Jelle Bangma (1955) is skriuwer fan twa keatsboeken, hat meiwurke oan ferskillende keatsjubileumboeken en is freelance-keatsferslachjouwer fan it Friesch Dagblad. Dêrneist is er foarsitter fan keatsferiening dtd fan Deinum en kin er sels út en troch noch boppe om't er in want mei in nap hat. |
Neeltsje Bonnema (1949) jout sûnt 1982 afuk-kursussen yn har wenplak Frjentsjer e.o. en docht freelance-wurk foar ferskate útjouwerijen. Publisearret har koarte ferhalen û.o. op de F-side en yn sammelbondels. Is lid fan de skriuwploech Hysp. |
Sjoerd Bottema (1948), learaar Nederlânsk en Frysk yn Ljouwert en redakteur fan Trotwaer. Yn 2001 ferskynde syn trêde boek, It aai fan Siderius, in ynspekteur Hofstra mystearje. |
Ulke Brolsma (1943) wurket as foarljochter by de gemeente Saanstêd. Debutearre yn 1999 yn Trotwaer mei it ferhaal ‘It hûs’. Wûn yn 2000 in Rely Jorritsmapriis. Foarich jier ferskynde Ioana, in bondel mei acht ferhalen. |
Eppie Dam (1953) is skoalmaster en skriuwer. Publisearre yn ûnderskate genres mear as tritich titels. Hat nei literêre en semy-literêre omswervingen syn earste leafde, it ambacht fan de poëzij, wer opkrige. |
Freark Dam (1924) wie wurksum yn útjouwerij en sjoernalistyk, dêrnei as direkteur fan it flmd; wie redakteur fan De Tsjerne en einredakteur fan De Strikel; skriuwt njonken poëzy ek ferheljend en kritysk proaza, toaniel (ek yn oersetting) en de lêste jierren benammen literêr-histoaryske stikken. |
Durk J. Heddema (1923) wurke by de Technyske Tsjinst fan it Provinsjaal Elektrisiteitsbedriuw. Is redaksjelid fan de Sudertrimdielrige. Publisearre earder gedichten yn It Heitelân, De Stiennen Man, De Tsjerne, De Vrije Pers en de lc. |
Jan Pieter Janzen (1945) is learaar skiednis en ckv1 en (ein)redakteur fan Trotwaer. Skriuwt oer skiednis, kultuer, polityk en media. Yn 2001 ferskynde En gjin ein. Stikken en stikjes 1972-2000. |
Jitske Kingma (1959) debutearre yn 1989 mei it reisferhaal In dûk yn 'e Ganges, yn 1999 oanfolle mei In twadde libben. Wurket by de ynternet-útjouwerij Gopher Publishers yn Grins en is redakteur fan Trotwaer. |
Mette Meinou Piebenga (1944) hat in heale baan yn it basisûnderwiis en fersoarget kursussen foar de afuk. Skriuwde koarte ferhalen yn ûnderskate sammelbondels en krige twa kear de Rely Jorritsmapriis (1990 en 1993). |
Tjitte Piebenga (1935) is skriuwer. |
Jildou Popma (1966) wennet yn Balk. Se wurket en skriuwt foar it ûnderwiis en hat út en troch mei keunst en houliken te krijen. |
Anneke Reitsma (1949) is dichter en essayist. Haar laatste dichtbundel was Wonen in het Avondland (1998). Zij schrijft over Nederlandse poëzie en is verbonden aan het tijdschrift Ons Erfdeel. In 1998 verscheen Een naam en ster als boegbeeld - de poëzie van Ida Gerhardt in symbolistisch perspectief. Onlangs verscheen de essaybundel Het woord te vondeling' - van Gezelle tot Gerlach. |
Piter Terpstra (1919) wie selsstannich sjoernalist. Skriuwt Fryske en Nederlânske romans, toanielstikken en dokumintêres. |
Geart de Vries (1956) is programmamakker by Omrop Fryslân Televyzje, lanlike tv-útstjoerings en sûnt de oprjochting aktyf yn de Stichting Litteraire Activiteiten Leeuwarden. Fan him ferskynde yn 1999 Trochpaden. Oantinkens fan D.A. Tamminga oan syn libben en wurk. |
Jan de Vries (1939) wie sjoernalist, foarljochter, feefoer- en suveldirekteur. Hâldt him no dwaande mei in stikmannich kommissariaten en bestjoersbaantsjes yn 't Fryske Kulturele fermidden. Skreau fiif toanielstikken, twa bondels mei koarte ferhalen en wûn twa kear in Rely Jorritsmapriis mei in gedicht. Wennet op 't stuit yn Grou. |