hollânse en Fryske skriuwers.
Dat seit Jelle Kaspersma (1948), de dichter dy't al jierren yn Noardwest Oerisel wennet en al mear as fiif en tritich jier skriuwt. As ik him oan it begjin fan ús petear fertel dat in oars ynteressearre lêzer fan Fryske boeken op myn fraach oft er wol ris fan Jelle Kaspersma heard hie it antwurd skuldich bliuwe moast, stekt de skriuwer fan wâl foar wat dus syn lêste ynterview foar in Frysktalich tydskrift wurde sil.
| |
Kasper Jellema
Gjin wûnder dat sa'n man freget wa't Jelle Kaspersma is. Soms wit ik it sels mar kwalik, om't ik al wer in jiermennich oan 'e medisinen bin. Dy moatte mij kalm en de bloeddruk op peil hâlde. Neffens de hearen en dames doktoren giet it benammen de lêste tiid tige goed mei mij. It sil allegear wol sa wêze. Mar it measte dat bart giet bij mij lâns. Foar de goede oarder haw ik in pear feiten opsocht.
Op 2 maaie 1948 waard ik berne yn Snits. Nei in pear jier ferfearen wij nei Warkum, doe nei Warns en op 2 maart 1959 bedarren wij yn Starum. Op 15 novimber 1971 waard ik soldaat-tekener yn Assen en sûnt 1 febrewaris 1973 bin ik skoalmaster yn Genemuiden. Dêr haw ik wenne oant en mei 31 oktober 1991. Fanôf 1 novimber fan dat jier hâld ik ta yn Kampen op in ideaal wenplak.
Yn Starum wie ik fiskersfeint yn 'e fakânsjes, fan 1 july 1962 oant en mei 14 novimber 1971. Ein 1965 skreau ik myn earste fersen yn it Hollâns en op oanstean fan Bartle Laverman bin ik yn 1968 út ein setten mei it skriuwen yn it Frysk. Myn Fryske fersen wiene te beharkjen op Operaesje Fers. Yn Snits ha wij koart in soarte fan dichtersploech hân. Bartle, Binne Lútsen Boarnstra, Tsjêbbe Hettinga, ik en guon tekeners. Kofjebar De Witte Kat wie ús ûnderdak.
Yn 1974 debútearre ik mei Loft-lân en sé, in bondel dy't ik mei Tsjêbbe Hettinga makke ûnder de pseudonimen Kasper Jellema en Hette Tsjêbbinga. Dat saneamde debutearjen wie mear in wykeingrap. Tsjêbbe wie in pear dagen op besite en doe ha wij dat boekje yninoar draaid. Syn earste bondeltsje, Yn dit lân,
| |
| |
dat ik tekene en opskreaun hie, wie in jier earder samar útferkocht.
Ik wie yn 1970 fan doel om te debutearjen bij de Q, mar Reinder van der Leest wie min te sprekken oer myn fersen. Josse de Haan seach der noch wol ljocht yn, mar ik haw it dochs oer gean litten. Eins spitich. Yn 1971 debutearre ús Witte Kat klup fan jong oanstoarmjend talint mei de bondel Ut 'e Fryske Boezem. Der waarden in stikmennich boekjes proefprinte, mar de folchoarder wie net goed. Sadwaande is dy bondel nea op 'e merk kommen. Anne de Vries, Hiske Rypma, Binne Boanstra, Tsjêbbe Hettinga en ik woene it der doe mar bij litte, it soe tefolle kostje om de boel yn 'e goede folchoarder te printsjen.
Ek spitich dus. Mar om sa in bân mei Fryslân te hâlden, nee, dat hat myn doel nea west. Ik koe mij better uterje yn it Frysk as yn it Hollâns, sa simpel wie dat.
| |
Gaellemunegers
Letter publisearre ik wol yn beide talen. Mei taal berikke je in grutter publyk as mei skilderjen en tekenjen. Taal is sljochtwei it medium dat mij it bêste leit. Keunstners brûke ferve, inket, taal, stien en metaal as in útlaadklep foar gefoelens en tinzen dy't se úterje en diele wolle mei oaren. Mei it Frysk hawwe ik likefolle as mei it Hollâns. It Frysk is foar mij in soarte fan út 'e wei krûptaal wurden dy't mij tige nei op 'e hûd sit. Yn it Hollâns is der mear ôfstân wat gefoelens oanbelanget.
