| |
| |
| |
Se set op sêfte toan har tosken yn de wurden
It oeuvre fan Margryt Poortstra
Jitske Kingma
Yn 1975 debutearre Margryt Poorstra (1953) mei Hillige Minke, in wat swiersettich ferhaal oer in man dy't him amper steande hâlde koe yn it deistich bestean, pleage troch spoeken út syn geast. Trije jier lyn kaam har oant no ta lêste boek út, De loads, folle lichtfuottiger, mar ek net frij fan persoanlik drama. Yn de jierren dertusken hat se trettjin boeken publisearre: poëzy, berneboeken, ferhalen en romans. Yn septimber fan dit jier komt der opnij in roman fan har út, mei as foarriedige titel Kâld fjoer. Troch de jierren hat Poorstra in stadige ûntjouwing sjen litten mei foarse útsjitters nei boppen. Har tema's lizze ticht by it hert: leafde, waarmte, frou/mem/dochter-wêze, selsstannigens, selsrespekt en - benammen yn it begjin - de eangst net goed genôch te wêzen. As skriuwster hoecht se dêr net bang foar te wêzen: har wurk hat altyd kwaliteit hân.
| |
Hillige Minke
De Kristlike Fryske Folksbibleteek wie wakker optein oer de debutante dy't goed in fearnsjier lyn de gemiddelde leeftyd fan de skriuwers by dizze boekeclub foars omleech brocht: se wie noch mar 22. In jier earder al hie se in earfolle fermelding krigen foar har berneferhaal ‘It lân efter de wolken’. Dat kaam lykwols pas yn 1977 as boek út en dêrmei is Hillige Minke Margryt Poortstra har entree yn de Fryske literatuer.
Se hat sels it omslach foar har earste roman ûntwurpen en set sa fuort har eigen hân. It begjint hiel spannend, mei in heit dy't der út leit en frjemde dingen docht, mar je witte net wat. Syn swarte geheim leit oer it hiele boek en iderkear ut it perspektyf fan in oare persoan wei wurdt der oer ferteld. Syn frou hat sa har eigen soargen en stiet salang't se libbet neist him, as syn iennichste hâld. Mar Minke stjert al gau en se hat dat foarsjoen. Se sit benammen yn oer hoe't it mei Lammert moat en net om 'e nocht.
It ûngrypbere en ûnbegryplike fan Lammert syn eigenaardichheden wurde krekt wat te faak opskreaun. De aard en foarm fan syn swiersettigens bliuwe lykwols yn 'e loft hingjen. De byrollen yn it boek (Wytse, de besoarge soan, Janke, it goede sloof, Jabik, de figurearjende buorman, dûmny, de iennichste dy't Lammert begrypt) bliuwe yn 'e kûlissen sitten; de lêzer wit net wat harren beweecht. It perspektyf wurdt ek frij kreatyf brûkt, sûnder dúdlike logika swalkjend fan de ien nei de oar.
Dêroan is te sjen, dat de debutante noch net hielendal boppe har personaazjes stean koe, se gongen nochal ris mei har op 'e rin. Dochs is Hillige Minke folle mear as ‘in jeugdsûnde’, it plak dat it boek wolris krigen hat yn har komplete oeuvre. Poortstra slagget der hiel goed yn in benearjende sfear del te setten, dêr't foar de haadpersoan, Lammert, gjin
| |
| |
ûntwyk út is. Har tema's - selsrespekt, depresje, ûnbegryp (Lammert sit swier yn 'e klem mar wit suver neat fan Minke har soargen) - sitte hjir fuort al yn. Ik fyn dit boek sels opmerklik trochlibbe, mei de magy fan de eangst en de altyd oanwêzige iensumheid hiel tichteby. Dat Poortstra mei lytse sintsjes en situaasjesketsen mei hjir en dêr in koarte dialooch in relaasje byldhouwe kin, lit se yn har earste roman fuort al sjen.
It leauwe spilet in wichtige rol, mei in God dy't it fuortbestean fan de wrâld bepaalt en dêrmei past it fansels yn 'e KFFB-tradysje. Dochs hat se fuort al wat eigensinnichs, kwa tematyk, útstrieling en útwurking. Opfallend is dat de ‘iepenbiere’ Fryske Bibleteek de útjefte mei mooglik makke hat.
Hillige Minke kriget in besprek yn it Friesch Dagblad, troch Tiny Mulder, mar giet fierder sa't it liket frij ûngemurken oan Fryslân foarby. Mulder fynt dat Poortstra daliks heech mikt, sawol wat de ynhâld as wat de opbou fan it ferhaal oanbelanget. Dy opbou fynt se net sa maklik foar de lêzer. De reade tried, it tsjerkhôf mei Lammert, sjoen troch de eagen fan Wytse, fan Janke, fan in neutrale ferteller en fan Lammert, komt op har tige keunstmjittich oer. Wol fynt se, dat dizze fertelperspektiven - op in inkele kear nei - goed útinoar holden wurde. ‘Rekkene neffens de jeugd fan de skriuwster en ek rekkene neffens de swiere opjefte, dy't se harsels daliks mar steld hat, is “Hil-lige Minke” noch aardich goed slagge.’ Mar: ‘De skriuwster moat noch leare om krekter en puntiger te skriuwen. Dat biskaet folle mear de kwaliteit fan in forhael as in nijsgjirrige konstruksje.’
