Trotwaer. Jaargang 34(2002)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 167] [p. 167] Tjitte Piebenga As de dichter dea is (In memoriam Omke Douwe) It skûltsjesetten treast, de lêste trime ôfgien, sa leit er yn de tru- kedoaze. Lit him sliepe, sliepe, en âlde maten moetsje. Hy kin de hillige sangen, dy't libje lykas hy. Op 't lêst hat hy de kaaie. Hy is net dea, hy heart de koekút noch, sjoch, yn wolkens besylt er de Swarte Brekken, dy jonge oan de fokkeskoat. Se hawwe de koerts, lûd sjongend fan min en maitiid. Driuwe litt' se de kansel rhetor. De fertrietlike sitadel, ûnbewarre foar novimber en drôve lieten. Sa âld te wurden, gjin nammen yn it stamhout ritst. Dochs, hy nimt in slokje mei syn maten, en sliept, sliept. Vorige Volgende