Belgysk slachwapen
Dat kin it ferfelende wêze yn sa'n demokratyske feriening: de leden kinne mar mei de brykste foarstellen komme of der moat wer oer briefke, fergadere, diskusjearre en stimd wurde. It haadbestjoer (hb) fan de knkb ûnder lieding fan Theunis Piersma - yn 't deistich libben boargemaster fan Wûnzeradiel - hat ôfrûne winter fansels gauris stind en kroand, dêr op har kantoar yn Frjentsjer. Sille jo slachfeardich op en út, binne der guon dy't de nap út 'e want ha wolle. Wolle se potdoary de klok fiifentweintich jier tebek draaie.
Yn de jierren sechstich/santich die no bliken: hoe hurder de want, hoe fierder jo slane. De iene nei de oare keatser betocht dus trúkjes om dy want hurder te meitsjen. Mei hierlak bespuitsje, in nacht yn 'e djipfries, in oere kôkje litte yn in panne wetter, de gekste dingen waarden útfûn om dat lear mar hurder te meitsjen. Oant immen in stik blik yn 'e want naaie liet. Dêr koe er doe ferskuorrend fier mei slaan, as de bal teminste moai rjocht yn 'e want kaam. De bal stjoere koe er lykwols net mear, want it slachwapen stie elk gefoel tusken de bal en de hân yn 'e wei, hy koe de fingers al net iens mear krûm krije.
De Belgen droegen soksoarte fan wanten ek by har Jeu de Pelote, wanten mei in hurde nap. Sa moat topkeatser Tsjisse Wallendal op in moaie hjerstdei nei it suden reizge wêze, kocht dêr sa'n want, oefene de hiele winter om der mei slaan te kinnen - want sa'n want easke in oare slachtechnyk - en kaam werom op it fjild. De iene nei de oare bal sloech er fier oer de boppe, it wie in merakel, it publyk stie op 'e banken.
Der bruts in tiid oan fan anargy wat de mof oanbelange en it koe net oars: it hb moast yngripe. Kommisjes waarden ynsteld en regels waarden foarlein en oannommen troch de leden. Wantemakkers en keatsers waarden ynstruearre: de want sa en sa swier, de nap net grutter as sa, it lear sa en sa bûchsum en gean mar troch. Mar wa't regels stelt moat dy ek kontrolearje, dus waarden wantekeurings ynsteld en in wantekommisje moast de wedstriden bydel om te kontrolearjen at der ek sjoemele waard. Want dat barde by it libben, dus waarden ek keatsers betrape en skorst. Oant fier yn 'e njoggentiger jierren waarden regels bysteld en oanpast.
De lêste jierren ha de wanten in keunststofnap en binne folle minder fraudegefoelich. Foar jong en âld, manlju en froulju treflik materiaal om mei te keatsen. Ek de ienfâldige