De takomst
Nei't Trinus Riemersma begjin maart as meiwurker opstapt wie, is er in aksje út ein set tsjin de ferbreding fan Trotwaer ta in algemien-kultureel opinyblêd. Dat wie wat oan de al te lette kant; ik beslút dêrta wie troch bestjoer en ledegearkomste fan de Koperative Utjowerij ommers al lang en breed nommen. (Op 31 oktober 2000 is de oanfraach om finansjele stipe nei Deputearre Steaten ta gien. Mei as úteinlik resultaat dat Provinsjale Steaten op 19 desimber 2001 ynstimd ha mei fjouwer kear in ton ekstra foar Nij Trotwaer - op jierbasis, yn gûnen.)
Neffens Riemersma is it ku-bestjoer dêrby ‘net opkommen foar de belangen fan 'e útjouwer, mar foar de belangen fan 'e redaksje’. Dêrom moat it bestjoer de ridende trein daliks fan de rails helje of opstappe. Yn beide gefallen soe dat de ein betsjutte foar de sittende redaksje (foar in grut part trouwens noch mei troch doetiidsk ku-bestjoerder Riemersma beneamd). Wy ha dan by de Koperative Utjowerij neat mear te sykjen.
Wy hoopje fansels dat it op 15 juny, de dei fan de ledegearkomste, oars rûn is en dat wy ús plannen foar fernijing en ferbreding mei stipe fan de leden fierder stal jaan kinne.
Redaksje