| |
It stille wetter
Noch gjin jier letter falt se yn de prizen by de KFFB, dy't har yn 1976 de romanpriis takent
Margryt Poortstra ein santiger jierren
(foto argyf flmd)
foar It stille wetter. Se is wat ferlegen fotografearre op de jiergearkomste dêr't se har priis krige, mei in soarte fan ponsjo om 'e skouders (tige ‘yn’ yn dy tiid en grif sels haakt). Se hat in stikje foar De Fleanende Krie skreaun. Se is bliid mei de priis ‘omdat ik der hielendal net op rekkene hie’. Om't har earste boek nochal swier fûn waard, woe se besykje dat no oars te dwaan. ‘Dúdlik wêze, sei ik by de earste haedstikken hieltyd wer. Mar it roun hwat út de hân, ik wist op 't lêst net mear oft ik nou al of net dúdlik wie. It wie ek net wichtich mear. Oft der nou al of net in KFFB wie, ik soe it ôfmeitsje, mar net troch der hieltyd by to tinken
| |
| |
oft it wol lêsber bliuwe soe, mar op myn eigen manear, sa as ik it fielde, gewoan sûnder mear. Nou docht bliken dat dit genôch wêze kin. Dêr bin ik wier bliid mei’.
It stille wetter giet oer in jonge frou dy't wrakselet mei it libben en dy't oeral tsjin fjochtsje moat. Se is wurch en ûnwis en har tinzen lûke nei it tryste dêr't alles swier en sinleas liket. De haadpersoan, Joke, hat foar de swaksinnigensoarch keazen om't se dan earne har leafde yn lizze koe en net alles ôfstjerre soe. Se woe fiele yn stee fan te ferdroegjen, wat barre soe as se by de gemeente (in bêst lean) bliuwe soe. Dêr mocht se nei slutingstiid gjin fiskfergunning mear ôfjaan, al hie de oanfreger der noch sa'n ferlet fan: regel wie regel.
Mar de sûnenssoarch hat ek sa syn eigen regels en Joke hat gauris problemen om har plakje te finen. Se freget har iderkear ôf oft se it wol goed genôch docht, oft se minsken net te folle sear docht, oft se net wat handiger en flugger wurde kin en oft se freon Peter net tefolle syn frijheid ûntnimt. Mem hat ek net bot bydroegen ta positive ûntjouwing fan har selsbyld, want by echt wichtige besluten fynt sy dochs dat se it better wit en reaget har dochter en har belangen oan 'e kant. Se wrakselje beide mei it loslitten. Ek yn dit boek spilet de leechte, it swarte gat dat Joke meilûke wol de depresje yn, in wichtige rol.
It leauwe hat ek yn It stille wetter in grut plak. De degelikens slacht foar master op: ‘Doe't de tsjerke út wie, seagen wy ynienen dat wy de ring noch om 'e lofter finger hiene. Gau ferwikselen wy dy, it mocht nou op 't lêst.’ (side 83) Skuldgefoel en ferplichtingen weagje swier: ‘Ik moat tinke sa't heit en mem tinke, ik moat yn 't paviljoen dwaan sa as Saakje it wol, oars haw ik dêr gjin libben. Ik moat foar Peter wêze, dy't hy graach wol dat ik bin. Myn bêst moat ik dwaan om alle minsken tefreden te stellen.’ (146)
Margryt Poortstra lit hiel dúdlik sjen yn hokker klem har haadpersoan sit: de spiraal fan skuld en spyt. De omjouwing, de swaksinnigesoarch, tekent se mei kleur en smaak. Mar soms tinke je wolris: kom op famke, der is by dy tsjerke fan dy ek romte foar genede. Dan klinkt de ûnwissens te lang en ûnwierskynlik troch. Dochs hat se, los fan sokke omballingen, de depresje mei krêft by de sturt en dat is in prestaasje fan sa'n hiel jonge skriuwster.
Oer It stille wetter binne in pear kolomkes fold yn De Fleanende Krie, út soarte, mar fierder krijt it twadde boek fan Poorstra allinne oandacht yn de Ljouwerter Krante. Tineke Steenmeijer neamt har in ‘aparte figuer ûnder ús auteurs, dy't gjin psychologyske mar psychiatryske romans skriuwt’. Se is der oars net echt kapot fan: ‘It probleem by de boeken fan Margryt Poortstra - foar my - is, dat de goeije bedoelingen fan de skriuwster der sa tsjok boppe-op lizze. Hja wol sa graech de lêzers wat meijaen, har ynset is sa great en sa persoanlik, dat it jin muoit sizze to moatten dat soks allinne noch gjin meinimmende lektuer opsmyt.’
| |
It lân efter de wolken
Poorstra har echte debút, It lân efter de wolken, komt yn itselde jier út, 1977. Dizze nije skriuwster is net allinne jong en leauwich, mar ek noch tige produktyf, presys wat de KFFB nedich hat. Se witte dan noch net dat se de kommende tsien jier in literêr stilswijen yn acht nimme en boppedat de kristlike boekeklub farwol sizze sil, al bliuwt it leauwe as tema yn har wurk oanwêzich.
It lân efter de wolken giet oer in ryk famke, Wytske, dat alles al hat, net wit wat se op har jierdei freegje moat en troch in dream op it
| |
| |
idee brocht wurdt in boek te freegjen mei alles dêr't gjin minske noch fan wit. It is in aardich ferhaaltsje, in bytsje datearre, mar dochs al mei dy taal dêr't muzyk yn sit, ien fan de skaaimerken fan Poortstra har wurk.
