Boer
De fraach kin steld wurde oft de boer it ôfwitte lit. Der wurdt wol sein dat dy gjin belangstelling hawwe soe foar it biologysk buorkjen.
Neat fan oan. De boer - en ek de Fryske boer - wol bêst omskeakelje nei de biologyske lânbou. As hy der mar in ynkommen mei fertsjinje kin. En dêr leit it probleem.
Biologysk buorkje is nammentlik folle djoerder as it gongber boerwêzen. De kosten lizze gâns heger. En dy kosten sille der útkomme moatte, oars lizze de mûzen dea foar it boerebêdskud.
Der binne bewizen genôch dat biologyske produkten net maklik foar in reedlike priis te ferkeapjen binne. Sjoch mar nei de biologyske molkfabryk yn Drachten. In prachtich inisjatyf fan in Fryske boer, Brouwer. It blykte net út te kinnen. Friesland Coberco, de grutte noardlike suvelûndernimming, brocht útkomst en naam it lytse fabrykje oer. Net út wielde.... Dan it bidriuw fan Jan Craens út Aldegea. Ek dizze biologyske ûndernimming - mei it tsiismerk ‘De Hooidammer’ - is yn oare hannen oergongen. Tsiismakker Willig yn Katwoude hat it kocht en bout op dit stuit in fabryk op It Hearrenfean. Willig ferwurket njonken biologyske ek gongbere molke en skieppe- en geitemolke.