| |
| |
| |
mar wat is dichtsjen oars as 't hearren fan
in stap, it lêzen fan in fuotprint yn de nacht
| |
Tiny Mulder: romantysk èn eksperiminteel
Harmen Wind
Tiny Mulder, Bitterswiet. Samle fersen. Mei in ynlieding fan Tineke Steenmeijer-Wielenga. Utjouwerij Frysk en Frij, Ljouwert 2001. 880 siden. € 34.
De ‘grand old lady’ fan de Fryske literatuer waard ferline jier tachtich. Soks kin fansels net ûngemurken foarbygean. De ferskining fan Bitterswiet, in turf fan benei njoggenhûndert siden, kin de herten fan har Fryske lêzerspublyk fannijs ferwaarmje.
Sûnder erch begjin ik dit stik wat âldmoadrich. Ik bin ien fan de bern dy't mei har boartlike ferskes yn 'e kunde kamen yn de fyftiger jierren. Wy binne no sels fyftigers en ús helden Yske Iismuts, Klaas Koekedaai en Piter Pypstâl binne ek moai op jierren sa fier is 't hinne. De ferlieding is dus grut en meitsje in nostalgysk ferhaal. Sa'n tsjokke bondel freget dêr eins ek om. ‘A la recherche du temps perdu...’ Wêr bliuwt de tiid...
Fan dy hâlding moat ik ôf. Benammen om't de ynhouten fan dizze dichteres oars oanlein binne. Mar ek om't wat hjir leit no just gjin ferlerne, mar bewarre tiid is. It wêzen fan skriuwen: fêstlizze, sparje, befrije fan fergean.
| |
1. It wurk
As oangripingspunt brûk ik de ynlieding fan Tineke Steenmeijer-Wielinga om myn opfettings wer te jaan oer tema's en skaaimerken. Myn persoanlik oardiel sil yn dat oersjoch út en troch bliken dwaan, mar ik wol besykje benammen it wurk sprekke te litten. By in sammelbondel dy't de ûntjouwing sa folslein mooglik stal jaan wol, hat it gjin doel en beklamje krityk op ûnderskate gedichten, styl of ferstechniken. Dat is mei de merje nei de raam gean. De dichteres kin der neat mear mei en de lêzers ha der gjin boadskip oan. It giet hjir om in oeuvre dat syn besteansrjocht oantoand hat. Yn syn hiele hear en fear, en mei al syn lek en brek, leit hjir it wurk.
Bitterswiet is as titel keazen. It bekendste gedicht fan Tiny Mulder, út 1960, neffens harsels in ‘autonoom gedicht’ (dat yn syn oersetting fan 1994 spitigernôch in soad oan klankrykdom ferliest). Yn taal docht it tinken oan Gezelle en yn sfear oan Leopold of de jonge Bloem. It stiet yn de tradysje fan de romantyske ‘Sehnsucht’ mei't de minsklike ûnderfining hast mystyk opgiet yn de natoer (rein, wyn). De krêft fan dit fers is it ritme dat de wurden draacht en de beswarrende herhelling. Dêrby soarget de syklyske foarm foar de ûneindigens fan dy beswarring. Dêr komt fansels by dat yn dy titel sawol it lok as it lijen nei foaren komt.
| |
| |
De lading ûnder dizze flagge komt sa oan ien kant yn in útsprutsen romantysk deiljocht te stean, mar oan de oare kant wurdt der ek de eksperimentele kant fan de klankpoëzy, sa't Gezelle, Gorter en Leopold dy tapasten, mei oantsjutten.
| |
2. Fryslân
Steenmeijer begjint mei in typearring fan it dichterskip fan Mulder. Har ynspannings mei it wurd kinne net sûnder de ynspiraasje dy't se ûntlient oan har kristlik leauwe. De dêrop folgjende opsomming fan dissiplines en sjenres dy't se beöefene misstiet neffens my op dat plak. Oan har komôf, oplieding en wurk, thússitewaasje en maatskiplik engaazjemint wurdt rom oandacht jûn. Terjochte, want libben en wurk ha elkoar oantoanber beynfloede. Dat begjint al mei de ferskate wenplakken bûten Fryslân dêr't Tiny Mulder (berne 1921) opgroeide (Dimter, Doetinchem, Gorinchem, Assen en úteinlik Drachten, sûnt 1933). Ek it grifformearde miljeu, de oarloch, de soarch foar en mei ûnderdûkers, har wurk as sjoernaliste by it Friesch Dagblad en de radio, en de reizen nei Ingelân, Denemarken, Kanada en Amearika yn dat ramt, binne aspekten dy't dúdlik ynfloed hân ha op har wurk.