Tiny Mulder makket yn it Frysk Deiblêd beswier tsjin de ein, dêr't Wytske net yn fertelle mei wat se belibbe hat. Se is bang dat bern tinke dat it better is om eigen fantasyen en dreamen stil te hâlden. Oer it ferhaal sels seit se fierder net folle. Wieke Goeman-Van Randen neamt it yn de Ljouwerter Krante de muoite wurdich, al mocht der wol wat mear spanning yn sitte. Yn De Fleanende Krie in ferslach fan de presintaasje. Dy moat it sûnder mefr. Margaretha Seinhorst-Poortstra dwaan, want dy is ‘drok yn 't spier op de Willem Arntz Hoeve yn Den Dolder’.
| |
Krúswetter
Nei tsien jier stilte, ôfsjoen fan publikaasjes yn literêre tydskriften en twa Rely Jorritsma-prizen (beide foar in fers), belibbet Margryt Poortstra yn 1987 wat hast wol in werberte as skriuwster liket. Har fersebondel Krúswetter ferskynt by de Koperative Utjouwerij, grutter ferskil mei de KFFB is hast net yn te tinken. Yn sêfte, suver soeikjende taal, beskriuwt se ritmysk en harmonieus wat har beweecht en rekket. Se kiest har ûnderwerpen tichteby. Dat sil har hiele skriuwkarriêre sa bliuwe: leafde, bern, mem, ûnbegryp. Yn soms mar alve wurden set se skerp en djip in situaasje del. De lêste strofe fan ‘Postnataal (1)’:
Har fersen binne sterk yn sfear en sizzenskrêft. En se falle as sêfte maitiidsrein op 'e hûd. Jan Wybenga hat it yn de lc oer in treflik debút, mei in pear fan ‘de bêste moderne Fryske fersen’. Ek Eppie Dam is yn Frysk en Frij fol lof. Hy stelt foar 't earst de fraach oft Poortstra's wurk typearre wurde moat as frouljusliteratuer. Dy fraach sil noch faak oproppen wurde, foaral as de leafde foar in frou opklimt op de ledder fan de wichtige relaasjes. Dam hat muoite mei it begryp frouljusliteratuer. ‘It soe in degradaasje ynhâlde kinne, yn dy sin dat sa'n literatuer inkeld foar froulju nijsgjirrich wêze soe. En dizze poëzij fertsjinnet mear.’
Hy ynterviewt har yn 1988 foar Frysk en Frij. Se fertelt oer har oerstap nei de KU. Se fielde har by de KFFB net mear thús. De sfear beneare har en it plak dat har tatocht wie, as dejinge dy't de karre fan feroaring lûke moast, stie har net oan. Mar de ‘ûnderhûdse jûkte’ sette har dochs oan ta skriuwen en se keas foar gedichten, omdat se dêryn ‘mear in bal fan wurden meitsje koe. Mei twa hannen der omhinne hie ik it beet.’ Nei in mislearre besykjen by Bosch en Keuning en De Tille skille se de KU en dêr is de bondel dus útjûn.
Dam freget nei har wize fan skriuwen oer leafdesrelaasjes. Hy konstatearret dat se yn har fersen faker taskôger is as partner. Poortstra: ‘Ik tink dat minsken yn har djipste wêzen allinnich binne. Kinst yn it bestean wol hiel ticht by in oar (byinoar) wêze, in protte diele, fan in oar hâlde, foar in oar it libben sels betsjutte... mar likegoed bist sels dyjinge dy't fielt, ferneart, hâldt en keart, yn 'e tizen rekket of it ivige gefoel hat.’ Se soe wol skriuwe kinne oer ‘mominten dat minsken alderhearlikst ynelkoar ferfrissele reitsje, har ien fiele’, mar: ‘minsken sitte likegoed mei ferskriklik tinne, soms fersliten, triedsjes oan elkoar fêst. Dêr leit in spanningsfjild. Dêr skriuw ik leaver oer.’
| |
| |
Fielt se har in typyske fertsjintwurdiger fan frouljusliteratuer? ‘Hokker frouljusliteratuer? Ik skriuw in protte oer froulju, want ik kin my dêr wat by foarstelle. Op dy manier fertsjintwurdigje ik miskien “de” froulju. Ik ha my net spesjaal ta doel steld om allinnich mar oer froulju te skriuwen. As ik skriuw, dan kom ik frouljussaken tsjin. Dy lizze der no ienkear. As dat betsjut dat ik my mei frouljusliteratuer dwaande hald, dan sil dat wol sa wêze. Ik ha der gjin muoite mei.’
| |
Fragmint
Yn 1989 krijt Margryt Poortstra in Rely Jorritsmapriis foar in koart ferhaal. Se is de iennichste priiswinner. Yn datselde jier komt har roman Fragmint út. Dêrmei lit se sjen dat it har mienens is, tenei sil se net mear fuort te tinken wêze út de Fryske literatuer. No wurdt har dat plak net fuort romhertich jûn. Se moat noch hiel wat opmerkingen ynkassearje oer har tematyk, bygelyks dat de problemen yn har boek har altyd ôfspylje op de fjouwerkante sintimeter.
De setting yn Fragmint is fuort dúdlik: in frou mei twa lytse bern. Mar dan komt in ûngebrûklike ferhâlding yn byld: de eroatyske spanning tusken haadpersoan Frouke en fysioterapeute Anne. Folle fierder as spanning komt it lykwols net. It giet mear om de relaasje mei Piter, dy pop, dêr't se har sa oan begjint te ergerjen, en ek om de situaasje dêr't se yn fêst sit. Se is amper tritich en kin har libben no al úttekenje. Dêr wurdt se slim ûnrêstich fan en har tinzen geane werom nei de tiid dat se krekt swier wie en sy en har man besykje soene wurkjen en fersoargjen te ferdielen. Dat kaam der nea fan: ‘Underweis hie se allegear stikjes fan harsels loslitten. Har wearde lei op 't lêst inkeld noch yn har mem-wêzen en doe't se dat net mear koe, doe't se yn de draaikolke telâne kaam en al har enerzjy brûke moast om de holle boppe wetter te hâlden, doe't se sa bang wie, doe wie se alles kwytrekke.’ (48)
Frouke stapt der even út, nei in âlde freondin, komt in doetiidske leafde tsjin, mar dat draait op neat út. Se wit net oft se by Piter bliuwe wol, de bern wol se al hâlde. Yntusken is se dan guon manlike kritisy allang kwyt.
