Altyd wat!
Tr. Riemersma
Diskriminearje? Asjeblyft!
By ús thús wurdt diskriminearre tusken de sûkerpot en de jiskebak, tusken de goatstien en it húske. Ik hoopje dat dat by jimme ek sa is, oars is it teminsten yn jim húshâlden in goare rotsoai. Wy diskriminearje dus allegear, en gelokkich mar. Stel jo foar dat de brânspuitlju net diskriminearren tusken wetter en besine.
Mar... dêr giet it net om! ropt de antydiskriminaasjeidealist. Ja, dêr giet it al om, diskriminearje betsjut: ûnderskied meitsje.
De ûnnoazele politikus seit: allochtoanen meie net diskriminearre wurde. Mar dat kin ek net. Men kin in persoan, in saak of in foarwerp net diskriminearje, men kin tùsken persoanen, saken en foarwerpen diskriminearje. Yn it politike brykpraat fan 'e Haachske nitwitten hat ‘diskriminearjen’ de betsjutting krigen fan ‘achterstellen’, ‘ferhûddûkjen’. Dat is taalbedjer en dêr soe de deastraf op stean moatte.
Hoe komme se ta dy betsjuttingsfergrieming? In hypoteze: 1. der wurdt konstatearre dat beskate minsken achtersteld wurde; 2. der wurdt konstatearre dat dy achterstelling te meitsjen hat mei in legere wurdearring; 3. der wurdt konstatearre dat dy legere wurdearring it gefolch is fan it oanbringen fan ûnderskied tusken oerienkommende groepen. De ‘oplossing’ fan 'e politisy: lit ús it kwea by de woartel oanpakke troch it meitsjen fan ûnderskied te ferbieden, dan binne wy fan it hele probleem ôf. En dat is baarlike ûnsin. Ik kin myn eagen dochs net twinge om gjin kleurferskil te sjen tusken bleeksketen, negers en readhûden?
Dy ‘oplossing’ is ek misledigjend foar minsken dy't har harsens brûke en har dwaan en litten foar harsels ferantwurdzje. De stappen fan ûnderskied meitsjen nei heger/leger wurdearjen nei foarlûken/achterstellen binne gjin automatismen. Der is gjin twingend ferbân tusken immen leech wurdearje en him min behandelje. Dêr sitte jins ferstân en jins gewisse tusken. It is folslein ynoarder en it is myn goed rjocht om joaden en homo's godfergetten goare smearlappen te finen, mar ik haw tagelyk de plicht om dy lju hoflik te bejegenjen en korrekt te behandeljen. Men moat diskriminearje tusken jins privee-opfettingen en jins publike optreden.
Ik tink de oarsaak fan alle ellinde is de misfetting dat jins hâlden en dragen motivearre wêze moat troch jins ynderlikste gefoelens. As men homo's goarlakken fynt, moat men dat yn 'e bejegening en behandeling merke litte, oars is men net ‘earlik’. Mar nimmen freget yn 'e sosjale ynteraksje ‘earlikheid’ fan ús - wy moatte ús oan 'e regels fan it maatskiplike ferkear hâlde.
It probleem fan it achterstellen/foarlûken is nammers minder simpel as foarsteld wurdt. In swimbaddireksje hat net it rjocht om, mei útsluting fan alle oaren, allinnich herfoarme ynstrukteurs oan te stellen, mar de herfoarme gemeente fan Lollum hat wòl it rjocht om inkeld herfoarme dûmnys te beroppen.
Rigûreuze oplossingen basearre op simplistysk tinken is gjin mins mei holpen.