Trotwaer. Jaargang 34
(2002)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 213]
| |
Dwersreed
| |
[pagina 214]
| |
der kwatteljen yn ‘it nearzige Fryske klimaat fan dilettantisme’ gjin opsje wie, in goed wike letter koe de krante melde dat Kistwurk, mei de stimulâns fan it Produksjefûns yn 'e rêch, oan in twadde libben begjint. Dat is in felisitaasje wurdich. Wat mear Frysktalige media wat better. Foaral de ynternetedysje fertsjinnet in reële kâns om út te groeien ta in folwoeksen literêr-sjoernalistyk medium. Hoelang't Hettinga it noch as tydskriftebaas úthâlde sil, is oars wol de fraach. Yn syn deiboek hat er mear as ien kear witte litten dat er him net te lang bine wol. Sa ek op 21 maart: ‘Op 'e lêste gearkomste fan Cepher [de útjouwer] haw ik foar de wissichheid mar sein dat ik trije jier Kistwurk dwaan wol, miskien op 'en heechst noch in jier derby, mar dan: wegwezen.... Op it hichtepunt fuortgean!’
Ik bin benijd oft it Nije Kistwurk ek trochgiet mei syn fûleindige vendetta tsjin Trotwaer, it blêd dat neffens Hettinga ‘al ferstrikeljendewei, fierhinne yn 'e ûnderwâl bedarre is’. Yn de ‘swarte’ moanne fan Kistwurk hat Trinus Riemersma dat demagogyske fjurke lekker geande hâlden op Myn eigen eker, it troch it flmd soft sponsore digitale ienmanspodium fan ús âld-kollumnist. Sjoch bygelyks ‘It redaksjonele belied fan Trotwaer’, dêr't er allerhanne komplotten yn bleatleit en ta de konklúzje komt ‘dat dizze rêgegraatleaze redaksje opstappe moat’.Ga naar eind*) En dy net allinnich: ek it bestjoer fan de Koperative Utjowerij moat opsoademiterje. Werom nei earder tiden, doe't de burdmannen noch foar master opsloegen, Trotwaer de Fryske literatuer op universeel nivo brocht en de ku de útjouwerswrâld op 'e kop besocht te setten. Ek de dynamyske lc-sjoernalist Sikke hat langstme nei doe en dus syn noed oer dit perioadyk: ‘It wurdt hieltyd mear in blêd fan sêftsedige literatuerjende skoalmasters (s.s.t.t.).’ (8/5/02) Je soenen de moed hast ferlieze. Mar ek foar ús kaam der, krekt op 'e tiid, in heilsberjocht út Amsterdam. Fan deselde karmasters fan datselde Produksjefûns. Dy wienen ek oer de jiergong 2001 fan dit blêd goed te sprekken: Bij Trotwaer wordt sterker geredigeerd dan in de voorgaande jaargang, en dat doet het blad goed. [...] Het blad heeft een goede structuur, met voortreffelijke rubrieken. De meer evenwichtige opbouw van de nummers, met de kortere, meest kritische bijdragen achterin, is beslist een vooruitgang. Er is tot genoegen van de commissie meer aandacht besteed aan lay-out en vormgeving. Ook het grote aantal vaste medewerkers is indrukwekkend. Safier sil it net komme: per septimber mei Trotwaer dan in algemien-kultureel opinyblêd wurde, de literatuer bliuwt de rêchbonke en de goeie helte fan de 64 moanlikse siden sil bestean út proaza, poëzy, resinsjes en essees, redigearre neffens de noarmen dy't Trotwaer altyd al oanhâlden hat. |
|