Anne Wadman (F&F) hie dêr graach in lekkere frijpartij sjoen, mei Willem; hy hie it logysk fûn as de leafdesrelaasje wer oplôge. Hy fynt it ferhaal ryklik brokkelich en fragmintarysk, mar prizet de petearen fan Frouke mei oare minsken, ‘dy hawwe fakentiden de skerpte en de realiteitssin dy't de story in bytsje mist’.
Jan Wybenga (lc) soe as ‘meilibjende lêzer’ ek wolle dat Frouke en Willem ‘eat dogge wat de sonde wurdich is’. Hy fynt dat Poortstra der in betiizjende montaazje fan makke hat. Neffens him leit har krêft folle mear yn fyn proazawurk (lykas de koarte stikjes kursyf) as yn it eigentlike romanskriuwen. ‘Dochs skriuwt se oer it algemien knap en sekuer.’ Dit boek meie je neffens him eins net misse.
Dat bin ik hielendal mei him iens. Mei dizze problematyk, sa beskreaun dat it je nei komt, dat je it ynfiele kinne, en mei in struktuer dy't de ferrassing deryn hâldt, lûkt se je oandacht. Margryt Poortstra is yn Fragmint benammen sterk yn sfear, mar ek yn it oannimlik meitsjen fan libbensbehearskjende problemen yn de deistige situaasje wêryn't se har gauris foardogge.
Tolve huzen op it dak, Wat in gelok, Boulân 1989, alwer in priis: de jubileumpriisfraach fan de AFUK foar it berneboek Tolve huzen op it dak. In boartlik boek oer it libben op in flat.
‘Ik haw it benammen dien om de aardige dinkjes fan it libben yn in flat fêst te lizzen’,
| |
| |
seit Poortstra yn in petear mei de De Pompeblêden. It leafst skriuwt se gedichten: ‘It moaie fan fersen is dat der mei in lyts bytsje tekst dochs in hiele wrâld ûntstiet.’ Dêrmei jout se neffens my in hiele goeie karakteristyk fan harsels. Want krekt as Dick Bruna mei in pear streken it wrâldferneamde knyntsje delset hat, sketst sy mei in pear wurden soms de tragyk fan in hiel libben.
Har folgjende publikaasjes binne poëzij. Mei Eppie Dam en Folkert Verbeek bringt se Wat in gelok út, in boek mei bernebibellieten. Yn datselde jier, 1990, skriuwt se tegearre mei Eppie Dam Boulân, in bondel ‘konsipiearre út in bining mei lânbougrûn, polders en polderlânskippen wei’ sa't Tjitte Piebenga skriuwt yn de Ljouwerter Krante. Hy is der min oer te sprekken: ‘Wy sitte hjir oantangele mei in soartemint fan provinsjale midsmjittigens, in noflike maklikens, dêr't hiel slim ûnderút te kommen is.’ En dat wylst der prachtige Poortstra-bylden yn sitte:
safolle polderloft
om de frijheid yn te fleanen
| |
Nachtljocht
De grutte eare fan literêr Fryslân, frege wurde foar it boekewikegeskink, giet net oan Margryt Poortstra foarby. Yn 1991 ferskynt Nachtljocht, it ferhaal fan sân nachten yn in sikehûs.
Haadpersoan is nachtsuster Greet, dy't krekt tegearre wennet mei har freon Lex. Se hat lykwols in advertinsje út de krante knipt foar suster op de intensive care yn in Switsers sikehûs. Alle nachten sit se der oer te pikerjen hoe't se 't sizze sil en alle moarnen sjocht se, hoe fier as Lex opsketten is mei it fervjen fan har nije hûske. De oare haadpersoan is frou Duursma, in âld-ferpleechster, dy't ûngelokkich wie mei in man dy't har eigenheid oan 'e kant reage.
Margryt Poortstra is sterk yn it beskriuwen fan de sfear yn it sikehûs, it sketsen fan in begjinnende relaasje en it tekenjen fan de wrâld fan de âlde frou. Dit boek hat grif in breed publyk oansprutsen. Mar kwa djipgong en taalnivo hat se neffens my har yntusken gebrûklike peil net berikt. It ferhaal is te breed ferteld om de djipte yn te kinnen. Mear dialogen tusken frou Duursma en Greet, oer de kar dy't de iene makke hat en dêr't de oare noch foar stiet, hiene it dy djipte jaan kind. No ha se elkoar hiel wat te sizzen, mar se wije der suver gjin wurden oan. De botsende belangen tusken fêsthâlde oan wat wis is of kieze foar de frijheid hie hiel nijsgjirrige stikken opleverje kind.
Nachtljocht wurdt aardich goed ûntfongen. Jelma Knol skriuwt yn Frysk en Frij dat Poortstra ‘foar de safolste kear har fakfrouskip bewiisd hat’. Sietse de Vries fynt yn de lc dat it karakter fan Greet amper reliëf krijt en dat de ferhâlding fan har en Lex amper út de ferve komt. ‘Wat oerbliuwt is in boekje yn linich Frysk dat him flot lêze lit, sûnder dat it de lêzer yn de besnijing krijt.’
| |
| |
| |
Beheind gebiet
Margryt Poortstra hat de namme dat se har ta in lyts gebiet fan it libben beheint. Dêrom hat se, sa't se yn in fraachpetear yn Frysk en Frij fertelt, har nije ferhalebondel de titel Beheind gebiet jûn: ‘Ik jou dêr in bytsje iroanysk mei oan dat ik my behein ta it gebiet fan 'e froulju. Dêrneist is de tematyk fan 'e measte ferhalen de yllúzje en de desyllúzje; dat minsken ferwachtings fan it libben ha, wylst it meastal oars útkomt. It libben wurdt dêrmei beheind gebiet.’
