Libbenselikser
Jitske Kingma
Romte
It wie it iennichste hotel mei in balkon. Der hongen kleurige lampkes yn 'e tún. In dreamerige man stie op it dak te toskepoetsen en hy kwatste de gielwite flibe mei in sierlike bôge presys foar ús fuotten.
‘Ien-nul,’ sei Johan en lake breed.
Wy draaiden ús tagelyk in kwartslach en stapten oer de drompel.
De man efter de baly woe witte oft wy in soad fan inoar hâlden.
‘Hjoed noch mear as juster,’ sei Johan en knypte yn myn hân.
Hy hie al mear as ienris tsjin my sein dat er it sa bysûnder fûn dat er syn freon, mei wa't er al acht jier tegearre wenne, amper miste. Oare kearen as er mei immen fuort gong, kamen de yrritaasjes al op Skiphol. Guon regelen fuort fan alles, oaren wachten mar oft hy as reizger mei ûnderfining it paad liede soe. Dan woe er leafst mar wer nei hûs. Mar by ús gong alles fansels.
‘It liket wol oft wy fyftich jier troud binne,’ sei er wolris.
‘Mar dan sûnder dat de spanning stoarn is,’ fûn ik.
Us antwurd oan de man fan hotel Paradise wie goed foar in skytlyts keammerke mei in bêd fan in meter breed foar ús tegearre. Reden om fuort de trep wer del te rinnen.
‘Wy ha romte nedich, want wy ha wat te fieren. Kinne wy de keamer mei it balkon net krije?’ frege Johan op in toan dy't in kakkerlak noch fereale meitsje soe.
De man efter de baly seach wat in moaie jonge Johan wie - ik hie my beskieden efter in joekel fan in palmplant opsteld - en gong him foar nei de oare fleugel fan it hotel.
‘Dit is krekt wat wy sochten,’ sei Johan, aaide de man even oer de rêch en skode my nei binnen.
De keamer wie net allinne ljocht en rom, mar der hong ek in hearlike geur fan in tropyske plant dy't wy sa gau net thúsbringe koene. Johan liet him efteroer falle op it brede bêd en kommandearre: ‘Masseare!’
Ik streake alle wurgens út syn lea, fersoarge syn wûnen en joech him syn medisinen. Ik paste der goed op om de yllúzje fan leafde libben te hâlden en myn oare rol nea nei foaren komme te litten. Ik wist dat er dan hellich waard.
‘Ik betelje dy net om de suster út te hingjen,’ soe er raze.
Wy lieten it iten op 'e keamer komme en praten de heale nacht oer smoarende ferhâldings mei altyd de ferkearde dy't je wêzen net fersterke mar hieltyd fierder leechknypte oant der in skym oerbleau, dy't dan fansels siik waard.
‘Foar't ik der oan dea gean wol ik flechtsje,’ sei Johan altyd tsjin syn tydlike reisgenoat.
‘Kinst it ek gewoan mei him útmeitsje,’ hie 'k tsjin him sein doe't er my der ek mei oankaam. Hy hie lake.
‘Do, donders frommis bist in mins nei myn hert.’
Tsjin de moarn foel er einlings yn 'e sliep.
Middeis die ik de balkondoarren iepen, seach even nei de see yn 'e fierte, snúfde de hearlike swietrook op en sei tsjin in yntins bleke Johan: ‘Wat hiene wy no eins te fieren?’
‘Ik hâld op mei de pillen,’ sei Johan, ‘ik haw noch nea sa ticht by it paradys west.’