efteromslach fan it oan him wijde ‘printeboek’ yn 1989) ûntfalle litten:
Klei net, dij wurde tiid en talis gund.
Elk jier wês dij in kostb're wikselmunt.
It binne rigels dy't net allinne tsjûgje fan syn tankberens foar in lang libben, mar nei myn betinken ek fan syn besef dat men jins tiid goed brûke moat. Ja - warberens hat wol syn biedwurd west as men sjocht nei wat er ús bean en dêrmei neilitten hat. En dat by alle ôfen oanjen yn syn libbensberin mei ûnfersteurbere iver, trou en tawijing.
Ik tink tebeksjende ek oan syn foarbyldich krewearjen as redaksjeskriuwer en -skepper fan it tydskrift De Tsjerne en syn mentorskip dêr't er sa mannich jong talint mei skewiele woe. Oan syn mânske bydrage as oersetter en bewurker foar it Lieteboek foar de Tsjerken (1977) en syn supervisorskip oer de nije bibeloersetting fan 1978. Oan syn kreative ynbring yn de betinking fan grutte foargongers as Gysbert Japiks (1963) en Joast Halbertsma (1968).
Ik moat fansels, by alles wat ik oerslaan moat, wol neame dat er de gearstalling op him nommen hat fan de samle fersen fan sokke útinoarrinnende konfraters as R.B. Windsma (1981), D.H. Kiestra (1982, mei T.B. Hoekema) en G.N. Visser (1989). Syn toanielwurk, syn romans, syn learboeken en blomlêzings, syn bydragen oan de ‘lichte muze’ en net te ferjitten syn faak magistrale oersettings (Poe, Goethe, Thomas!) - wêr helle er it allegear wei?
Al dy warberens moat wol mei syn boarne hân hawwe yn syn leafde ta dit lân, dizze taal en dizze minsken. By syn dea past rou, mar foaral ek bewûndering en tankberens.
Mei syn ein frede west hawwe. En mei in heinende wjuk, fannijs en no foargoed, rûzjend foar him opfearn wêze. Dat byld, ea brûkt yn in fers út 1940, is my altyd bybleaun. Dêrom brûk ik it hjir, ek yn it opskrift boppe myn stik. It fers sels, tsjûgenis fan in yntins belibjen fan ús bestean op 'e grins fan libben en dea, lit ik hjir, mei as postúm earbetoan, ek folgje.
Ungrûn
Untdien fan al de iepen en temûke
ik nei dyn steilte slûke.
De print fan in wurge ferswurven
foet leit efter yn woastinen, rint
roerdelings nei dyn râne..
Hoe kaam ik oan dy telâne?
Klachten dy't as stiennen
En ik spring. Mar as de stap skampt
in heinende wjuk rûzjend opfearn,
(Earste publikaasje yn it moanneblêd It Heitelân yn 1940, letter opnomd yn de bondel Nije gedichten yn 1945. It fers stiet ek yn Stapstiennen, de blomlêzing út eigen wurk dy't de dichter sels yn 1979 gearstalde.)