Yn dizze bondel toant de skriuwster, mei útfallen, har masterskip op de koarte baan. It earste ferhaal, ‘Simmer’, begjint mei freonskip tusken froulju dy't no en dan útrint op leafde. Benammen it ûnttakeljen fan de relaasje kriget hiel subtyl op it krekte momint in lyts triuwke, sadat de spanning heech bliuwt. ‘Beppe’, ‘ienpersoans en de grutste eigen baas dy't se koe’, is moai yn de beskriuwing fan de bân tusken besibbe famke en frou, de relaasje dy't feroaret as in freon it earste plak yn de oandacht ynnimt. ‘Ferbylding’ is ek sterk: oer in frou foar wa't de beloften fan it libben nea wier makke wurde om't se oan in boer hingjen bliuwt dy't gjin tiid hat foar fakânsje. Se kin har der net út los meitsje en reizget dan mar yn har ferbylding. Soms tinke je: wat slop, spring dan dochs, mar it kloppet fansels, dat minsken dat gauris net dogge.
Yn Beheind gebiet kiest Poorstra in pear kear foar in tsjustere driging dy't oer it ferhaal hinne hinget, dêr't je de ynhâld net fan kinne en dy je linkendewei iepenbiere wurdt. Ferhalen wêryn't it ôfwêzige tagelyk oanwêzich is, binne faak sterker as de ferhalen dêr't in oplossing yn jûn wurdt. Yn in protte ferhalen sit de spanning yn in knipende bân (houlik, fatsoen) dêr't de haadpersoan oan ûntsnappe kinne soe, hie se mear piid hân. Der sit ek in hiel luguber, suver Roald Dahl-eftich ferhaal yn, it iennichste yn syn soarte. As Poortstra de spanning dy't se dochs al goed yn 'e fingers hat, de lugubere kant út skaaie lit, grypt se de lêzer mei krêft nei de strôt. Mar faker kiest se foar it lytse, leave, tichtby, dat se goed/moai beskriuwt mei adekwate sfearwurden.
Jan Wybenga (lc) fynt dizze ‘bûtengewoane bondel’ ien fan de bêste ferhalesamlingen fan de lêste jierren. Henk van der Veer skriuwt yn it Snitser Nijsblêd: ‘De ynhâld fan de ferhalen lit sjen dat Margryt Poortstra skriuwt oer de universele problematyk fan minsken. Yn dy sin is de titel in misliedende wraak! [...] Oer “alledaagse” problematyk gewoan skriuwe, is wat dizze skriuwster docht.’
Anne Wadman konstatearret yn Frysk en Frij: ‘Margryt Poortstra beskikt oer in gefoelige, faak rake toan fan skriuwen en in goede opmerkingsjefte. Se ferskrept har net, mar doar ek wat tinkwurk oan de lêzer oer te litten, troch soms ferrifeljende situaasjeferskowings of weilitting fan skeakels.’ Hy fynt dat net ien fan de trettjin ferhalen ûnder de mjitte is. Hy fynt se net allegear sterk fan struktuer, ‘mar wol sterk fan sfear en leafdefol tekene detail’. It ferhaal ‘Mem’ is neffens him it hichtepunt en leit op de grins fan it magysk realisme.
| |
Adres ûnbekend
Yn 1993 feroaret Margryt Poortstra nochris fan útjouwer. It sil net de lêste kear wêze. De ku skoddet op syn grûnfêsten, se hat gjin nocht oan al it gedonder en har roman Adres ûnbekend ferskynt by Utjouwerij Fryslân. It boek krijt acht besprekkers en de skriuwster wurdt in pear kear ynterviewd.
Yn Adres ûnbekend giet it om twa hiel ferskillende froulju, Anke en Lidewij, dy't ôfhinklik fan de faze fan har libben dêr't se yn ferkeare al dan net tichteby elkoar binne. Soms
| |
| |
ha se hast in symbioatysk kontakt, soms komme Lidewij har wurden foar Anke fan hieltyd fierder. Se binne yn elts gefal wol wichtich foar elkoar, al is dat net altyd yn lykwicht. Lidewij is de frije fûgel dy't yn it libben hapt en geregeld fan har rôze wolkjes mitert. Anke stiet dan op 'e grûn om har op te heinen, mar fangt har net altyd. Lidewij makket Anke har libben spannend, lit har even rûke oan hoe't it wêze kind hie as se har net al yntiids bedobbe hie yn in fêstlizzend libben mei har bolwurk fan feiligens Bram (‘Wy hawwe it goed’) en har berntjes. Mar Lidewij krijt anoreksia, is soms folslein fan 'e mik en slacht nu-ver yn har relaasjes om (in man, in pear kear út en wer oan, in frou derby, dan wer in man).
Yn dizze hiel yntime freonskip dy't no en dan sterk nei leafde útskaait wurde grinzen ferkend, mar ta in frijpartij, dy't sa dúdlik yn 'e reden liket te lizzen komt it net. Miskien om't Anke dêrmei har hiele feilige libbentsje yn 'e kiif steld? Oan Lidewij sil it grif net lein ha, dy sette wol faker alles op ien kaart. Anke seit oer Lidewij: ‘Do besochtst troch de grinzen hinne te brekken, do koest oan it stikeltried skuorre oant it bloed dy yn 'e hannen siet, mar belies jaan diest inkeld om op asem te kommen, om krêft te sammeljen foar in oare kear.’ (57) Anke neamt Lidewij de fûgel en harsels ‘in mol miskien, bang foar te fûl deiljocht’.
