Oantinkens oan in ferteller
Geart de Vries
Yn ien fan syn lêste boeken beskreau Karel van het Reve hoe maklik oantinkens ferdwine kinne. By harren thús kaam yn de jierren tritich in agint fan de Komintern oer de flier, in Dútser mei de namme Karl. It wie in hiel aardige man mei in sêft lûd dy't altiten Egyptyske sigaretten smookte. Yn de oarloch waard dy Karl arrestearre en fusillearre. Karel van het Reve beslút syn stik mei de wurden: ‘Af en toe denk ik aan hem. Maar wie zal als ik dood ben (nog) aan hem denken?’ Douwe Tamminga hie oantinkens oan minsken en foarfallen dêr't nimmen fan ús mear by stilstiet.
Ik ha faak fersteld stien fan syn geweldige ûnthâld en miskyn noch wol mear fan syn wize fan fertellen, syn formulearjen. Ek wat dat oanbelanget wie er in master fan it wurd. Hy hie it fermogen om wat er yn it ferline ienkear heard hie, sa te ferwurdzjen - mei dat karakteristike lûd fan him - dat men harkjen bleau.
Hy hie net allinne it talint om saken út syn eigen libben wer nei boppe te heljen, hy wist ek reliëf te jaan oan de ieu dy't achter ús leit. Oan minsken dy't al lang wei wiene en oan foarfallen dêr't er as bystanner tsjûge fan west hie. En as man fan it wurd wist er faak hiel krekt te fertellen hoe't immen bepaalde saken sein hie. Fansels sil ek by him fanwege it ferhaal dingen soms moaier ferwurde wêze as se sein wiene, mar dy spesjale antenne, benammen foar it taaleigen fan minsken, wie by him ûnmiskenber oanwêzich.
De mobilisaasje yn de Bjirmen yn de Earste Wrâldoarloch, de betiizjende earste moannen fan de lêste oarloch, de wederwarichheden fan de Tsjerne-redaksje mei de literêre grutheden fan dy tiid (allinne al it ferhaal oer it opstappen fan Eeltsje Boates Folkertsma út dy redaksje soe noch wolris as single play foar de Fryske televyzje brocht wurde kinne), de oantinkens oan Fedde Schurer en it hiele Kneppelfreed-barren: as ien fan de meast sintrale figueren fan it literêre en kulturele Fryske fermidden fan de tweintichste ieu rekke Tamminga net gau útpraat.
Myn alderearste televyzjeprogramma, yn 1987, wie in skriuwersportret fan Tamminga. Frjemdgenôch hie er sels gjin oanstriid hân om syn oantinkens op papier te setten. Wol hie er in boek útjûn mei literêre anekdoates (Fan hearren en sizzen), mar memoires, dêr skytskoarre er tsjin oan. Syn njoggentichste jierdei like my in gaadlik momint om mei him werom te sjen op syn libben en wurk.
Yn de earste moannen fan 1999 gyng ik sa'n fjirtjin sneontemiddeis by him op besite om him dat ferhaal fan syn lange libben fertelle te litten. It boek dat úteinlik ta stân kaam wie neat mear of minder as in werjefte fan in stikmennich Trochpaden dêr't syn libben lâns ferrûn wie. It gyng my om syn rike oantinkens oan de tiid dêr't er yn libbe hie, mar ik woe ek mear witte oer de ûntsteansskiednis fan syn wichtichste (dicht)wurken, benammen de sykly It griene jier en In memoriam Dy middeis wiene net de maklikste.