Trotwaer. Jaargang 34(2002)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 146] [p. 146] Arjan Hut Spoekbyld Nautilus Siel op siel wrakselt út it libben wei Kokhâlzjend slacht it stielen kring de sâlte drank achteroer en spuit in weake stream fan mariniers út de dwile lea Drippendeweis ferstjert it ljocht en de finsternis biedt ferjitnis De Hel yn Akwarel Juster wie der noch in wolkom plak yn alle havens Yn alle havens in waarm liif Noch driuwt it ôfskie op de kaden Ivich drippend yn de takels En de weagen stoarte del op teare kusten De ûnwaarsfûgels skrieme om In offerjefte foar de masters De Hearen fan Azuer Do hiest sjoen hoe't it lân stadich yn de see ferdwûn Ek al wiesto in soan fan it flakke sân Altyd stiesto oan de kant fan de djipten Yn stilte, yn striid en by need geroft En de weagen stoarte yn de wylde himel Lit dyn bonken driuwe yn it Drinkelhôf It tún fan de Hearen fan Azuer [pagina 147] [p. 147] Ha wy kontakt? De frêle man lijerich fan âlderdom waard nei't waskjen werom skood nei syn plakje neist de tillefoan De stazjêre frege (sy moast it leare) ‘Oars noch winsken, bêste man?’ ‘Hokus Pokus!’ spatte er op, ‘I wish I was twenty, Comfortably drunk On a summer afternoon In some strange town Sitting with my back against the wall A fresh pack of cigarettes Drifting on my palm Overlooking the bright, empty street Where we are supposed to meet But maybe, just maybe I will walk away this time, Say girl, Can you handle that?’ ‘No, not yet, noch net Ik bin hjir krekt nij...’ Hy sige del, hymjend in geast taastend nei de hoarn dy't der ôflei. Vorige Volgende