In emigraasjeroman stiiffol dokumintaasje ferfolch fan side 202
helle?’ De lânferhuzers hâlde lykwols, by alle tsjinstuiten en swierrichheden, de kop der foar en it slagget Geart op 'en doer om mei in smidterij te begjinnen. Der wurde blokhutten en in tsjerke boud. Mar ear't it safier is, moat der hiel wat pionierswurk ferset wurde. Damsma ferhellet wat te wiidweidich oer it kappen fan beammen, it ploegjen en it oanlizzen fan paden troch de tichte bosken, mar hy kin sfearfol skriuwe.
It jin konsekwint oan de feiten hâlde betsjut foar in romanskriuwer in grutte beheining. Hy kin syn fantasij net folle romte jaan. Mar by it lêzen fan dit boek sil by de measten de oandacht dochs net faak ferslopje. It fêstlizzen fan in nijsgjirrich stik emigraasjeskiednis troch in skerp observearjend en treflik dokumintearre skriuwer fertsjinnet alle respekt.
Ek de útfiering fan it boek is goed. In list mei de boarnen fan sitaten en ferklearringen, de passazjierslist fan de Ingelske brik dêr't de ploech fan Ypma de oseaan mei oerstiek, de kaarten fan de Nederlânske delsettingen om 1880 hinne en de lânferdieling yn it township Zeeland, dêr't ek Vriesland diel fan útmakke, ferheegje de dokumintêre wearde fan dizze roman.