Debút fan Bouke van der Hem
De kontoeren freegje om mear kleur
Jitske Kingma
Bouke van der Hem, Sloppe Opels. Ferhaleroman. Utjouwerij Frysk en Frij, Ljouwert 2002. 128 siden. € 12.
In pakkende titel, in flitsend omslach, yn stikjes knipte, filmyske ferhaalflarden, twa losers en in fertelwize dy't je oanset om iderkear werom te blêdzjen - dat binne de yngrediïnten dy't it ro-mandebút fan Bouke van der Hem op smaak bringe. Hy skriuwt al tritich jier, hat er yn fer-skillende ynterviews witte litten, mar dat bin-ne saaklike teksten. Sûnt 1998 hat er de literêre pinne oppakt. Hy is fan doel dy foarearst net wer del te lizzen. Mar goed ek, Van der Hem jout de literatuer mei Sloppe Opels sûnder mear wat nijs. Lykwols, fan wat mear útfyljen en beslypjen soe dit debút mear glâns krije en dat fertsjinnet it wol.
It boek begjint mei in brân yn in pleats, op dat momint net folle mear as it petear fan dy dei, mar yn retrospektyf ien fan de saken dy't it libben fan ien fan de twa haadpersoanen bepale. Dy is dan noch net bekend, de oare wol. Sipke, de hurdfytser, dy't spieren as kabels kweekt en letter dokter wurdt. In kombinaasje fan hurdfytser Tiemen Groen en dokter Sippe Schat, hat Van der Hem yn 'e media útlein.
Sipke is in nuet mantsje, dy't altyd op 'e slach past en op 'e tiid op bêd giet. Hy slagget, o wûnder, ek noch oan 'e frou en set by har in bern oan. Hy snapt har net en dat komt net allinne om't se út Brabân komt. Mei syn frijheid is er ek syn fytstempo kwyt en hy swit him dea om't er him de enerzjy net út 'e lea fytse kin. Dat is in hiel moaie fynst, in ûnderhûdse ûnfrede dy't fret en byt en him de hjittens troch de lea jaget. Lykwols, it slagget net sa maklik om de haadpersoan bynei te kommen. Hy bliuwt sletten, net allinne foar syn frou, mar ek foar de goedwollende lêzer dy't syn langsten en eangsten nei boppen dolle wol. Dat kin er lykwols ferjitte, Sipke hâldt de doar ticht.
Sipke wurdt doarpsdokter en syn weardichheid as haad fan de húshâlding komt ûnder spanning te stean troch Alie, dy't troch syn wjerstân brekt. It fallyt fan it houlik en hoe't Sipke dat leed oansein is, is sterk beskreaun. ‘Moreel absentisme’, ferwyt syn frou him, in prachtige út-drukking. Hiel dúdlik wurdt alle inisjatyf Sip-ke, dochs al de lulligens sels, út hannen nommen. Yn dizze sêne, dêr't op de situaasje en net op de persoanen ynzoomd wurdt, is Van der Hem hiel sterk. De kontoeren fan de persoan Sipke komme stadichoan op it doek: in mijen mantsje sûnder moed dat him net útlibje kin.
De oare haadpersoan is Reinder Beetstra, in jeugdfreon fan Sipke. As de lêzer mei him yn 'e kunde komt, is er noch jong, doart net tsjin syn heit yn te gean en skarrelt wat mei Sipke, mei wa't er de ‘gewoane jongesspultsjes’ docht, mar dan wat fierdergeand. Fan dat momint ôf slûpt in oar tema yn it ferhaal, dat yn it part fan Sipke hielendal gjin rol spile: biseksualiteit. Reinder en Sipke treffe inoar yn Praach. Reinder, dy't mei ‘in juffer út Wytgaard’ om-