Tegels
Meinou P.
Moandeitemoarn, kertier foar achten. Ik kom it lokaal fan groep fiif yn, dêr't ik in lyts part fan de wike yn wurkje. De lessen begjinne om healwei njoggenen, mar der is in protte fan te foaren te dwaan. As der wat kopieard wurde moat, moat dat drekt barre, oars is it apparaat beset. De foto's op it takeboerd moatte ferfongen, ik moat it ferslach fan myn kollega fan it lêste part fan foarige wike trochlêze, my tariede op wat der hjoed op it program stiet en de kompjûters opstarte.
Sûnt koart meie de âlders harren bern net mear foar kertier oer achten yn de skoalle ôfleverje, dat hat in goede maatregel west, ik kin alles yn alle rêst dwaan. Dan komme de learlingen dy't drekt har ferhalen oer it wykein kwyt wolle. Der is in mem dy't mei my prate wol oer in jonkje dat de buert terrorisearret. Wylst ik mei har yn 'e gong stean, komt de heit fan it bewuste mantsje deroan en begjint de frou út te skellen. Yn dizze gefallen kinne wy de skoalliedster dy't ambulant is, ynskeakelje. Se litte har oertsjûgje dat it hjir net it plak is om de rûzje út te fjochtsjen en ik bring se nei it direkteurskeammerke.
Werom yn it lokaal sjoch ik in famke wat ferlern foar it boerd stean mei in kuorke mei lekkers deryn. It is har jierdei, dêr moat fansels oandacht oan skonken wurde en der moat in flagge op it boerd komme. It is al hast healwei tsienen as alle njoggenentweintich bern mei har taak begjinne kinne.
Yn it skoft haw ik pleinwacht. Tusken de middei yt ik myn bôle op wylst ik de dikteeskriften neisjoch. De measte tiid ferget it registrearjen, fan alle bern moatte de flaters fan de ferskillende staveringsproblemen notearre wurde, bygl. wurden mei -cht, mei koarte klank en ferdûbeling fan de tuskenletter, mei in lange klank oan 'e ein fan in wurdlid, ensfh. Krigest sa in prachtich oersjoch, dêr't by myn witten nimmen oait wer nei sjocht, behalve myn kollega en dy wit sa ek wol hokker flaters der makke wurde.
Der is noch efkes tiid om wat te drinken en in praatsje te meitsjen yn it lytse kofjekeammerke dêr't lang net elkenien sitte kin en dan binne de bern der al wer. As de skoalle útgiet, lizze der noch achtenfyftich skriften dy't ik trochmoat en dan folget it ferslach fan de dei. Tusken fjouweren en healwei fiven doch ik de doar fan it lokaal achter my ticht.
Tongersdeitemoarn, kertier oer njoggenen. Ik rin troch de gongen fan it gemeentehûs fan in Frysksinnige gemeente. Dêr sil in helpdesk Frysk ynrjochte wurde en ik mei de twa dy't dy bemanje sille, opliede. Dat bart yn har wurktiid, alle wiken twa en in heal oere.
De measte doarren fan de wurkromten steane iepen. It gemeentepersoniel hat fleksibele begjintiden en oeral wurdt noch kofjedronken en praat. By alle ôfdielings is in aparte toiletromte foar manlju en froulju en ik sinjalearje trije kear in modern kopiearapparaat.
Op de keamer dêr't ik lesjou, steane termoskannen mei kofje en tee. Foar't myn kursisten der binne, haw ik al in bakje hân, en dan drink ik noch ien mei harren. Untspand begjinne wy mei de les. Om fiif minuten oer tolven stean ik wer bûten.
Is it net in wûnder, menear Hermans, dat der noch minsken binne dy't yn it basisûnderwiis wurkje wolle?