Sterk proazadebút fan Willem Schoorstra
Wêrst net bist, dêr is it lok
Sjoerd Bottema
Willem Schoorstra, Berjochten út Babel. Utjouwerij Frysk en Frij, Ljouwert 2002. 243 siden. € 16.
Babel is yn it Alde Testamint de beneaming foar de stêd Babylon. It stribjen fan de Babyloniërs om de heechste toer fan de wrâld te bouwen wie de Heare mar min nei it sin en waard troch Him útlein as in teken fan oermoed. Dêrom betize Er har taal, dat de iene de oare syn taal net mear ferstean koe.
Dat ‘elkoar net ferstean kinne’ spilet yn figuerlike sin, net begripe en net begrepen wurde, in grutte rol yn de ferhalebondel Berjochten út Babel, it proazadebút fan Willem Schoorstra. Yn acht fan de tsien ferhalen is dat elemint dúdlik oanwêzich. Tusken âlden en bern, tusken minners en beminden, tusken de ienling en de wrâld - oeral hearsket it ûnbegryp.
De útdrukking ‘een toren van Babel bouwen’ betsjut dat men oan wat gruts begjint dat men net ôfmeitsje kin. Ek dat is in wichtich elemint yn de ferhalen fan Schoorstra. Yn it ferhaal ‘Isis’ komt de haadfiguer yn 'e kunde mei in Flaamske dichteresse. It is mar in lyts wyfke mar as persoanlikheid stiicht hja fier út boppe it fermidden dêr't de haadfiguer him yn be-weecht. Schoorstra wit dat fermidden - in dichtersrûntsje, hobbydichters, maatskiplik ‘settele’ lju dy't yn har frije tiid wat mei ge-dichten piele - hiel aardich del te setten, myld satirysk sûnder dat it karikaturaal wurdt, mar geandewei it ferhaal lûkt de skriuwer hiel oa-re registers iepen en bedarje wy yn in like fassinearjend as benearjend sadoseksaventoer, dêr't de haadfiguer net los fan komt mar gjin ferfolch oan wit te jaan.
Guon personaazjes meitsje lykwols al dien wurk, de ferlerne soan bygelyks dy't thúskommen is, net om him mei syn heit te fermoedsoenjen mar om oer dy syn grêf hinne te pisjen. En dat slút prachtich oan by de twadde betsjutting fan ‘Een toren van Babel bouwen’: ‘rúzje meitsje’, want doe't de toerbouwers fan Babel elkoar net mear ferstean koene, rekken hja al gau slaande deilis.
Net allinne tusken heiten en soannen kin it der om wei gean, ek tusken mem en soan rint it soms hielendal mis, lykas yn de bluoddrige en bloedstjurjende psychoskriller ‘Fakânsje’. De haadfiguer yn dat ferhaal hat eins gjin kontakten mei oaren as syn mem, dy't er stadichoan, fanwegen har ivige gejammer oer allerhande krupsjes en kwalen, it beslach dat se altyd op him leit, de terreur dy't se thús útoefenet - mear en mear begjint te haatsjen. Hoe byldzjend Schoorstra dy haat wit út te drukken, yllustrearret de folgjende passaazje:
Meastentiids sliepte se as er yn de keamer kaam. De holle skean oer de side, heal op't boarst. Ut de mûle kaam faak in soart akwariumlûd, soms mei buorrels. As er op har del seach like se krekt in fisk, in grou, mishipt eksimplaar; opangele út wetter dat troch gemikaliën fersmoarge wie. Hy preau galle yn 'e kiel as er har sa lizzen seach, machteleas, ûnwittend, har âlde-wivedreamen beridend; en tagelyk waard er troch it oansjen fassinearre, koe er him net foarstelle dat er oait út dy willeaze sek fleis en bonken fuortkommen wie.