Leo & Leny Dykstra
It is te gek foar wurden dat no krekt dien wurdt of hat de hear Fortuyn sa'n singelier ynsjoch. Krekt as is hy de iennichste dy't misstannen en achterstannen yn ús lân sinjalearret. Kwatsj! Hy beneamt se allinne sadanich dat in grut arsenaal fan domkoppen ynienen polityk ynteresseare is en manmachtich achter in lyts ploechje politike opportunisten oandraaft. As jonkje frege ik ús heit hoe't dy Hitler it dêr yn Dútslân dochs safier skopt hie en syn andert wie simpel en ûntheisterjend foar de demokrasy: ‘Se hawwe him gewoan keazen.’
Wat ik sels leaver oan de oarder hawwe wolle soe, is it folslein út de hân rinnen fan de wrâldpopulaasje dat ús planeet út 'e foegen skuort. En dêrby de ûnbalâns fan tefolle minsken yn earme lannen, dêr't se gjin takomst hawwe, en te min (jonge) minsken yn rike lannen, dy't dêrom aansen ek gjin takomst mear hawwe. Mar ja, drege problemen fansels mei in te ferwachtsjen ûnFortuynlike ferkiezingsútslach.