Tegels
Meinou P.
In yntrigearjend berjochtsje yn de Ljouwerter. Samar midden tusken it wrâldskokkende nijs yn. Sokken en broeken út waskmasine ferdwûn, stiet der yn de kop. Hiest it fierder oerslein ast net tocht hiest, hoe kin dat no? Troch de ôffier? Dat do lêst troch. Nee, dieverij! Ut in masine fan in studintewasserette. In man hie op freed de trommel foltroppe mei broeken, sokken, handoeken, pullovers, slips en bh's. Doe't er de sneons weromkaam, wie syn wask fuort en dat wylst men allinnich mar mei in paske yn 'e wasserette komme kin en inkeld de bewenners fan twa studinteflats sa'n tagongspas hawwe.
As fervent detectivelêzer hasto in pear krityske fragen.
Wat wie no krekt fuort, menear de sjoernalist? Want as allinnich de sokken en de broeken ûntbrekke, hast mei in hiel oar soarte fan dief te dwaan as yn it gefal dat de hiele brot stellen is. Do wolst ek witte oft de studint de wask fan syn freondintsje efkes meinommen hie, of dat it syn eigen bh's wienen. Hawwe se wol yn alle waskmasines fan de wasserette sjoen? Binne der tsjûgen dat de masine draaid hat, m.o.w. is de wask smoarch of skjin ynpikt? Is der al in befel útgongen om de huzen troch te sykjen fan alle minsken dy't in tagongspaske hawwe?
En de wichtichste fraach: op hoefolle graden hat de studint de masine eins ynsteld?
In yntrigearjende reklame oan de kant fan de dyk. Babyprodukten te keap. Do bist it boerd al hast foarby as it ta dy trochkringt. Sitst efterstefoaren op 'e fyts. In amerke poep fan memmemolke is goed foar de tún en do wolst no einliks ris dat karke fol mei wille keapje. Knalst tsjin de râne fan it trotwaar en fljochtst oer de kop.
In yntrigearjende warskôging yn in doarp op wei nei Deventer. Blauw Punt Ga terug! Boppe dy tekst stiet in blauwe, rûne stip. Do bist al sa ûnwis, want hast niiskrekt it ûnheil oer dysels ôfroppen.
€ 37,37 hie op it bontsje fan de leadfrij 95 stien en de kassa-mefrou hie sein dat sa'n bedrach hast noait foarkaam en dat it gelok foar dy betsjutte. Krigest opdracht om it dyn hiele libben lang goed te bewarjen. Kul, hiest tocht en doe't sy dy net mear sjen koe hiest it fuortsmiten, wylsto betochtst dat dyn man it dêr net mei iens wêze soe. Hy soe yn itselde gefal it papierke trochslokt hawwe.
Begrypst no neat fan dy warskôging mar bist wol bang dat der aanst wer in blauwe stip komt en datst dan werom moatst. Asto by it folgjende doarp oankomst sjochst him al. Wer mei tekst derûnder. Dat hie no net wer hoegd, tinkst noch. Oars hat dat blauwe ding gjin funksje. Dy stip allinnich moat it no sizze.
Blauw Punt Gas Terug! lêst dan. Stiest sa hurd op 'e rem dat de man dy't achter dy rydt hast boppe op dy sit en dy lilk toeterjend foarby fljocht.
Moraal fan it ferhaal?
Do moatst net allinnich folslein wêze en krekt formulearje ast ynformaasje oerbringe wolst, mar ek goed lêze asto ynformaasje krijst!