Ik haw oars ek publisearre yn 'e streektaal fan Genemuiden, it Gaellemunegers. Dat begûn mei it bondeltsje Doake, ferhalen en gedichten yn it Gaellemunegers, dy't ik skreau mei Geke Mateboer en Henk Beens. De lju fan 'e IJsselakademie hawwe nei it útkommen fan Doake mij oantrune om noch in bondel gear te stallen. Der wie jild foar, en sa kaam Achter de Tonge yn 1986 út.
Wij hawwe bij it skriuwen in soad wille hân, nei it feestlik ferskinen wiene der in searje literêre barrens. In leafhawwer fan minderheidstalen bin ik net spesjaal. It Gaellemunigers is by-gelyks sa goed as ferdwûn. De bern besykje op it skoalplein Hollâns te praten, it Gaellemuni-gers sa't dat likernôch tweintich jier lyn noch folop libbe is ferdwûn. Sa sil it mei it Frysk ek wol gean.
Ik bin it fierhinne iens mei Céline, it gros fan de minsken is dom, hinderlik, totaal net ynteressearre en folslein oerstallich. Likernôch fjouwer persint fan de minsken hat wat te fertellen. Soks jildt hielendal foar de Friezen. It soe moai oprûmje as dy seisennjoggentich persint eliminearre waard. Ik ha gâns poëzijwurk fan 'e Yndianen oersetten, mar yn Frys-lân is der hielendal gjin belangstelling foar. Ik ha nea heard dat de Friezen der echt op sitte te wachtsjen. Tjitte Piebenga en Josse de Haan fine myn oersettings wol moai. Fierder stie der yn de Snitser Krante wolris in posityf stik oer myn fertalingen. Bûten Fryslân is der gâns belangstelling foar sok wurk.
| |
Kening Wangeunst
It is al wer in jiermennich lyn dat ik in optreden yn Fryslân hie. Dat is gjin wûnder, ik bin gjin lid mear fan It Skriuwersboun en der stiet gjin wurk fan mij yn de Spiegel van de Friese poëzie.
Dy inkelde kear dat myn namme nochris yn in tydskrift of yn in krante stiet, is dat meastal yn in negative kontekst. Ik fertoan mij net op skriuwerswykeinen, bals, boekemerken ensafuorthinne. As ik der efteroan sitte soe, kaam ik grif wer yn 'e spotlights. Mar ik haw gjin nocht mear om mij yn Fryslân te oppenearjen. Bûten Fryslân treed ik ek net sa faak mear op, mar dêr is it teminsten aardich om te dwaan. De minsken dêr hawwe ornaris mear belang- | |
| |
Jelle Kaspersma op de feestlike byienkomst t.g.f. it 25-jierrich bestean fan de Koperative Utjowerij yn 1995. (foto Henk van der Veer)
stelling foar poëzij. En dichters wurde net ûnfatsoenlik en hufterich behannele, lykas yn Fryslân wenst wie, benammen finansjeel.
Nei myn ludike aksje yn Bears bij in útrikking fan 'e Rely Jorritsmapriis yn 1995 [Kaspersma wegere dêr syn priiswinnend gedicht foar te dragen en lies in polemisearjend stik foar], warskôge Jelle de Jong mij foar represailles fan de Fryske literêre kongsy. Hij hat gelyk hân, ek mei syn opmerking dat Friezen oer it generaal gjin gefoel foar humor hawwe. Marten Brouwer wie it dêr folslein mei iens.
Ik bin fan betinken dat al dy negative besprekken fan myn wurk terjochte binne. Ik skriuw minne en ûnbegryplike fersen. Myn poëzij is de muoite fan it lêzen net wurdich. Kening Wangeunst swaait de skepter. Ubu Roi. It ûnferstân oan 'e macht. Tsjerk Veenstra skriuwt yn it Friesch Dagblad fan 25 febrewaris 1995 oer myn fers ‘op 'e brêge’ út 'e bondel Fol gas sudenop: ‘“Pamor” is in Yndiaansk wurd foar wyt izer, dat brûkt wurdt foar it fersieren fan klingen; dêrom ek dy kris yn de skie stutsen fan it moeras. In fiks wurdboek moat der dan wol eefkes by om dat út te finen.’ Pamor in Yndiaansk wurd foar wyt izer, hoe komt er der bij? In kris, dy't klear is, hat in blanke izerkleur. As dat izer bewurke wurdt mei in arsenikumoplossing, kriget it gewoane izer in swarte kleur. It nikkelizer wurdt sulvereftich, dát neame se pamor. No ja, sokke ûnsin stiet dan yn in besprek fan myn fersen.
| |
Ave Marije
Myn lêste bondel yn it Frysk kaam yn 2000 út, Ave Marije. Oer Ave Marije kin grif in soad sein en skreaun wurde, mar nimmen hat mij der nei frege. Ik ha twa besprekken lêzen, mear binne der nei alle gedachten net skreaun. Beide besprekkers wiene tige negatyf, dus sil it wol in hiel minne bondel west ha. Ik leau net dat der folle mis is mei de literêre krityk yn Fryslân. Ik
| |
| |
ha in hege pet op fan Veenbaas, Veenstra, Gezelle Meerburg en Yedema. Allegear grutte geasten dêr't Fryske skriuwers in soad oan ha kinne. Wier it is in bûtengewoan foarrjocht om fan sok folk besprutsen te wurden.
