Privaat geëamel
‘Dus do silst op dyn âlde dei noch karriêre meitsje!’
‘Karriêre?’
‘Ja, mei Nij Trotwaer.’
Sa hie 'k it noch net besjoen. Karriêre meitsje, dat is wol it lêste. Steane je lyts tritich jier mei alle plezier foar de klasse en binne je - gelokkich - noait fierder kommen as koördinator fan de skoalkrante en einredakteur fan it personielsblêd en dan soenen je no, mei it pinsjoen yn sicht, noch in sprong omheech meitsje wolle? Bij in Frysk moanneblêd?
‘Hoe kòmst derbij? At ik op “karriêre” út west hie, wie ik wol earder begongen. Dan hie 'k no net mear fjouwer dagen wyks learaar west en foar de rest tydskriftefrijwilliger.’
‘Mar der binne al guon dy't tinke datst it dochst om der sels better fan te wurden.’
‘Einredakteur fan in sober útjûn literêr-kultureel moannebledsje mei noch gjin fjouwerhûndert abonnees? Dat sjit lekker op! Dêr hoecht nimmen jaloersk op te wêzen. Ik wurd der trouwens ek gjin sint better fan: de skoalle lient my foar twa dagen wyks út oan de Koperative Utjowerij; dat is foar alle partijen it maklikst.’
Skeve eagen bin 'k eins ek net tsjinkaam. Wol dubieuze soarch en agressive argewaasje oer it nije blêd en syn aanst betelle einredakteur. Foaral op internet; nimmen kin dus sizze dat er net warskôge is dat it mei de sa glorieuze Trotwaertradysje op 'e kop ferkeard komt. Sjoch www.kistwurk.nl, dat net wurch wurdt om te ferkundigjen dat de kombinaasje fan kultuer en literatuer de deastek is foar de kwaliteit - ‘It brede en it literêre, dy saken geane net tegearre!’ - en dat mei it each op dy kwaliteit fia it Skriuwersboun in soarte fan brede maatskiplike diskusje wollen hie oer de nije formule èn in iepen sollisitaasje foar de einredaksje. Sjoch ek Myn eigen eker, dêr't ús âld-kollumnist Trinus Riemersma op konkludearret dat ‘de kwalitative delgong’ fan Trotwaer net te kearen is: ‘It tydskrift stiet stiif fan 'e lullichheid, it private geëamel, de hu-man interest op Libelle-nivo, de ôfslikke truttichheid.’ (http://flmd.museum.com/sub/trinus/)
‘Mar wêrom dòchst it dan?’
‘Sûnt myn sechstjinde bin 'k ferslingere oan tydskriften, yn passive en aktive foarm, as lêzer en as meiwurker/redakteur. Sûnt myn fiifentweintichste draai ik sa'n bytsje mei yn de Fryske kultuer, foaral yn syn skreaune foarm. En ik sit no sân jier mei nocht en wille yn de stimulearjende redaksje fan in blêd dat it oandoart om de swetten te ferlizzen en dêrbij gjin boadskip hat oan literêre fûnemintalisten en harren ivoaren tuorkes. Dat sil it wêze.’