deawurch fan te dwaan oft hiele parten fan mysels net bestonnen. Dy kroechjûn hie ik eins poerrazend op dy west - Hoe hellesto it yn 'e plasse om myn jierdei sa te ferpesten mei dy teatrale oandachtlûkerij!
Mar ik wie net de iennichste dy't der ûnder lijde: Dyn rêch spile wer op. Do hiest nuvere oanfallen fan dûzelichheid. Do tochtest datst hypoglykeamy hiest, datsto in systematysk skimmelynfekt hiest, dat de follingen yn dyn kiezzen dy fergiftigen. Do hiest eltse diagnoaze dy'st yn it alternative sirkwy opdwaan koest. Dyn ferwachting fan my wie, dat ik by alles wat dêr oer te lêzen wie fundearre wittenskiplik kommentaar joech. Noch slimmer: dat ik dy better makke.
Dat koe ik net. Ik woe hielendal net datsto wissichheid by my sochtest! Kwalen en steun sykjen pasten net by it byld dat ik fan dy hie. En hoe koe ik no immen stypje dy't ik heger hie as mysels? Ik socht in held, ik wie net ien!
It waard ek neat my ús op it mêd fan de trou. Ik haw doe it brief fan Berber lêzen. Dêrmei waard yn ien kear ôfweefd mei dyn fersekering dat 22 de minimum akseptabele leeftyd foar dy wie as it om froulju gie. Wannear't jimme krekt wat hân hawwe, wit ik net, mar út wat se skreau konkludearre ik dat it in reaksje wie op in ôfskriuwer fan dy. Se winske ús in protte lok en hooplik oer net al te lange tiid it bern dêrsto sa'n langstme nei hiest. Santjin goddomme!
Ik fertink dy derfan datst it brief mei sin slingerje litten hast. Mar alwer sei ik neat.
En dat haw ik ek net dien oer myn eigen dwers- en sydstrjitten, doe't ik in pear moanne yn it bûtenlân siet foar myn oplieding. Ik hie ferwachte dat ik my skuldich fiele soe en wylst die ik dat ek wol. Mar wer werom joech it my krekt in gefoel fan romte. In stikje foar mysels! Ik fertroude dy ek foar gjin meter.
De jûns dat ik wer weromkommen wie, leine we op it útfanhûzersbêd by myn âlden. Ik wie dûbel kâld. De blommen stiene op 'e finsters en wêr't ik wei kaam wie it fjirtich graden waarmer as hjir. Do leist mei de rêch nei my ta en net tsjin myn búk oan. Dyn skouders skokten in bytsje. Do leist te gûlen. Do!
Ik frege wat der wie. Do makkest in pear kear in meneuvel fan ‘lit my mei rêst’ en doe kaam derút datsto dy tekoartdien fieldest. Ik hie sawat mei eltsenien dy't ús mem útnoege hie (en dat wiene nochal ris ien as twa!) in praatsje makke. Mar foar dy, wylsto der dochs it measte rjocht op hiest (hast dat wier sein?), hie ik sawat gjin each!
Ik wie wurch. Ik hie tsien oeren flein. Ik hie de sprong werom makke nei myn eigen kultuer. Ik hie dêr minsken achterlitten. De bêste bedoe-