Neffens Steenmeijer kin Tiny Mulder ‘net echt in “bewegingsminske” neamd wurde. Fryslân op himsels, as abstraksje, is ek net in boarne fan ynspiraasje yn har poëzy.’ Ik fyn dat lêste wat dryst sein. Wat betsjut nammers ‘Fryslân as abstraksje’? As ik bygelyks Oh in stêd, ah in lân lês, dan komt dy leafde foar (de ûntjouwing fan) Fryslân (‘Fryslân, kearel op grutte fuotten’) my oer alle boegen temjitte. Net nasjonalistysk, fansels sûnder bloed-en-boaiemromantyk, mar leafde foar de striid fan dit lân en syn bewenners tsjin de oermânskens fan de see. Fierder komt der yndied net folle Fryslânlof foar, mar wat te tinken fan dizze rigels út ‘Greidhoeke’ (side 313):
Wat moat dêr noch oan tadien wurde?
| |
3. Resepsje
It is ek wol nijsgjirrich dat de dichteresse goed foarlêze en resitearje koe. Sels bin ik yn it begjin fan de santiger jierren as jong learaar mear as ien kear mei in tal earsteklassers fan myn skoalle (doe noch it Nassau College op it Hearrenfean) nei Drachten ta west, De Lawei, en alle kearen wiene fersen as ‘De pipermûs út Parregea’, ‘It barchje’ of ‘Dieredei’ fan Tiny Mulder boppeslaggen yn it programma.
Oer har dichtwurk foar folwoeksenen seit Steenmeijer: ‘Hja ûntwikkele har eigen útdrukkingsfoarm yn goed rinnende, sterk assosjative gedichten mei ferrassende bylden fol personifikaasjes en mei gâns eigenskipswurden. Yn de earste bondel Oranje paraplu (1962) is dy eigen foarm al folslein oanwêzich [...].’ It titelgedicht docht yn 'e fierte tinken oan Van Ostayen en is fansels ek beynfloede troch de Fyftigers.
Wat de resepsje oanbelanget, ik fyn har oandacht foar de krityk (Jan Wybenga (‘rûzige opteinens’), Durk van de Ploeg (‘te folle eigenskipswurden’), Eppie Dam (argewaasje oer de
| |
| |
‘wissichheden’), De Jong (‘flinters mei lead oan 'e poaten’) Piter Yedema (‘stinderich’) in bytsje te swier oansetten, mar oer it generaal jout Steenmeijer in hânsum oersjoch dêr't benammen de útwurking fan de bylden, symboalen en de fjouwer haadtema's: it skeppingsproses, de leafde, de oarloch en it leauwe, tige ynformatyf yn binne, rjochte op in breed pu-blyk.
| |
4. It ferstân foarop?
As gearfetting seit Steenmeijer fan Mulder: ‘As gefoelens har oermânsk drigen te wurden, hat hja dy der wer ûnder krigen mei logyske arguminten. It ferstân bleau foarop, ek yn har poëzy.’ En dat lêste ha ik no just net út har wurk helle. Wat Steenmeijer (en oaren) rasjoneel neame, komt my foar as in tsjinwicht dat krekt like gefoelsmjittich is as de emoasje dy't it bedimje moat. Jawis, it hat it lûd fan ‘de kop der foar hâlde’, ‘net seure en stinne’, mar it is in oanhâldend besykjen om de eangst of it ûnk te beswarren mei delbêdzjende taal. De taal fan in tamtearre gefoelsminske. Ik neam fiif foarbylden:
it hûs rûkt nij nei âld gefaar
hy ferve glêd de doarren en kezinen
sjochst wol hoe kreas er ferve hat
Ferve eangst. Se kin him weistopje, kamûflearje, oerraze faaks. Mar weiredenearje? Nee.
