op 'e holle, altiten in fleurich sin. By de foardoar waarden de klompen útckopt, bestellings oant op it oanrjocht ôflevere; in bakje kofje yn 'e achterkeamer wachte.
Altiten hie Meine praat, nijsgjirrich praat, humoristysk praat.
‘Ek wolris wat praat op it kantsje ôf’, woe mem ha. Mar wy laken. Ek dy kears doe't him yn 'e gong in spjelde rjochtop yn 'e foet stiek.
‘Wa hat him dat lapt!’ rôp er. ‘Godallemachtich!’
‘Ha wy sa ryklik mei dy dingen omstruid? Myn suster hat west te naaien’, lei mem út. ‘Nij út âld makke en dan moat der foar de gongsspegel past wurde. Hè, wat aaklik no.’
Meine, hy hearde by ús bernetiid. Wy fûnen him grappich, gesellich, gol.
‘Hy jout himsels nochris wei’, lake mem, want altiten lei der wol in ekstra par, prom of appel op it oanrjocht.
‘Foar de famkes’, wie it dan. Gauëftich skeat er dêrnei yn syn klompen en stuts ôf. En letter, tsjin 'e tiid dat wy ta teenagers útgroeiden, kaam er mei grammofoanplaatsjes fan Catharina Valente oansetten.
De perioade fan ta de hûs útfleane, op oare plakken delstrike, oan it arbeidsproses dielnimme, bruts oan. Meine ferlei syn rûte tuskentiidsk, dat wy ferlearen elkoar út it each.
Mar hoe wol it soms sa bryk. Yn 'e tachtiger jierren sette ik my ta wenjen yn 'e skriuwerswyk fan de stêd. Seach ik dêr oan 'e ein fan Betje Wolff en Aagje Deken in my bekende grientekarre stean, in my betroud figuer omstappen.
‘Meine!’ rôp ik en stapte fan de fyts.
‘Do hjirre?’ sei er.
‘Ja, ik wenje hjirre. Goed mei dy?’
‘Ja bêst’, sei er wylst er in kilo goudrenetten ôfweage. Hy krukke frijwat.
‘Hast wat oan 'e heupe?’
‘De Dútsers hèn,’ wie it antwurd.
O, tocht ik, Dútsers? Hjir wit ik neat fanôf. Soe Meine yn 'e oarloch...
‘Krijst der in klant by,’ sei 'k, ‘mar ryk silst fan my net wurde, myn húshâldinkje is lyts.’
Dat dat wie tenei wer alle tiisdeis en freeds de âld grientekarre yn byld.
Oan hûs komme die er net mear, foar griente moast men nei syn karre. Gesellichheid troef dêre. It wie prate, filosofearje, keapje, laitsje, in protte laitsje dêr. Guon brochten Meine kofje mei koeke, oaren in kop sop. In opsketten famke holp him as er it drok hie.
It kertierke skoft dat er by kunden tusken de middei wol trochbrocht, is him op in kear soer opbrutsen. Unrant naaide mei syn koperen skealjen út. In klant seach it, pakte de dieven by de kraach en brocht it ark werom.