Byprate
Neeltje Bonnema
Foar de spegel stiet er himsels oan alle einen en kanten te besjen, strykt it hier oer de al wat keale plakken, lûkt twa kear it liif yn en freget glimkjend: ‘Fûnst it lekker?’
Hy draait him in kwartslach om, sjocht mei in skean each nei syn frou dy 't bewuolle yn it dekbêd nei him leit te sjen. ‘No?’
‘Ik wit net, moarns fyn ik der net safolle oan, dat witst ek wol.’
‘Nee, moarns net en jûns ek net, asto tinkst dat it oars is moatst it mar sizze.’ Syn lûd is no yn ienkear koart. Rimpen skuort er de broek om-heech oant it grouwe liif ‘ho’ seit. Dan troppet er it boesgroentsje hastich by de broek yn, ûnderwilens it ark teplak lizzend.
‘Moatst de flappen fan it bloeske wat te plak skowe, sa kinst net nei kantoar.’
‘Kin it dy dan wat skele hoe't ik der by rin?’
‘No ja, sels witte, sa sjogge se allegearre datst sa hastich wiest fan 'e moarn.’
No draait er him hielendal om en sjocht har mei ferhearde eagen oan. ‘Do mienst dochs net dat ik oer ús moarnsseks praat wol.’
Se lûkt it dekbêd oan de noas ta.
‘Moarnsseks’, hoe kin er it betinke. Dat moat se Pity fan 'e middei fertelle, wat sil dy mâl beare.
‘En dy strik moatst ek net sa mâl oanskuorre, it liket krekt in stik tou.’
‘Ja wat wolst no, oer seks prate of wolst dy mei my bemuoie.’ Lilk skuort er de strik foarwei en slingeret him yn de hoeke.
‘No doch dan mar seks, wy hawwe it der no dochs oer.’
‘Doch dan mar seks, it binne gjin sprútsjes of woartels. En moat dat no, it is ferdomd tweintich foar achten.’
Se sjocht no wol dat er hielendal op ien ein is, hy besiket ien foet yn de skoech te wrotten wylst er de strik fan de flier raamt.
‘Moast net sa lilk, ik pleagje dy mar in bytsje, toe ju, gean hjir eefkes op 'e râne fan it bêd sitten.’
‘Sitte? No?
Sjoch, no ja, seks fyn ik wol lekker mar de lêste pear jier is it oars net as opsjitte, teminsten moarns. Ho, ho, my net yn de rede falle ik wit wol watsto sizze wolst mar ik wol net moarns en jûns, want Pity seit, dêr krigest blaasûnstekking fan.’
‘Wat! Pity seit...’ Hy kin amper in wurd útbringe. ‘Do en Pity prate oer ús sekslibben?’
‘Nee ju, mear sa yn it algemien. Ach, miskien haw ik wolris wat loslitten mar mear oer gewoane dinkjes, gewoan. Mar oer jimme mem dêr haw ik noait oer praat.’
‘Oer ús mem?’
‘Ja, asto klearkomst ropst altyd om jim mem, moast earlik wêze.’
As in sâltsek sit er op bêd, de holle yn beide hannen.
‘Op kantoar witte se it net, dat fan jim mem, dat wit ik allinne. O ja, en dan noch wat. Pity sei ek dat je mear laitsje moatte op bêd, dat skynt hiel sûn te wêzen. Miskien is in lachfilm wolris wat.’
Hy leit no achteroer op bêd, de eagen ticht. ‘Ik bin mislik.’
Se strykt him sêft oer it rûne liif, hieltyd op 'e nij, oant syn lytse man rjocht oereinstiet.
‘Ik meld dy siik.’
‘Wit Pity noch mear.’
‘Nee Pity net, ik wol, mar aanst net om jim mem roppe hear.’