beskreaun hoe't Youpe syn rôvers- en fjochtersaard (dus, hy fegetearret dochs net hielendal) nea út him ferdwynt. Sa ek it earste haadstik, dat oer de memmekat giet dy't yn it wyld libbet. Nuver en tsjinstridich dêroan is - foar my alteast - dat sy in namme krigen hat. Bûntsje. Wa hat har dy namme jûn?
Youpe wol eat dêr't er altyd nei sjen kin. Dat fynt er yn de wytstiennen kat, dy't foar it finster stiet fan in hûs yn Huntington Beach. Om't er de leafde fan in libben bist net mear ûndergean kin? Lykas it baltsje oan in elastykje in substitút is foar de echte jacht?
Stikken oer de kat en oer Piter syn krewearjen wurde ôfwiksele, wat oanjûn wurdt mei ferskillende lettertypen. It kin neffens my net sa wêze dat ek ôfwikseljend út it perspektyf fan ien fan beide wei skreaun wurdt. Oanwizings lykas op side 36 oertsjûgje my dêrfan: ‘Piter miende dat hy wekker wie, mar hy dreamde.’ En yn in stik oer de kat as dy ferdôve is: ‘Piter tilt him op en leit de lea dy't sines net mear is, op 'e krante yn 't plestik koaike.’ (30) Der is ien dy't boppe it ferhaal stiet, dy't alles wit. Mei oare wurden: Itty Sluis makket gebrûk fan in auktoriale fertelynstânsje, in alwittende ferteller, dy't sels wit wat in kat tinkt.
Foar my is ien fan de mankeminten fan it boek dat it werjaan fan dy tinzen fan Youpe op net konsistinte, humorleaze en sabeare-djipsinnige wize bart. Gjin fergelyk mei de man dêr't er nei neamd is. De boarre begrypt wat der mei him te rêden is as er kastrearre is. Hy hat oardielen oer hoe't minsken libje, debitearret wiisheden as ‘grinzen sitte yn koppen, net yn herten’ en freget him ôf wat de tiid is tusken gean en kommen (53). Op dyselde side wit er trouwens sels it antwurd: ‘In pear wiken sitte der tusken gean en kommen...’ Mar hy wit net dat as Piter in nije freondinne hat, syn plak op bêd feroaret, ‘hoewol't er mûskes bringt’. En dy wurde oars wol mei in soad gjalpen op it grintdak smiten. En op in kear fernuveret er him oer de blêden dy't oeral lizze, wylst er dan noch wol bylden fan Skylge hat en de tiid dy't er dêr trochbrocht folle langer lyn is as de foarige hjerst.
Oer Amearika hat er ek in miening: ‘Harren himel is de ûntploffende televyzje; de ierde de supermerk mei fan alles mear, grutter en tsjok. Wêr bliuwt de besieling, wêr leit de oansluting mei de natuer?’ (64)
Dat is hiel wat foar in kat, is 't net sa?
No, dan wit ik wol in ynteressantere boarre yn de Fryske literatuer!
Nei de twadde kear lêzen bleau it gefoel dat der in protte is dêr't ik net achter kom. Bygelyks as buorman Groen dea is, tinkt Youpe: ‘Wêrom? Fannacht tink ik dat ik it begryp.’ (26) Ik begryp de funksje fan dy hiele buorman net, lit stean fan syn dea. En Youpe hat my net wizer makke, ek nei dy nacht net.
De persoan Piter is as baas fan de boarre hiel akseptabel, mar wat him driuwt, wurd ik net gewaar. En hokker betsjutting hat it ûngemak dat hy yn Tailân hat mei in Amerikaansk famke? Dat minsken ek gjin ynfloed hawwe op de dingen dy't har oerkomme?
Neat mar dan ek neat kom ik oer syn gefoelslibben te witten. Dat hoecht meskien ek net, om't it om de kat giet, mar yn sa'n kompakt ferhaal liket it my ta dat alles mei alles te krijen hawwe moat. It bliuwt by losse ynformaasje, dy't foar it basisferhaal gjin betsjutting hat. Ik bin nijsgjirrich nei Piter. Doe't er foar syn ûnderbuorman in cd kocht, woe ik sa graach witte hokker, want de goeie man hie al twatûzen skyfkes, moai rubrisearre te plak set yn in kast. Der wurdt allinnich mar sein dat it in nije útfïering earne fan is. Dat is my te mak-