Trotwaer. Jaargang 34(2002)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 228] [p. 228] Steven H.P. de Jong muzyk fan it balkon I moarn sille wy miskien net wekker wurde Hear, jou ús sliep en sûzelj' ús yn 'e dream de tekkens slagge de earms om ús hinne de âlde pine glydt dan stadich fan ús ôf en bylden flinterje my troch it brein in rotsblok griis en rûch riist foar myn eagen faaks is 't in stientsje fan it grintpaad nei de doar ik stean der slim ûnhandich foar swalkjend ynsekt troch tinzen en ferhalen yn in taal dy't bloeit en skielk wer dôvet ik klopje oan net ien docht iepen fiere muzyk komt earne fan 't balkon [pagina 229] [p. 229] II evokatyf wat is der dochs mei dat balkon der rûgelje noaten oer de balustrade evokatyf stiet Bach te ratteljen oan 'e tichte doar of is it Mozarts held're serenade de mem fan Ludwig van B. sit stil te hymjen efter it behang please gjin abortus gjin abortus nee in faaie fûgel fluitet moai en lang der rûzet in românse oer de dampe tunen en earne ropt der ien ik kom ik kom dan is it stil hiel stil en tsjuster fan hjoed nei juster is gjin paad werom Vorige Volgende