Trioel
Evenals een spreeuw, verslindt herinnering alles
Ja, dêr koe ik my fuort yn fine, wat Freark Dam skreau yn it jannewarisnûmer, èn oer W.G. van de Hulst èn oer it brûken fan it wurd ‘geane’ troch Brolsma sr. It woe my ek al net oan, en - mar dit tusken heakjes - ik bin doedestiids wol slagge foar myn eksamen Frysk lu mei it mûnling oer Reinder Brolsma by Jan Piebenga. Mar ja, Freark en ik binne beide boppe-de-fyftigers!
Wat my bringt op it folgjende ûnderwerp, it ûnthâld: ik ha lang tocht dat ik in góed ûnthâld hie, wit noch dingen fan doe't ik twa jier wie... mar mis. It is ferrifeljend, it is in ding, sêft sein, dêr't je noait al te bot op fertrouwe moatte. Oft je no tritich, fyftich of boppe de santich binne! Dat is myn ûnderfining. Breyten Breytenbach hat gelyk: Evenals een spreeuw, verslindt herinnering alles.
En noch in frage: hoe komt it dat yn itselde nûmer fan Trotwaer it boek fan Ulke Brolsma Iona neamd wurdt, en net Ioana? No haw ik sa myn best dien om dy moaie namme goed yn myn ûnthâld te krijen en dan dit!
Ria Postma-Stolk