Ik fyn dit boek grut yn syn beskriuwing fan kontrastearjende belangen yn in frouljuslibben. Goed, de wolwêzenstaal komt je soms ta de noas út en de mannen steane sa folslein yn it skaad fan de froulju dat je amper wat oer har gewaar wurde, mar der sitte juwieltsjes fan petearen, sfearbeskriuwingen en betsjuttingsfolle aksinten yn.
Babs Gezelle Meerburg skriuwt yn Trotwaer, dat de stoffe dy't Poortstra behannelet nijsgjirrich genôch is, mar dat it net befredigjend is dat it nea ta in konfrontaasje komt tusken Anke en Lidewij en fan Anke mei har eigen libben. Se fynt ek dat de deistige saken te gewoan beskreaun wurde ‘en fangefolgen hat it wurk te min nijs te bieden. En dat is nammers spitich om't Poortstra, tink ik, wiswier de potinsje hat om minsklike relaasjes yngeand en op in nijsgjirrige manier fêst te lizzen.’
Jelma Knol skriuwt yn Frysk en Frij: ‘Troch it psychologysk ynsjoch en poëtysk taalgebrûk fan de skriuwster wurde sokke op it earste each net botte spektakulêre frouljuslibbens boeiend foar in grutter lêzerspublyk.’ Geertrui Visser fynt yn Hjir dat de brieven fan Lidewij gauris oerflakkich en ‘moalich’ binne. Dy fan Anke ha neffens har allegear in siel. ‘Mei wat mear útdjippe karakters en oanpast taalgebrûk hie Adres ûnbekend fan in ridlik slagge roman in goede roman wurde kinnen.’ Wol fynt se dat Poortstra's proaza in opgeande line fer-toant. Ek Henk van der Veer (Snitser Nijsblêd) fynt har wurk hieltyd folwoeksener wurden. Jant van der Weg (fd) neamt it ferhaal ‘ien grutte sollisitaasjebrief nei de folwoeksenens’. Se fynt de ein wat lytsboargerlik, ‘wylst krekt Lidewij bûten de stringen fan dy lytsboargerlikens stappe woe. Wol de auteur dêrmei oanjaan dat sokke minsken it altyd wer ferlieze moatte?’
| |
Ferrifeljend glês
Yn Ferrifeljend glês, ferskynd yn 1994, it jier dat se ek wer in Rely-priis krijt, bondelt Margryt Poortstra prachtige relaasjepoëzij mei as tema's leafde, mem-wêzen, deistige situaasjes, fergonklikens en ferburgen tragyk, gauris mei in klou-fûstslach as ein. Soms beskriuwt se, al as net bewust, har eigen wize fan skriuwen: ‘Se set op sêfte toan har tosken yn de wurden.’ (10)
In sitaat oer de fergonklikens fan in relaasje (20):
| |
| |
Yn dizze bondel komt ek in Lidewij foar, dy't alle kearen as in frijere fûgel weromkaam. Se naam de ‘ik’ mei yn de tsjoen fan hite nachten.
op it slachlûd fan har wjokken
Tjitte Piebenga falt yn syn besprek fuort oer de efterflap, dêr't op stiet dat ‘dizze letterprodusinte [...] de wierheid út har dreamskacht dolle wol’. Letter sil er hiel oars oer har fersen prate mar foar dizze bondel hat de lc-resinsint gjin goed wurd oer: ‘Relaasjeproblemen dus, deagewoane relaasjeproblemen. Lyts, earmoedich en behyplik, neat mear, neat minder. En wêrom besprekt men soks? Om't it Frysk is en om't de Fryske “literatuer” oan 'e man brocht wurde moat.’
Henk van der Veer tinkt dat froulju der mear út helje sille as manlju. Jan Kooistra (Hjir) fynt dat Poortstra sober en strak formulearret. Wol brûkt se te min oerdriuwing en irony. ‘Krekt dit soart relaasjefersen kin dêr eins net sûnder.’ Oer de man-frou, frou-frou ferhâlding seit er: ‘Ik mien oan it taalgebrûk sjen te kinnen dat de dichter mear spanning en yntimiteit ferwachtet fan in frou as fan in man.’ As der wat mear Hylkje Goïnga-irony en wat mear barokke, bombastyske taalflarden yn sieten, ‘soene it echt fersen wurde kinne fan wrâldformaat, want ynhâldlik hat Poortstra as dichter wol wat te bieden’. Albertina Soepboer skriuwt yn Trotwaer, dat der yn Ferrifeljend glês hiel wat nijsgjirrige fersen steane. ‘Margryt Poortstra is net altiten like skerp yn it oproppen fan har bylden yn poëzij omdat har wurden soms krekt wat te klisjeemjittich binne. Mar oare kearen slagget it har wol om mei in lyts bytsje wurden in helder byld op te roppen.’
| |
Eva
Mei Eva stapt Margryt Poortstra yn 1997 op 'e nij oer nei in oare útjouwerij, Frysk en Frij, dy't dizze twatalige bondel prachtich fersoarge. It tema is frou, oerfrou, mem, freondinne, dochter, it wêzen fan de frou. Har wurk krijt iderkear mear ynhâld, komt fan de grûn.
En wer komt de fraach: moat it boek troch in frou besprutsen wurde of net. Dat fynt Harmen Wind yn Frysk en Frij ûnsin - ‘Poortstra hat har bondel net foar in frouljuspraatgroep skreaun. It iepenbier meitsjen fan dizze fersen betsjut just dat se se boppe de seksen úttille wol.’ -, mar hy stelt de fraach wol. Wind fynt dat der in ‘mytyske ferdjipping yn dizze beswarrende fersen sit’ en dat Poortstra yn dizze bondel stal jout ‘oan har froulikens yn in analyze en ynlibbensfermogen mei in útsûnderlik trochkringend lûd’.
