In emigraasjeroman stiiffol dokumintaasje
Piter Terpstra
Gerrit Damsma, De beam fan belofte. Utjouwerij Frysk en Frij, Ljouwert 2001. 304 siden. € 15,90.
Op de foarkant fan De beam fan belofte fan Gerrit Damsma stiet dat it om in roman giet, op de achterkant wurdt praat fan in ‘dokumintêre histoaryske roman’. Dokumintêr is dit debút yn romme mjitte en histoarysk is it folslein ferantwurde - in goede basis foar in ferhaal oer Fryske emigranten yn it algemien en oer it wjerfarren fan de jongfeint Geart Innes van Dam yn it bysûnder. By in earste trochblêdzjen haw ik my wol ôffrege oft it romanelemint by it ferwurkjen fan sa'n protte dokumintaasje (nei in fyftjin jier lyn makke reis nei it Amerikaanske Michigan) ta syn rjocht komt.
De trijeëntritich haadstikken hawwe gjin titels mar motto's (meast sitaten). It earste diel gier oer Geart syn libben foar de reis en befettet 75 fan de 271 siden (foar- en neiwurd net meirekkene). Dat is dus in fiks part. Oan de reis binne 47 siden bestege (ik lûk de titelblêden tusken de haadstikken der ôf). De oertocht nei New York wurdt op alve dêrfan werjûn. Dat is in bytsje want de ûnminsklike omstannichheden dêr't de op elkoar pakte manlju, froulju en bern op de emigranteskippen yn libben, de grutte gefaren by stoarm en ûnwaar, goarren dy't der hearsken en de eangst dat it skip fergean soe, hiene wol wat boeiender en meinimmender beskreaun wurde kinnen. En dat wylst it earste diel fierste wiidweidich is. Dêryn beskriuwt de haadfiguer syn jeugdjierren yn Boalsert en syn tiid as smidsfeint yn Mûnein.
Dat wurdt allegearre ferteld yn de ik-styl; de lêzer moat it dus hawwe fan Geart syn ûnderfiningen en wiidweidige waarnimmingen. We krije wol wat flechtige ympresjes fan it libben yn dy tiid - benammen de earmoede en de tsjerklike strideraasjes -, mar fan hoe't it yn de Trynwâlden om en ta gie jout Hylke Speerstra yn It wrede paradys in hiel wat treffender byld.
Wy hawwe in fjirde part fan it boek al út as Geart syn Amearika-ferhaal wat op gleed komt. Om side santich hinne, as de plannen foar emigraasje stâl krije, wurdt it boek ynienen folle ûnderhâldender. Geart is dan ek fereale wurden op de jongfaam Jetske Feenstra. Dat is in ideaal frommis, ljocht hier, fynbesnien gesicht, moaie wite tosken, fleurich en boppedat in oanhinklik karakter, wylst se ek wer duvelsk goed wit wat se wol. En se is fuort beret om mei nei Amearika. Der liket neat oan har te mankearjen en sokken binne der net folle. Mar wy moatte it wol oannimme want it boek is histoarysk ferantwurde.
Geart heart by in ploech Fryske emigranten dy't ûnder lieding fan dûmny Marten Ypma nei de delsetting Vriesland yn Michigan giet. Se binne ôfskiedenen en hawwe de grutte reis ûn-dernommen yn de hope op godstsjinstfrijheid en wurk. It falt earst net ta en de teloarstellingen wurde har net besparre. It ûnderkommen is behyplik, it wurk yn it oerwâld swier, it iten skraal en der brekke sykten út. De idealistyske dûmny's fan de ûnderskate Nederlânske emigrantegroepen krije gauris te hearren: ‘Wêrom hawwe jimme ús hjirhinne
fierder op side 204