typyske Jeropeeske potintaten: Nero, Alva, Hitler, Stalin... Nee, noflik is it dêr lang net.
Jou my de himel mar. De ôfdielingen dêr wurde behearske troch eks-presidinten fan Amearika: Lincoln, Kennedy ensafuorthinne. 't Is dêr wol in grutte rotsoai, der is altyd wat (stoffe genôch foar guon skriuwers), mar de frijheid is grut en men mei dêr sels boeken fan Tr. Riemersma lêze.
By de Mossad sjogge wy ek Netwerk. Dêr folge op 25 febrewaris in Frânske kameraploech Arafat, de Palestynske lieder en Nobelpriiswinner foar de frede. De man sei frede te wollen. Syn folgelingen woenen wol foar him stjerre. Mar even letter raasde er hystearysk: ‘Jihad, Jihad, Jihad’, miskien wol tsien kear efterinoar, mar dat waard ôfkappe; it hie net filme wurde mocht. 't Is dúdlik: dat hearskip is in wolf yn skieppefellen, oan 'e iene kant in fredesapostel. oan 'e oare in mingfoarm fan Saddam Hoessein en Ben Laden. Sa helpt er syn eigen lân en folk nei de kloaten, wylst Israël dêr de skuld fan krijt.
Faaks is de man skizofreen, hat er in tespjalte geast. Dan haw ik wol in oplossing foar it probleem. Se moatte him fan top ta teil yn twa gelikense helten snije en beide helten ynblikke. De Jihadhelte giet nei de bajes yn Skeveningen en der komt in postúm proses foar it Tribunaal. De Nobelpriishelte wurdt ferarbeide yn in fredesmonumint yn Jeruzalim. Ik leau grif...
Mar ja, ik bin ek mar in Frysk skriuwerke. En polityk... Ik woe mar sizze: Trinus docht dúdlik in ferkearde kar. Hy kiest foar Jeropa as wrâldhearsker en tsjin Amearika wat dat oanbelanget. Mar dy Jeropeeske skytsekken binne deabenaud foar Arafat en de Arabyske oalje. Altyd itselde.
Skriuwers en polityk, dat komt dus op 'e kop ferkeard. Se moatte fansels wol stimme. Ik ha Jan Jongsma stimd. Ik woe wol dat alle politisy wienen as dizze hurdwurkjende promotor fan 'e Fryske saak. En lanlik kies ik in partij dy't it demokratyske Amearika net yn 'e wei stiet; ik ha leaver de himel as de hel. Pim Fortuyn stim ik net. Net omdat er rassist is, ek net omdat er homo is, mar omdat ik fan miening bin dat in earlike demokratyske politikus út en troch mei de hannen yn 't hier sitte moat en dat is by him net mooglik.
Mar fierders: literatoaren en polityk, it is altyd itselde.
In dwersbongelder út 'e Trynwâlden