André Bralts (1945), net praktisearjend doktorandus Frysk. Ald-redakteur fan De Strikel. Wurket mei syn maat Joop Douwma oan in cd-syklus fan Grinslanner libbenslieten: Woarom nait 1 t/m 10. |
Marga Claus (1955) is edukatyf wurkster by it Friesland College yn Snits. Jout lessen Nederlânsk en digitale feardigens, fan it o-nivo ôf, d.w.s. oan analfaen digibeten. Yn septimber 2000 ferskynde fan har Oxzana, ferhaal fan in flechtling. |
Freark Dam (1924) wie wurksum yn útjouwerij en sjoernalistyk, dêrnei oant healwei 1986 konservator fan it flmd; wie redakteur fan De Tsjerne en einredakteur fan De Strikel; skriuwt njonken poëzy ek ferheljend en kritysk proaza, toaniel (ek yn oersetting) en de lêste jierren benammen literêr-histoaryske stikken. |
Piet Hemminga (1946) is as bestjoerskundige oan de Fryske Akademy ferbûn. Docht benammen ynternasjonaal ferlykjend ûndersyk nei oerheidsbelied en taal. |
Berber van der Geest (1938) wie goed fiifentweintich jier haad fan in beukerskoalle, helle akten foar tekenjen en Frysk, publisearre fersen, miniferhaaltsjes en berneboeken, makke teksten foar sjongers, krige yn 1989 de Simke Kloostermanpriis en de Premiio Europeo di Litteratura Giovanile. |
Arjan Hut (1976) hat hbo-Ingelsk en is dwaande mei Frysk. Is begjinnend skriuwer. Hat ferline simmer syn gedichten yn it Ingelsk en it Frysk foardroegen op it Polperro-festival yn Cornwall. |
Jitske Kingma (1959) debutearre yn 1989 mei it reisferhaal In dûk yn 'e Ganges, yn 1999 oanfolle mei In twadde libben. Wie redakteur fan it Frysk Deiblêd. Wurket by de ynternet-útjouwerij Gopher Publishers yn Grins en is redakteur fan Trotwaer. |
Syta Palma (1936) studearre Frânsk yn Utert (skripsje oer wurk fan Albert Camus) en Frysk yn Grins (skripsje oer wurk fan Trinus Riemersma), wie learares Frânsk yn Grins. Resinsearre Frânske literatuer yn it Nederlands Dagblad. Jout taalûnderwiis en pastorale soarch oan Frânsktalige asylsikers. |
Mette Meinou Piebenga (1944) hat in heale baan yn it basisûnderwiis en fersoarget kursussen foar de afûk. Skriuwde koarte ferhalen yn ûnderskate sammelbondels en krige twa kear de Rely Jorritsmapriis (1990 en 1993). |
Trinus Riemersma (1938) amateuristysk literator te Frjentsjer. |
Onno-Sven Tromp (1967) is dichter en publicist te Amsterdam. Hij houdt zich vooral bezig met het schrijven van sonnetten en literaire wandelgidsen. Studeerde econometrie in Groningen en promoveerde in de milieukunde. Gaf in 1993 in eigen beheer Tot de verbeelding uit. Verder verschenen Ramen (1999). Hij won de eerste prijs bij de Leeuwarder gedichtenwedstrijd ‘Impressies van een stad’ (september 2001). |
Henk van der Veer (1954) is ûnderwizer, redakteur fan Trotwaer en resinsint foar it Sneeker Nieuwsblad. Publisearre ferskate dichtbondels - de lêste wie Kajapoetoaly (2000) - en (tegearre mei Doeke Sijens) In útjouwerij fan QuizeQUânsje (1995) oer 25 jier Koperative Utjowerij. |
Gerrit de Wilde (1941) beeldend kunstenaar te Makkum. Woont in Fryslân sinds 1967. |
Harmen Wind (1945) is as direksjelid ferbûn oan in learare-oplieding yn Doetinchem. Hy skriuwt Frysken Hollânsktalige fersen. Syn lêste bondel yn it Hollânsk is Buiten adem, yn it Frysk ferskynde yn 1999 Op sân. Yn 1987 wûn er de Fedde Schurerpriis foar literêre debuten. |