Tegels
Meinou P.
‘Voici l'addition. Nous espérons que vous avez fait un bon repas’, seit de kompjûter tsjin my troch de koptelefoan. Op it skerm komme trije mooglikheden foar de goede reaksje. Ik sis yn it mikrofoantsje dat foar myn mûle hinget: ‘Nous avons fait un très bon repas, merci.’ It is korrekt, mar ik moat flugger prate, flitst it yn reade letters. Ik klik op in tekentsje foar it sintsje en in frouwestim docht it foar. Ik doch har nei en krij applaus.
Wy sille nei Frankryk. No haw ik my noait sa drok makke om dy taal dêr, want myn man die it wurd en oars rêde ik my wol mei yn it foar betochte teksten. Mar de lêste kear dat wy der wienen, waard dat wol hiel sjenant.
Wy hienen in plakje foar de nacht fûn yn in fierstente djoer hotel, mar om't wy al in grut tal kilometers efter de rêch hienen, besleaten wy it der mar fan te nimmen. Wylst myn man noch yn it bad lei betocht ik dat ik wol efkes útfine koe wêr't de bar wie. It restaurant hienen wy al sjoen, mar dat wie noch ticht en wy hienen ferlet fan in alkohoalyske fersnapering. Yn in lúkse, lange gong mei donkerreade, flierbedekking en grutte skilderijen oan 'e muorre kaam ik de man tsjin dy't ús nei de keamer brocht hie. Hy frege wat ik socht. No moat ik doe ek wol witten hawwe dat in bar yn Frankryk gewoan in bar is, mar dêr kaam ik blykber net op. Ik frege nei une place pour boire quelque chose. No, dat koe dêr wol, sei de man en hy wiisde op in stoel in eintsje fierderop yn in lytse útbou. Hy begelate my dêrhinne en frege wat ik dan wol drinke woe. ‘Un vin rouge’, sei ik mar gau, mei in fjoerread gesicht. Dat dêr siet ik, hielendal allinnich foar in rút yn in fierder keunstmjittich ferljochte romte. De stilte om my hinne joech my de yllúzje dat der fierder nimmen yn it hotel wie, mar it duorre net lang foar't in ober deroan kaam, mei ien grut, fol glês op syn plateau. Hy sette it yn it finsterbank, frege ús keamernûmer en ferdwûn. Ik haw de wyn dronken as wie it bier.
Doe haw ik it beslút nommen om in kursus te folgjen, mar soks komt der fansels net fan foar't it wer aktueel wurdt. En it is net in kursus wurden, mar in cd-rom. Alle ferlerne mominten bin ik dêr mei oan 'e gong. Ik doch krúswurdpuzzels en galchje, set stikken fan sinnen yn in goede folchoarder, lear wurdsjes en helje grammatika op, meitsje diktees, sjoch fideobylden, earst mei ûndertiteling en letter sûnder, oefenje útspraak, harkje myn eigen wurden wer ôf en ferbetterje mysels oant ik it maksimum tal punten helle haw. Ik kin der net genôch fan krije.
Dit winterskoft haw ik foar it earst Frysk oan net-Friezen jûn. Ik haw op gjin kursus sa lake as krekt op dizze. Mar no't ik op myn eigen privee-skoaltsje Frânsk folgje, skamje ik my dea om't ik my realisearje dat it didaktysk sjoen folle effektiver kin. De Afûk kin dy tûke fan syn opliedings wol opdûke as der in soartgelikense cd-rom foar it Frysk makke wurde soe.
Ik kin eins mar ien argumint betinke dat dêr net foar pleitet: allinnich efter de kompjûter hawwe jo net gau sa'n wille.