dit is noch in dei sûnder oanslaggen
in wisse dei fan hûs beam bist
de fjurren reus dy't ûnder bleate hakken
Tiny Mulder achter har skriuwtafel, febrewaarje 1959. (foto Sjoerd Andringa; argyf flmd)
mei hjitte azem it bist ferdampt
(út: ‘Eangst yn de moarn’, 138)
De eangst heart by it tsjuster, toant syn ferskuorrende driging, alle nachten wer (‘soms is de nacht / in metrostasjon fan de dea’ seit se yn ‘Metro’, 184).
en do betochtst in ûntspand lietsje
| |
| |
se skammen har der rôzich fan
want licht seit men tefolle
dy't gjin wurden wêze wolle
It lok is sa tin as moaie wurden, it wurdt droegen op in lietsje. Mar it wiere fielen, de freze en it beevjen, lit him net ferwurdzje.
‘Wy’ binne bang, yn ieren en sinen, mar ús taak as âlden is om it bern, dat deselde eangst fielt dy't ús benearet, gerêst te stellen.
hoe hiet dy blom fannacht?
hjit tsjin de eachslidden
en hoe libbet dat sûnder?
Wer dy tsjustere driging dy't net te ferdylgjen is, dy't by ûnskiedber by it libben liket te hearren.
Dizze sitaten soe ik maklik oanfolje kinne. Fansels, dêr steane in protte ‘licht-singedichten’ tsjinoer, mar de ûnrêst en de eangst krûpe ûnder alles troch as in feanbrân. Sterker noch, ik kom hast gjin gedicht tsjin dat yn 'e djipte net eat hat fan ferwar tsjin, of eangjen foar, in driging. Ek klaaid yn fleurige boartlikens hâlde de gedichten fan Tiny Mulder har de lea stikken.
Neist de tema's dy't de ynliedster, yn neifolging fan oaren, neamt, soe ik de eangst, bûn oan nacht of tsjuster (en lang net altyd yn kombinaasje mei oarloch), der perfoarst by sette wolle.
Yn dit ferbân fyn ik it typearjend dat Steenmeijer oer it gedicht ‘Adieu’ (126) seit: ‘Lokkich wurde liket in beslút te wêzen.’ Dan ûntgiet har blykber de dûbelde boaiem. De rop ‘adieu fertriet’ (dêr't Mulder it fertriet ek noch mei ferbynt oan God) is hjir, krekt as sa faak, in (fiif kear herhelle) beswarring. It fers eint mei ‘mar as ik dy ris tsjinkom / sil ik dy groetsje’. De ‘ik’ hâldt heechachtsjen foar it fertriet en hat wol yn 'e rekken dat se dêr, hoe grut har wurd ek is, hearrich oan bliuwt.
| |
5. De oarloch
Sa giet it bygelyks yn de fersen oer de oarloch mear om de eangst foar in kommende oarloch as oer tebektinken oan wo ii:
of - nee God net by 't winter -
In hege skoarstien skokt ferwoeden reek.
Is dat? Och, in fabryk fansels.
En dan it stek. Do kinst der samar yn.
(út: ‘In moarn nei Auschwitz’, 312)
| |
| |
kûgels sjitte wer stimmen
It lêste gedicht giet oer de dwaze memmen op Plaza de Mayo yn Buenos Aires. En oeral is de freze fielber, de frede net fertroud, de frijheid kwetsber en it lijen nea foargoed foarby: ‘do kinst der samar yn’.
| |
6. It leauwe
En dan it leauwe. Steenmeijer skriuwt: ‘Tiny Mulder is in kristlik dichteresse, dy't yn tiden fan freugde en yn tiden fan fertriet treast en ynspiraasje fynt yn har leauwe en dat ek uteret yn fersen. Hja draacht wol in boadskip út, mar dat stiet de artistike utering net yn it paad.’
