[Nummer 4]
Dwersreed
Sjoerd Bottema
Eksellint
‘Omdat we weten hoe leuk lesgeven is,’ sa sjongt it ûnderskrift op de foarside fan it blêd LééRKRACHT. Glossy, mei fette kleuren. ‘Léérkracht wil pagina na pagina plezier uitstralen.’ Yn 'e midden fan it blêd fiif paginagrutte fotoportretten fan leararen dêr't de wille yndie fan ôfstrielet. Mei in sweeping statement. In learaar Nederlâns bygelyks dy't oer ‘het leuke van lesgeven’ wit te melden ‘dat elke dag anders is’. Learaar Nederlâns - de status fan dat berop sakket almar mear: de iene ferkeapet syn siel oan big brother, de oare praat de stjerreklame nei.
Op de iepenbiere skoallemienskip Piter Jelles yn Ljouwert en fiere omkriten wurdt der lykwols hurd oan wurke om de status fan de leararen - en dêrmei dy fan de skoalle - op te krikjen. Het heft in eigen hand, sa hjit de ‘evaluatiecyclus’ dêr't no mei út ein set wurdt. In trijejierrige kursus: hoe wurd ik in eksellint learaar. Yn de ynfomap klinkt en davert it glossy jargon fier yn it rûn: coachende leiderschapsstijl, focus, popgesprek, tijdpad, 360 graden feedback, ontwikkelgesprek, spiegeling door de coach, zelfsturing, referentiegroepen, adaptief onderwijs, duaal leren, intervisietrajecten.
Popgesprek: Het heft in eigen hand straalt pagina na pagina plezier uit.
Popgesprek? De map giet der ynearsten net neier op yn, mar dat it hjir om wat wichtichs giet, in petear fan kapitaal belang, docht in pear siden fierder al bliken: dêr is it ynienen in ‘popgesprek’! Pas op side 39, yn bylage C, wurdt men gewaar wêr't dat ‘pop’ of ‘pop’ foar stiet: persoonlijk ontwikkelingsplan. It persoanlik ûntwikkelingsplan fan de eksellinte learaar yn de dop, dat is de pop. Hiel logysk eins. Dêrom hyt dat ding dêr't de flinder út krûpt, ek sa: ‘pop’. Dat is it ‘persoonlijk ontwikkelingsplan’ fan de rûp, de rups. Sûnder pop wurdt in rûp noait in flinder, in gewoane lesboer noait in eksellint learaar.
In eksellint learaar makket wurk fan syn wurk, hy kin der net genôch fan krije, wat sis ik, hy mei der wol brij fan: hy analysearret syn fak geregeld op brûkbere ynsichten foar it realisearjen fan oanpaste of nije ûnderwiisdoelen, en oarsom analysearret er ûnderwiissitewaasjes hyltyd op fakynhâldlike of fakdidaktyske aspekten. In eksellint learaar hat nei syn learlingen gjin omsjen - dy binne selsstannich op harren eigen nivo mei differinsjearre opdrachten oan 'e slach - mar hy kin net in kollega tsjinkomme of hy nimt him even apart en docht him in hânfol foarstellen foar ûnderwiisfernijings op it nivo fan de (eigen) ûnderwiisorganisaasje en dêrbûten of besiket him te belûken by ynstellingsoerstiigjende akitiviteiten.
Geregeld set de eksellinte learaar syn profesjonele belutsenens yn foar in petear mei syn kollega's oer it fergrutsjen fan harren profesjonele effektiviteit. (Nee wier, ik betink dit net sels, ik skriuw dit allegear oer út Het heft in eigen hand.) As der gjin kollega's yn 'e buert binne, dan is de eksellinte learaar dwaande mei it inisjearjen en begelieden fan komplekse fernijingsprosessen, dan leit en ûnderhâldt er strukturele kontakten mei ynstellings dy't foar osg Piter Jelles fan grut belang binne, dan be-