Yn de Zeewolder Krant fertelt de dichteres dat se de fersen net oerset hat, ien fan de ferwiten dy't se fan besprekkers krijt, mar dat se dy twa kear skreaun hat. Oer it tema seit se: ‘Al de fasen van het vrouwenleven zitten in het Eva-verhaal verpakt.’
Anneke Reitsma skriuwt yn Trotwaer, dat se Poortstra op syn sterkst fynt as se de froulju ‘- als evenzovele alter ego's van zichzelf - in een beeldende context tot leven brengt. Wanneer ze zich echter van dit concrete niveau verwijdert, liggen vaagheid en verwrongen beeldspraak op de loer. [...] Al met al vind ik Eva een bundel van wisselende kwaliteit, waarin
| |
| |
een op zichzelf interessant gedachtengoed vaak te weinig vormvast wordt neergezet.’ Tjitte Piebenga is yn de lc hielendal ‘om’; yn in hast iroanysk lykjende lofsang op de skriuwster: ‘Dizze útsûnderlike bondel stiet suver fol mei (ditsoarte fan) skriuwtechnysk masterskip.’ Hy neamt har ‘ien fan 'e mei gesach kroane foaroanfroulju yn 'e Fryske skriuwerij’. En ‘yntusken kin gjin betûfte lêzer mear ûnder it bûtenwenstige talint fan ús grutste dichteresse út. [...] Poortstra hat de ultime ienfâldigens ta har ûnferfrjemdber skaaimerk makke.’
| |
In soarte fan swijen
It binne produktive jierren foar Margryt Poortstra: noch mar in jier letter ferskynt de ferhalebondel In soarte fan swijen, wat my oanbelanget it hichtepunt fan har hiele oeuvre. Yn dat boek lit se de knipende bannen fan wat har oars noch wolris oan de grûn hâldt (útlizzerigens, te komplekse situaasjes dy't mei har op 'e rin geane) los en fljocht se frij de wrâld fan de duorjende literatuer yn.
Sa is der it ferhaal ‘Blijread’, oer Pier dy't hieltyd fierder yn in depresje rekket. Hy slacht de bern, naait út, sjocht in flamingo en fielt him dan foar it earst sûnt moannen wer licht. Mar as er dan thús komt, dêr't syn frou en bern noch om 'e tafel sitte, kin er net mear ophâlde fan laitsen. Dat ferhaal is prachtich kwa sfear, driging en tragyk.
In oar goed ferhaal mei in makabere driging is ‘De kat’, oer in frou dy't sûnder al te folle wille in relaasje mei in man hat, der net folle oan fynt, der ek net sûnder kin en eins gjin besleur hat oer hoe't it libben yninoar sit. Hjir sit ek in bysûndere driging yn, dy't je fuort pakt. Oar moai foarbyld: ‘Frij’: in man mei rinstekje fiert striptease út mei jonge frou op balkon. ‘De rolstoel’: frou sûnder skonken en har man
Margryt Poortstra thús, 1998 (foto Sjoerd Andringa/fd; argyf flmd)
hâlde fanwege har handikap in âldeminskefakânsje en moatte wer hielendal ta inoar wenne. Spanning, driging en tragyk ta in bysûndere miks ferfrissele yn in magistraal ferhaal.
Margryt Poortstra kiest foar bysûndere situaasjes, leit der in foar in grut part ûnbekende driging oerhinne en tikket it dan orizjineel ôf. Net alle ferhalen binne like sterk, guon krije krekt wat te min tekening, mar oer 't generaal is dit in tige slagge bondel.
Jelle Krol skriuwt yn de lc: ‘Mei “In soarte fan swijen” hat Margrryt Poortstra op 'en nij bewiisd dat hja ien fan Fryslâns wichtichste skriuwsters is, dy't yn har proaza it wêzen fan minsklike relaasjes op in oertsjûgjende, byti- | |
| |
den poëtyske wize staljout.’ Yn Trotwaer is Doeke Sijens ek hiel posityf. Oer guon, benammen konkrete ferhalen, seit hy: ‘Dy binne fan sa'n grutte klasse, dat elkenien dy't witte wol hoe't in perfekt ferhaal skreaun wurde kin, se lêze moat.’ Gerbrich van der Meer (fd) hat de measte krityk. Se fynt dat Poortstra har blomryk taalgebrûk net altyd bydraacht ta de helderheid en se hat de yndruk dat de skriuwster min in ein breidzje kin oan de ferhalen. Henk van der Veer fynt dat se net mei ferrassend wurk kommen is, mar dat se har nivo wol hanthavenet. Se hat in goed each foar details mar wit net altyd ta in goed slotakkoard te kommen. Hy konkludearret wol dat de ferhalen better wurde as Poortstra konkreter is en dat binne ferskillende kritisy mei him iens.
| |
De loads
Yn 1999 lûkt Margryt Poortstra opnij de oandacht mei de roman De loads. It plak fan hanneling is bewust ta in hiel dúdlike situaasje werombrocht: in loads dêr't de twa haadpersoanen yn opsluten sitte. De reden om har sa te isolearjen liket te wêzen dat Dynke (de iennichste echte haadpersoan) allinnich sa har ferhaal en dat fan har mem en beppe, trije generaasjes froulju, fertelle kin, sûnder ûnderbrutsen te wurden troch wat yn it deistich libben faak oandacht freget. De oare haadpersoan, Abel, stiet yn tsjinst fan Dynke, hy moat harkje en har sa ta harsels werombringe.