Ik wol in pear kanttekeningen meitsje by twa suggestjes yn dit sitaat: de earste is dat it kristlik leauwe yndied wol in ynspiraasjeboarne is, en dêrmei ek ien fan de tema's, mar oft dêr treast yn fûn wurdt? Ik lês yn wit hoefolle fersen hoe't just ‘de brutsen wrâld’ de boppetoan fiert. It besef dat yn it hjir en no neat doocht en it kwea foar master opslacht. Noasjes ut bibel en godstsjinst komme yn dat ljocht soms sels synysk nei foaren. Yn Oh in sted ah in lân set se de (katolike) tsjerke en godstsjinst yn in dat ljocht: ‘Se sille har lam bidden hawwe’ (265), ‘Yn tsjerken is it martlersbloed te read [...] En God te goud.’ (266) ‘God leit oer board. / No sels in god.’ (298) ensafuorthinne.
Dat betsjut dat it ‘útdragen fan in boadskip’ ek amper oan 'e oarder is. Ik soe earder sizze dat wat meastentiid ferwurde wurdt de twifel oan it Grutte Boadskip, of it missen fan de (tradisjonele) wissichheid fan it leauwe, is. Dat betsjut fansels net dat der gjin ‘religieus besef’ wêze soe, mar dan fral as ûnderfining fan it persoanlik tekoart.
Ik jou in represintatyf blomlêzinkje út de ‘godstsjinstgedichten’, ferdield ûnder de kopkes ‘irony’ en ‘ûnrêst’.
| |
Irony
Yn in grut part fan de gedichten dy't oer tsjerke en leauwe gean, brûkt Mulder it wapen fan de distânsje, de humor, om har te ferdigenjen tsjin ûnrêst en twifel. Dy boartlikens leit har wol, sa't benammen út de bernefersen blykt. Mar it op in licht sin bringen fan de swierte fan it kristlik leauwe, it swiersettige fan de frommens, soarget der faak foar, dat dy nammerste skrinender oan it ljocht komme.
ek fan de moarnskofjebeane
wiest hjir net allinne bleaun
you never can trust a nigger
| |
| |
- likernôch neffens de skrift -
ûndernimmender as himsels
(út: ‘Long hot summer’, 176)
[‘Likernôch’, want Paulus hat it fansels oer ‘útnimmender’.]
sei doomny yn 't lang gebed,
[...] en syn kij efterhûs mar bâlte
en dy bern, stel ik my foar
en de frou mar hearegod mompelje.
Dyn cake hat wolris better west
| |
Unrêst
Yn de measte ‘leauwe-fersen’ oerhearsket de persoanlike twifel en need. Faak is sa'n fers in rop om hâldfêst, of in utering fan ferlittenens. De klam leit op de ûnmacht fan in breklik en stjerlik minske tsjin de oermachten om har hinne. It giet om it kontrast tusken wat se leauwe woI en wat se ûnderfynt.
de bern sette skyldwachten út
op de hoeken fan de nacht
(út': ‘Jûngebedsje’, 120)
(út: ‘De ingel mei it swurd’, 199)
It hear fan de deaden oer
- kind'ren van één Vader;
En dan de rotsjende resten. [...]
dy't ús de pet teboppe giet.
De bûtenkjeld krijt binnendoarren hâld.
Sa'n jûn as dizze kin men 't minst ferneare;
men kreaut mei God om leechten sear en kâld
wylst boppe guozzen kreauwe oer har rûte.
(út: ‘Winter yn Fryslân’, 221)
Yn fersen as ‘Freedzje’ (229) en ‘De kastleinske’ (237) wurde evangeeljeferhalen beskreaun dêr't immen bûten stiet. De ûnderfining: it is der wol, ik wit it wol, mar ik ha der gjin diel oan.