Ik ha oars mei in soad wille oan dy lêste bondel wurke. Der sitte guon âlde ferhalen út Starum yn ferwurke, dy't ik begjin jierren sechtich hearde fan guon fiskerlju op jierren. Fierder it alternative ferhaal fan in histoarikus, de Slach bij Starum begûn moarns om âlve oere op in moandei. Starum hat nei dy tiid oan it bewâld fan Karel V ta in pylgersoarde fan komsa west. Op Leaffrouwedei wie der in prosesje mei Friezen út it hiele Fryslân fan doedestiids. It lytse houten byld, de swarte madonna fan Starum, waard dan rûndroegen. It byld is bij stoarmwaar weirekke yn 'e see, wolle guon hawwe. Oaren hâlde út dat it byld yn Himmelum bedarre is, mar dêr leau ik neat fan. Prosesjes op Leaffroudei ha der yn Himmelum nea west.
Fierder ha 'k guon eigen ûnderfinings út 'e tiid fan 'e wenningkreakerij om njoggenensantich/tachtich hinne yn de fersen ferwurke. Ik haw in skoft ‘ferkearing’ hân yn Amsterdam, dat wie in grut fersin. It omgean mei immen dy't swier oan 'e coke en de speed is, falt net ta, dêr helpt út soarte gjin ferealens tsjin. It wie al in soarte fan Marije, mar dan mear in hillige hoer.
Gerry [Kaspersma syn jong ferstoarne earste frou] har foto stiet op it omkaft fan 'e bondel, wie myn iennichste Marije en dat sil se bliuwe ek. Beskôgje it as in soarte ikoan. It ûntmaskerjen fan de Frouwe fan Starum is guon lju yn it ferkearde kielsgat sketten.
| |
De Geast
Ien dy't affiniteit mei myn wurk hat, sil it wurdearje kinne, mar ien dy't dat net hat, sil der grif gjin muoite foar dwaan om dy fersewrâld yn te gean. Dat is te benearjend en faaks ropt soks eangstgefoelens of gefoelens fan jin net op it gemak fielen op.
Ik set ek allinne mar wurk oer dêr't ik sels affiniteit mei ha. Kjeld, min waar, allinne omfytse yn in ûnbidich grut lânskip, efter op de pick-up oer de highways fan de usa, omswalkje op it wetter, soks jout mij ynspiraasje. Mar eins is it oars, nei sa'n fytstocht gean ik sitten, ik stek in sigaar op, drink kofje mei âlde klea-re en begjin te skriuwen. Ynearsten liket it al-legear neat, mar nei in kertier of sa wurdt de Geast oer mij feardich en dan ûntsteane der rigels dêr't ik fierder mei kin. Ik skriuw dan, tige min lêsber, as in gek, krekt as ha ik wurk om de ynspiraasje foar te bliuwen. As it nei in kertier net bart, kin ik de boel wol ynpakke, dan wol de muze neat mei mij te krijen haw-we. Soms komme mij ûnder it wurk of ûnder it fytsen dichtrigels yn it sin. Dan is it saak om dy rigels te notearjen, letter bak ik der it fers der dan omhinne. It is altyd oerdeis, moarns en middeis. Jûns noait, dat wurdt bij mij neat.
We moatte dit ferhaal mar einigje mei in moaie anekdoate. De deis foar de brulloft fan de Wama's, op 1 febrewaris, wie ik yn Amsterdam. Dêr kaam ik yn in kafee de satirise tekener Willem (Bernhard Holtrop) tsjin. Hij wie dêr om in tal tekeningen fan de keninklike brulloft te meitsen. Hij fernijde mij dat er al jierrenlang lienjild fan de lira krige, foar boeken dy't er noait skreaun hie. Hij wennet sûnt 1969 yn Frankryk, dat ik tocht dat sil Benny Holtrop grif nij dwaan. Willem hat it jild twatrije kear weromstjoerd nei de lira, mar tsjinwurdich giet er der wiidweidich fan út iten. Hij wist net dat der in Fryske skriuwer omdoarmet mei deselde namme.
|
|