Oanfolling en korreksje
Yn it foarige nûmer ha 'k skreaun dat Piter Terpstra, foar't er mei Utjouwerij Frysk en Frij yn see gong, earst de Friese Pers Boekerij oan west hie foar in werprintinge fan syn Gysbert Japicxtrilogy. Dat hie 'k ferkeard begrepen, docht út in skriftlike reaksje fan Terpstra bliken:
‘Ik haw it plan net foarlein oan de Fryske Pers Boekerij omdat myn ûnderfining is dat it dêr swier keallet. Se moatte hielendal wis wêze fan de subsydzjes en it duorret lang ear't der in beslissing falt. Dat koe yn dit gefal allinnich om de tiid al net lije. Doe't ik Frysk en Frij der oer belle, waard my fuort sein dat it altyd wêze moast. Fjirtjin dagen letter waard dat befêstige. Op de Nijjiersbuorrel waard de ferskining fan it boek yn 2003 oankundige. Even letter is it kontrakt tekene.
‘Ik meitsje gebrûk fan artikel 15d fan it modelkontrakt. De dêryn neamde perioade fan fiif jier is ferrûn en ik mei de oerienkomst beëinigje, om't de oer de lêste jierren oan my betelle auteursrjochten ûnder de hûndert gûne (yn 't jier) bleaun binne. De boeken binne útkommen yn de jierren 1989, 1993 en 1997 (tredde printinge).’
Oant safier Piter Terpstra syn nijsgjirrige oanfolling op myn stikje oer de plannen fan de Fryskeútjouwers. Konklúzje: Frysk en Frij hoecht, oars as de measte kollega's, kenlik net te wachtsjen op it ferpartsjen fan subsydzjejild. De fraach: wêr dogge se it dàn fan? freget noch om in antwurd.
(jpj)