Eelke Lok
It is net goed om it einlings ris te sizzen. Soks is ûnfrysk. Wy litte de tsjerke ommers altyd yn 'e midden, al heart dy dêr al lang net mear. Wy sizze nea wat, wy stúmje leaver. Wy stúmje ús troch de tiid hinne en hiele kffb-boeken fol. Fryske politisy aaie elkoar nei de komma yngreven oer de hjir noch net kealskearde holle. Eins soe 'k dêr wolris wat fan sizze wolle. Mar dat soe ûnfrysk wêze.