De situaasje dêr't se yn sitte ropt spanning op, mar dêr wurdt net folle mei dien. It draait om Dynke en dy line wurdt dúdlik fêsthâlden. Dêrmei wurdt har karakter tige goed útwurke, foaral om't it ljocht fan in oare generaasje der ek op skynt. Dat is in nijsgjirrige fynst. Kwa dialogen en karaktertekeningen sitte der wer poëtyske pronkstikjes yn. Dochs hat De loads my net sa oansprutsen as In soarte fan swijen, benammen om't ik de magy dêr't se my krekt fan op 'e smaak brocht hie yn dit boek wat miste.
Joop Boomsma skriuwt yn Trotwaer: ‘Margryt Poortstra hat mei dizze roman op 'e nij bewiisd dat se ta de top beheart fan de hjoeddeiske Fryske literatuer (m/f). Se set sûnder in oerdied oan wurden minsken del dy't earlik en echt oerkomme. Faaks dat De Loads psychologys wat minder djipgong hat as guon fan har eardere boeken, wat iendiminsjonaler is (want eins folslein rjochte op ien minske), mar wat yn dizze roman ferteld wurdt is boeiend en meinimmend. Krekt om't der safolle yn ferteld wurdt.’ Henk van der Veer is der ek tige oer te sprekken: ‘De Loads is foar my in hichtepunt yn har fiifentweintichjierrich skriuwerskip.’
| |
Minskeliteratuer
De iene wol de haadpersoanen frije litte, de oare fynt dat se net sokke sûgen wêze moatte, in tredden fynt de problemen te lytsskalich, in fjirden wol dat se bombastysker skriuwt, mar Margryt Poortstra lûkt har der sa't skynt neat fan oan. Sy giet har eigen wei. En dy wei giet de djipte yn, se lûkt hieltyd lytsere krinkjes om har haadpersoanen hinne, sadat al it oerstallige ferdwynt en oerbliuwt dêr't it echt om giet. Dan berikt se faak grutte hichten. Se tekent de tekene minsk mei krekt de goeie wurden. De taal is har maat yn it fangen fan de sfear. Mar de kompleksiteit fan de troch har keazen situaasjes liedt har soms ôf fan de haadsaken en dan geane der hiel wat wurden yn de omballingen sitten.
Net alles wat se skriuwt is like sterk, mar der sit wol in dúdlike ûntjouwing yn. Se set heech yn mei Hillige Minke. Yn har twadde boek, It stille wetter is der wat minder distânsje, de karakters kleve har soms oan 'e hannen fêst en komme net ta har gerak as se net
| |
| |
wat loslitten wurde. Mei Krúswetter klinkt foar 't earst har eigen lûd yn fersfoarm. Har lettere dichtbondels Ferrifeljend glês en Eva litte in dúdlike opgeande line sjen. De roman Fragmint dûkt de djipte yn en is al wer better as it eardere proazawurk. Nachtljocht is even in stapke tebek yn syn gruttere oerflakkigens. Mei Beheind gebiet komt Poortstra sterker werom. Adres ûnbekend fyn ik noch better yn sfear en karaktertekening. In soarte fan swijen is foar my it hichtepunt fan al har proazawurk. Dat boek soe oer hûndert jier werprinte wurde moatte yn in dan ferskinende rige Fryske Klassiken. De loads fyn ik krekt wer wat minder magysk, al hat dat wol in hege kwaliteit. Trochredenearjend yn dizze rige soe de fan 't hjerst te ferskinen roman Kâld fjoer dan wer in echt masterwurk wêze kinne.
Poortstra wurk krijt hieltyd mear djipgong en se krijt ek hieltyd mear erkenning De kwalifikaasjes lige der net om: ‘ien fan Fryslâns wichtichste skriuwsters’, ‘ien fan de bêste ferhalesamlingen fan de lêste jierren’, ‘in mytyske ferdjipping’, ‘bûtenwenstich talint’, ‘se heart ta de top fan de Fryske literatuer’.
No allinne dat etiket ‘frouljusliteratuer’ noch. Se is frou, se skriuwt oer froulju. Mar de problemen dêr't har haadpersoanen mei ompakke binne net allinne dy fan froulju. Man-Iju kinne har likegoed yn har wurk werkenne, krekt om't de situaasjes faak basearre binne op wêr't minsken yn fêstrinne. It soe dan ek tiid wurde, dat Margryt Poortstra einlings befrijd wurdt fan dat beheinende etiket. Se skriuwt ommers minskeliteratuer.
Bibliografy Margryt Poortstra
Romans en novellen
1975 Hillige Minke |
1977 It stille wetter |
1989 Fragmint |
1991 Nachtljocht (Boekewikegeskink) |
1993 Adres ûnbekend |
1999 De loads |
|
|
Ferhalen
1991 Beheind gebiet |
1998 In soarte fan swijen |
|
|
Dichtwurk
1987 Krúswetter |
1990 Boulân (mei Eppie Dam) |
1994 Ferrifeljend glês |
1997 Eva |
|
|
Berneboeken
1977 It lân efter de wolken |
1989 Tolve huzen op it dak |
1990 Wat in gelok 2 (bernebibellieten, skreau mei Eppie Dam en Folkert Verbeek) |
|
|
Prizen
1975 kffb-romanpriisfraach (It stille wetter) |
1984 Rely Jorritsmapriis (fers ‘Skilderij’) |
1986 Rely Jorritsmapriis (fers ‘Kearpunt’) |
1988 afuk Jubileumpriisfraach (berneboek Tolve huzen op it dak) |
1989 Rely Jorritsmarpriis (ferhaal ‘Fan nei de oarloch’) |
1994 Rely Jorritsmapriis (ferhaal ‘Gouden knoopkes’) |
|
|
|