Lanlik nijs ferpleatse
Wy sitte yn syn skitterjende romtelike wenning yn Ter Idzert. Johan van der Zee fertelt oer it lêste programma dêr't er mei dwaande is.
‘It giet oer ferkearskundige Monderman, de betinker fan de minyrotonde, dy't spyt hat fan alle obstakels dy't er yn diken oanlein hat. Ik ha al earder in programma makke oer ferkearsobstakels, yn 1982 en dêr wie Monderman ek by belutsen. Doe waarden drompels en rotondes oeral ferdigene en oanlein.
Tsjintwurdich fynt er, dat je krekt sjen kinne moatte dat je in doarp binnenkomme. Dy link mei it ferline wurdt makke en Monderman wurdt ek filme op in bewennersjûn yn Warten, dêr't er de neidielen fan sokke obstakels útleit, wylst bewenners der gauris wol oan wolle. We sille noch in dei filmje, sjen nei it materiaal, twa dagen monteare, ien dei ôfwurkje en dan is it gebeurd.’
Wêrom no sa'n ûnderwerp yn Van Gewest tot Gewest?
‘Wy ha dit foar de gelegenheid bûn oan it doarp Warten, mar it is fansels in lanlik probleem. Dat is krekt de bedoeling fan it programma, dat je lanlik nijs nei de pleatslike sitaasje ferpleatse.’
Johan van der Zee is yn 1968 oannommen by Van Gewest tot Gewest om de Fryske ûnderwerpen te dwaan. Dêrfoar hie er fjouwer jier by de rono (Regionale Omroep Noord en Oost) wurke.
‘Om de Fryske ûnderwerpen te behanneljen wie it doetiids ferplichte om ek yn de regio te wenjen. Dat jilde foar alle regionale fertsjintwurdigers. Tsjintwurdich is dat wat loslitten, je meie no ek earne oars wenje. Doe't ik by Van Gewest tot Gewest begûn, wie der njonken de fertsjintwurdiger út Fryslân immen yn Grins/Drinte, ien yn Oerisel, ien yn Gelderlân, ien yn Seelân en immen yn Noard-Hollân. Fierders waard in soad mei freelancers wurke. It noarden wie dus goed fertsjintwurdige. Gjin wûnder, want dêr bart in soad dat nijsgjirrich is, benammen yn Fryslân. De ûnderwerpen dy't út Fryslân komme binne hiel dúdlik te werkennen, om't der meast Frysk praten wurdt. Wy ha dêr wol in soad klachten oer hân, út Drinte en Brabân benammen. It wie altyd dúdlik wêr't sa'n programma weikaam.’
Dat stiet no dus yn 'e kiif.