Slagge poëzydebút fan Jabik Veenbaas
Syta Palma
Jabik Veenbaas, Metropolis. Omslach ûntwerp en binnenwurk Gert Jan Slagter. Utjouwerij Bornmeer, Ljouwert 2001. 48 siden. € 8,90.
Yn 1979 debutearre Jabik Veenbaas mei twa Hollânsktalige fersen yn Mokumse dichters pleisterplaats. As oersetter hat dizze Fryske Amsterdammer namme makke mei it ferhollânskjen fan wurk fan û.o. Obe Postma, D.A. Tamminga, Trinus Riemersma en T.S. Eliott. Foar it Frysk toaniel sette er inkele stikken oer en skreau er sels ienakters en monologen. Yn 1990 ferskynde syn earste ferhalebondel, Tusken himel en hel. tsien jier letter folge troch De brulloft fan Valentijn. Metropolis is Jabik Veenbaas (1959) syn earste bondel mei Frysktalige fersen
De gedichten yn Metropolis slaan winliken allegearre op de fergonklikens fan it minsklik bestean, men moat jin net ferrifelje litte troch de titels. De bondel bestiet út trije skiften: It hûs (7 fersen), Metropolis en Nachttrein (11 fersen).
It earste fers, ‘De see’, begjint as in dûns, de lichte fokalen (klinkers) uterje bliidskip want:
mei de sleauwe seestjerren de oanfallige anemoanen
By de fjirde strofe giet it mis, ‘hop, hop’, bedjert de boel. It fers kriget wat bernichs, wylst de dichter religieuze sentiminten ynlasket dy't net ta har doel komme.
‘It hûs’ sprekt my wol oan. Op in aparte ma nier wurdt de lêzer gewaar wat him dêr yn dat hûs allegear ôfspile hat. Sa is it hûs efterinoar in famke, in frou, in man, in skou en flechtsjend dier en op it lêst in stikkene stien. It sprankeljende fers ‘Libbensrin fan it rivierlyfke’ soe noch mear sizzenskrêft krije sûnder de yrritearjende herhellings.
By de measte fersen yn dizze bondel komt gjin einrym foar, dat is ek hielendal net needsaaklik, der binne wol oare mooglikheden dy't in tekst ta in gedicht meitsje. Neffens de Frânske dichter Verlaine is muzikaliteit ien fan de essinsjele kwaliteiten fan in fers. En dat slacht no krekt op de fersen fan Jabik Veenbaas. De wurden dûnsje by him fan it papier ôf. It wie dan ek lang net ferkeard en lês syn fersen lûdop, lykas dy earste rigels út ‘Hoe't de wurden de dichter fûnen’: ‘it wie maitiid / de wurden sprongen as jonge dieren / bliid by de dingen op.’
Dat de dichter wolris wat frjemde tinksprongen makket, moat men foarearst mar op 'e keap ta nimme. De lêste strofe fan ‘Ofskie fan it deiljocht’ is wer in foarbyld fan grutte muzikaliteit: ‘ik sil ferlieze / kriezjend ferdwine yn in skiere / iensume kier.’ Men fielt de pine fan it ferlies yn 'e fokalen, wylst de konsonanten (medeklinkers) it libben yn har knieren knarse litte.
By it fers ‘Dûns fan de fjoerfrou’ grypt de dichter wyld yn 'e snaren. Dy fjoerfrou soe de Yndyske fjoergoadinne Agni wêze kinne, de goadinne fan de heechste libbenskrêft. As men har net akseptearret, lykas de man yn it gedicht, dan is men op jinsels oanwiisd, de gefol-