Trotwaer. Jaargang 34(2002)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 174] [p. 174] Eppie Dam Jimmy White Wylde swartbûnte klyster, wite raaf, pryster fan de timpel fan Sheffield, slaan noch ien kear de wjukken út dyn festje, helje alles út dyn gleonsûgde filtersigret en lit de tsjinstanner oan opblazens ta wetternippe. Binne dyn eagen read fan 'e nacht, lit it dy fjoer jaan en de skerpte fan in laser de keu dêrsto briljant oan 'e tafel it lekken mei skjinnest - al wiene alle kleuren kûgels en gniisde yn elke pocket in pot bier. Trilje dyn hannen, lit it út stille opwining wêze datsto dit jier, nei seis ferlerne finales yn 'e World Embassy of Snooker, alle ballen dy't de keunst dy opjout, mei twa fingers en in losse earmtak witst te stjoeren: de giele in ljochtstriel de griene in ferfspat de brune dûkend op syn proai de blauwe iiskâld as in haaiefin de rôze as clean as a whistle en de swarte rikjend as in wynhoas oer all England. [pagina 175] [p. 175] Goran en God Mei in wildcard fan God yn 'e bûse en op syn kroatise missy nei it grienste centre court fan de giele ballen mear krusen slaand as volleys wûn Goran Ivanisevic yn 2001 it toernoai fan Wimbledon. Op 'e dea seach er nei de loft. En God soarge dat it eaze. Op matchpoint smeekte er de himel. En God sloech in ace. Wylst in bui him yn 'e beker spegele bestoarme it folk mei in findel de wolken: You are a Genius. Vorige Volgende