Pears
En sa't te ferwachtsjen wie, hawwe benammen de partijen dy't al wer acht jier mei-el-koar ‘Pears’ foarmje, foar de kont krigen. Dat koe slim oars, no't freon en fijân blykber syn nocht fan dy kombinaasje hat. Acht jier oparbeidzjen is binnen de hjoeddeiske omstannichheden lang te neamen, en dy politike metaalwurgens brekt dan, ek sûnder dat der in alternatyf is, op. Wat de lanlike koalysje fer-keard dien of lizze litten hat, kin de lokale bruorren en susters min ferwiten wurde, mar dochs krije dy dat as earsten foar de kiezzen. It is spitich, mar lykas fanâlds binne de gemeentlike ferkiezings op 'e nij ferbûn oan de lanlike prestaasjes. It koe hast net oars, en boppedat hawwe de lanlike kopstikken ek net neilitten om fan út in goed begrepen eigenbelang de lokale bruorren en susters foaral net allinne te litten yn har stribjen om op it plús te kommen.
Dat de gemeentlike ferkiezings foaral lanlike ferkiezings wienen is moai foar it cda en de lokalo's, mar fansels goed sneu foar de pleatslike ôfdielings en politisy fan d66, pvda en vvd. It minne funksjonearjen fan it spoar, de trochgeande ellinde mei de wao, it kwaliteitsferlies yn it ûnderwiis, de ûnfeiligens op strjitte, de problematyk fan de bûtenlanners, of de efterbliuwende medyske soarch koe en kin harren dochs slim oanrekkene wurde. Likemin trouwens as in dinderjende ekonomy, it ynfieren fan de euro of de ynset fan Nederlânske soldaten yn Afghanistan.