Snoarkjen
It geboaren enfant terrible Romario de Sousa Fara is komselden op it trainingsfjild te finen, mar yn it nachtlibben mist er noait. Tsjinstanners swarre mei twa fingers yn 'e loft dat er hiele skoften noflik stie te sliepen. Guon moatte har der sels by de skiedsrjochter oer beklage ha dat syn snoarkjen har konsintraasje fersteurde.
As der noch tsien minuten te spyljen wiene, spilers en trainer him stiif flokten, en de fluitkonserten fan de supporters hast net mear te fernearen wiene, wreau it bedoarne bern him efkes yn de eagen, gappe en passearre trije man. Trije spikerhurde Roemeenske ferdigeners leine as warleaze skildpodden yn 'e dridze te spinpoatsjen. It miskende sjeny skode de bal mei in ferfeeld tikje tsjin it net en men seach him tinken dat it fuotbal foar him eins in te simpel spultsje is. Fanselssprekkend wegere hy de felisitaasjes fan syn trouweleaze ploechmaten.
De Bels Rik Coppens wie yn de jierren fyftich sa'n fantastyske spiler dat allinne al by it oproppen fan syn namme, my no noch in lichte huver troch de lea giet. Altiten as ferslachjouwer Leo Pagano syn namme útspruts, slûpte der yn syn stim in troch eangst en driging kleurd triljen: ‘Coppens!’ en it hiele Nederlânske folk siet ûnder Hollân-België by de radio te rydboskjen. Coppens, dat wie hast synonym mei ‘goal’.
Libbe Rik Coppens foar syn sport? Amper, neffens eachtsjûgen spile er syn bêste wedstriden at se him, sa om 'e middei hinne, mei help fan de Rijkswacht út syn favorite staminee kneppele hiene.