Ik tref lokkigernôch mar in pear ‘boadskipperige’ fromme gedichten oan, bygl. ‘Peaske’ (307) en ‘Oan de jongeren’ (320). Dat binne gelegenheidsfersen óf beswarringsformules (of beide tagelyk). Tsjin de eftergrûn fan boppesteande foarbylden fersterkje se myn konklúzje dat ek it leauwe (krektlyk as de leafde) net ûntkomt oan de ûnrêst en de (eksistinsjele) eangst. Fansels kommen wy yn de ôfdieling Lieten ek noch wol wat ‘evangelisaasjefersen’ tsjin, bygl. ‘Simson’ (630) en ‘Gebed foar de krysttiid’ (633), mar ek dy binne yn de minderheid en dúdlik gelegenheidswurk.
| |
| |
Tiny Mulder mei it earste eksimplaar fan Bitterswiet, 4 maart 2001. (foto lc/Paul Janssen; argyf flmd)
Yn de rige ‘De duvel hat syn dei’, wijd oan Eije Wykstra, de fjouwerfâldige moardner, skriuwt se foarôfgeand oan de ôfsluting (585):
In preek fan klasse soe no moai passe,
fan fuoi, fuoi, fuoi, en leafde sûnder ein
mar ik bin sjonger, net ien fan tonger
gepreek, en boppedat is 't hjoed gjin snein.
It lêste wurd jout se oan Eije sels, yn 'e finzenis (586):
as lytse jonge wie ik Kristus:
lytse Kristus op 'e heawein,
En se lit him einigje mei:
It is de fraach, yn hoefier de dichteresse har yn dy lêste rigel fan dat lêste fers identifisearret mei har haadpersoan.
| |
| |
| |
8. Tiny Mulder en de oaren
Oer it skift Fersen foar bern en bern+ sil ik koart wêze. Dy fersen rinne trochstrings as it spoar en sitte goed yn elkoar, mar komme my, krekt as dy fan har Nederlânske keunstsuster Annie M.G. Schmidt, sa njonkenlytsen wol wat efterhelle foar. Al dy ferhaaltsjes dy't jin kreas yn it rym foarby hippelje - se yllustrearje in tiidrek dat foarby is. Ik moat oan ‘kuierje kuierje straatsje’ en skoalunifoarmkes tinke. Mar tagelyk moat ik dy miening relativearje om't ik wit hoe't ek hjoeddeiske beukerkes en basisskoallebern noch genietsje kinne fan dizze teltsjes yn sjongsume ritmyske taal.
It is opfallend hoe't Mulder en Schmidt mei elkoar oprûnen yn harren publikaasjes fan begjin fyftich ôf. Yn toan en sfear ha se ek in soad gemien en it sil dúdlik wêze dat Mulder, dy't in soad lies, har ynspirearje litten hat troch har Hollânske kollega, sa't dat ek merkber is yn har wurk foar folwoeksenen (neist de neamde dichters û.o. Achterberg en Marsman). Mar, ôfsjoen fan de inkelde kearen dat se sels oanjout in fers fan in oar as foarbyld te nimmen, is der amper sprake fan neifolging, lit stean plagiaat. Tiny Mulder hat in eigen stim, eigen humor en is as dichteresse te grut om op 'e rêch of yn it skaad fan oaren te krûpen.
| |
Skatkeamer
It boek jout noch folle mear: lieten, kabaretteksten, oersettingen, in útwrydske taljochting by de publisearre fersen, in bibliografy, ensfh. Foar my is it wat langer wat mear in skatkiste, of leaver, skatkeamer wurden, dêr't ik mei fernuvering yn om sneup. Ik moetsje in minske, in moai minske, in famke mei in helder en oangripend lûd, yn har laitsjen en yn har skriemen, in famke fan ienentachtich dêr't wy wiis mei wêze meie.
Bitterswiet. In monumint. Romantysk én eksperiminteel. It is oan de iene kant de ynslach fan Tiny Mulder, har kwetsbere striidberens, dy't oansprekt en har foar de lêzer ynnimt. Oan de oare kant is it har taalfeardigens en technyske betûftens dy't har as dichteresse wichtich makket. Se hat, sjoen de nije foarmen dy't se al yn de sechtiger jierren tapaste, betsjutting foar de literêre ûntjouwingen yn Fryslân, en fertsjinnet dêrneist grutte wurdearring om't se safolle bern oanstutsen hat mei har poëtysk fjoer.
|
|